wurdt troch bariton-soli en in korael foar it koar. folle is fan dit biskieden bigjin ek al net to sizzen.
Heger stiet de 6de kantate: ‘Wees gegroet, gij eersteling der dagen’ foar strykorkest, twa fluiten, twa hobo's, twa hoarns, trompet, oargel, koar, chorus puerorum, sopraen-, alt-, tenor- en bassoli. It swiertepunt leit ek hjir yn it vokale. De koralen b.g. binne juwieltsjes fan devote stimming. Ek yn harmoanysk opsicht binne hja tige de moeite wurdich. De koaren binne, alhoewol technysk net altyd like geef, knap fan konsepsje. In bisûndere útwurking hawwe de koardielen dy't kombinearre binne mei it solo-kwartet. Dizze kantate jowt de stimming faken tige goed wer en sil, as er goed útfierd wurdt, sûnder mis yndruk meitsje.
Fan Smilde syn ‘Passio Domini Nostri Jesu Christi secundum Lucam’ haw ik allinnich de pianopartij. Sadwaende is it net mooglik en sprek oer dit wurk in oardiel út, dêrta is it byld to ûnfolslein. Ek fan de 11de kantate ‘In sterke fêsting is ús God’, foar sopraen- en bariton-solo, koar, fluiten, hamboaijen, fioelen, bassen en oargel, in wurk, dêr't it korael in wichtich plak ynnimt en dat ienfâldich fan opset is, haw ik allinne de koarstimmen yn hannen krije kind. Dit vokale diel jowt dan ek to min hâldfêst om der in oardiel op to jaen.
Foar mij lizze noch in pear komposysjes foar mingd koar à cappella. Alderearst soe ik it omtinken freegje wolle foar ‘Hjerst’, in koarwurk mei skoandere kwaliteiten, mar ek hjir en dêr minder goede: Smilde rekkenet wolris hwat to min mei de praktyk: min to treffen yntervallen, minder gelokkige modulaesjes, noch al hwat chromatyske passaezjes sille de útfiering fan dit wurk sachts yn 'e wei stean, al hoe tige it dy ek wurdich is.
Ek Smilde syn ‘Pax Vobiscum’ modulearret noch al hwat en is net frij fan chromatyk. Al is 't net ienfâldich fan trochwurking, dit wurk freget technysk sa folle net. Minder goed útfallen is bij mij Psalm 23. It kin wêze dat in útfiering myn oardiel forsêftsje soe, mar to oardieljen nei it klankbyld leau ik net, dat it risseltaet tafalle sil. Ek al mei troch it net botte soepele rhythme liket it gehiel mij hwat stiif en stroef ta. Smilde syn koarbiwurking fan ‘Ick wil mi gaen vertroosten’, in âld-Nederlânsk liet op wurden fan pater Brugman, âlde wyn