De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 75] [p. 75] Marten Sikkema: De ofreis Nei al 't oerstjûre gounzjen fan 'e kranen En 't jeijen en jûchheijen oer de kaei: In joun mei wûnder rûzjen en geskaei Fan moanneljocht dêr't weagen yn torane. Jinsen oer 't waed, dêr't lytse ljochten slane, Toetet in boat mei dokerich lawaei De kimen oer: syn reis is fier en faei Mar diggelfjûr sil op 'e mêsten baerne. Gjin dreamerstiid mear: stjûge mannen steane Under de havenlampe, fol bitrouwen Praet skipper Sindbad fan syn nije reis. Dan brekke trossen, skrille mieuwen fleane, It liet fan Rimsky floitet troch de touwen... Hwêrom? Hwêrhinne gean wy ûnderweis? Ald tun De joun falt streakjend oer de âlde tunen, De roazebeamkes groeije yn it skaed Ta wûndre drochten út, en sels ús maet De stiennen god riist blinkend út it brune. Strewielguod op; mar och, hy sil net strune Al is er Amor sels: fan leafd' of haet Hat er gjin witten mear; oer 't smelle paed Hinget de moanne koel en frjemd bilune. Soe tear in klavesimbel nou bigjinne Dan lústren wy fan: harder, harderinne En leauden grif net dat ús dream forfleach. Of binn' wy dochs al ieuwen earder berne? De moann' is goud, myn lea, it tún biwenne En Amor pinket him in trien út 't each... Vorige Volgende