De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 76] [p. 76] Kees Meijer: Nebo I Doe gyng troch it tintekamp in dof geroft, De drôve wéklacht fan it Folk yn rouwe. En troch har triennen hawwe hja oanskouwe Nebo's kontour, mânsk tsjin de blauwe loft. Dêr, earne yn dy stiennige lânsdouwe Stiet, digerjend omheech, in lytse kloft, Folget in bûnte stip, dy't nei in skoft Wei wurdt yn 't oard, dêr't de earnen nêsten bouwe. In jierrich man, mar lykwols rjocht fan rêch; Keninklik-steil giet er syn iens'me wei Troch dizze woaste, rotsige kontrei. Hy kliuwt de hurde, keale helling op, Hâldt aloan op de hichten 't fierkjend each: De Godsman stiicht, stiicht ta de heechste top. II De tinzen, dy't doe troch syn holle teagen... It Folk... de Nebo... loft en Himel... God En 't wide, swide panorama, dat Him iepenbiere oan syn forwûndre eagen. Hy murk mar amper, dat de earnen fleagen Deun om syn holle, mei in skreau fan spot. Hy seach allinne mar de ûntseine skat: De geaën, dy't dêr yn 'e lichte weagen. Doe hat syn foet de fêstichheit forlern En 't byld bilytset, sinkt yn djippe dizen. - Stil is de stêf ûntgliden oan syn hân. In Macht - in nea net kende - draecht him en Tilt heger him as ea de earnen rize: De Godsman stiicht, stiicht yn 't Unthjitten Lân. [pagina 77] [p. 77] As ik opdroegen wurd Dit myn skurf omskot giet ienris syn lêste, Syn stilste gong; hja drage op de bier It stomme, stive ta syn djipste rêste... - Is 't nije wike? faeks nei mannich jier? - De dragers sette hoeden del har lêst en Hwat koarts de hûling fan myn wêzen wie Sinkt wei. - Ien seit de toalve Credokêsten En miskien skrieme guon, omdat ik gie... Mar ik bin fier, fier fuort: in Keningsbern Mocht, nei lang swalkjen oer ûnsljochte paden, Syn Heite hearlike Paleis yntsjen. En 'k bûch my, as myn leaven stil en drôf Dêr steane, oer de gouden balustrade En stoarje glimkjend del op 't âlde hôf... Vorige Volgende