De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 78] [p. 78] Sjouk Koopmans: De séman In espel ipen om in stege toer, en dêromhinne, lyk op âlde printen, forfallen en bigroeid, hwat kliene wenten. Bliuwt dat nei alle reizen dan wer oer? Hwat simple wurden tusken dy en my. O, jierren lyn en flechtich as de winen, mar oan 'e âlde, heal-forware blinen gyng doe de wjukslach fan it lok foarby. In espel ipen om... in byld dat nimmer stjert; hwat simple wurden, inkle dimm'ne sibben. Dochs rju genôch om 't hiele lange libben in hâld to finen foar it heukrich hert. Vorige Volgende