forstean. Yn 'e stjûrhutte barnde in ljochtsje en hy seach in man it stjûrrêd yn 'e rounte draeijen. En út 'e pipe wolke de reek de tsjustere ûneinichheit yn.
Nei in ûre gyng der in man nêst him sitten op in oare kiste en se fierden togearre in houterich petear, earst oer de frisse nachtlucht, doe oer de ljochtsjes oan 'e kust. De man tsjutte út: Marken, Edam, Monnikendam, Volendam, Durgerdam en wiisde him in great ljocht plak oan 'e loft yn 't súdwest: Amsterdam. Amsterdam, it bearde Jeen yn 'e earen as waerd der sein: Amerika of: Australië. En hja smookten in sygret Nou bin ik net sa iensum mear, tocht Jeen, ik ha Amsterdam yn 't fezier en ik sit nêst ien dy't mei my prate wol. De man fortelde, hy wie muzikant, gjin strjitmuzikant, bigryp-mygoed, hy spile yn strijkjes yn herbergen rounom, op 'e akkordeon. Mar it artystelibben dat foel ek net ta, it byldke moaijer as 't wie. En hja praetten oer muzyk en bigriepen elkoar mis, doe't de man frege oft Jeen op syn fioele ek ‘slagers’ spile, dat it petear heakke en roun fêst, min as mear sneu. Doe bigoun de man oer froulju, folle sêfter as earst en tige geheimsinnich, as mocht it eins gjin wurden ha. Dêr kin ik einliken alhiel net oer meiprate, sûnder myn grienens to forrieden foar sa'n bitûft man as dizze, tocht Jeen en hy liet de man mar stilwei foarbringe hwat him op syn hert lei, - in frjemd bitiisd forhael dêr't gjin kop of sturt oan to ûntdekken foel sasear en dat him ôfspile yn mear as ien kroech oan Nieuwendijk en Sédyk en dêr't einlings en ton lêsten ek in resjersjeur yn boarger oan to pas kaem dy't in tûk oplichter bliek to wêzen. En ek in echte resjersjeur dy't fan de sabeare raer to fiter naem waerd, by de gatten om ticht, - en dan in sensasjonele autoreis by nacht fan Amsterdam nei Rotterdam en fierderop oer de grins tusken douanen en smokkelders troch nei Antwerpen, alles yn 't selskip fan in nei de tige realistyske en plastyske biskriuwing, ta yn ûnbiskieden ûnderdielen, to oardieljen seldsum skoander
en leidich frouminske, dat it ientoanich libben yn Amsterdam sêd wie en ris hwat oars woe.
Dit is in nuver man, tocht Jeen, in rare swéslaner, en hy hie hommels alle niget oan de man en syn forhael, die fragen en kloarke him út, dat der iderkear nije en iderkear ûnwierskynliker stoarjes op 't aljemint kamen, der wie gjin ried ta