De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 68] [p. 68] Wiger Eysinga: Swalkersliet Nou stean de skeaven op it stoppellân En stûkje warrich by inoar. forgetten. Foarby is 't lok, dat wie, de sinnebrân, Hwant alles is in koart bistean tametten. In skiere, feale loft skout stadich oan En hâldt it lân yn sûmberens bisletten. It jounet - fan it beamt dript monotoan Yn kleare fal it wetter yn 'e fearten. Hwat losse ieren út in ink'le stûke Bûge har op 'e fleagen fan 'e wyn Dy 't as in klacht it keale lân oerlûke. En ik, dy 't oeral drôve tinzen fyn Swalkje wer fierder nei in oare hoeke En kear wer ta ienselde mym'ring yn. Nachtlike tocht Sa fiert myn ienlik paed, bifluorre Mei silverglâns, yn 't smûke nêst Fan in allang binachte buorren: De smidte - ál forlern yn rêst. De finsters wêzenleas en slomjend Weidreamd yn 't wite fan 't kezyn. In teare wyn komt - licht forromjend - Rûzjend de linebeammen yn. En nou - it doarp is lein to sliepen, Omheech de moanne yn folle priel, Teart my in hoeden wûnder iepen. - De nacht is sêft lykas forwiel - [pagina 69] [p. 69] Ik fiel de slaggen fan myn herte Dat, nei in tiid fan sleauwe gong, Opnij in skruten wearlûd mette: In fûgel dy 't syn weitsrop song! Dan falt in inkeld lûd, forreagjend De stilte - út de stompe toer, En 't giet - in lette gongler - weagjend To middernacht de strjitte oer. Forline Ik brocht dy thús; dou mienst' it tige Mei my, fan swalkersdrang fordoarn. Hoe soe dyn ljochte each ek lige, It skôge my sa iepen oan. Ik naem dy, mar hwat my binearde - Dy herteslach - ik wist it net. In wynfleach troch de tûken bearde In neare wémoed ta myn hert. Socht ik de leafde om myselme Of ek om dy? Hoe suver wiest, Fan alle hertstocht ûnbidwelme, Datst jit in teken efterlietst. De hage rissele fan âlde Bitinkings, en de joun wie koel. It herte twong syn langst yn fâlden - De tiid skout fuort; ta hokker doel? Vorige Volgende