De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 65] [p. 65] [Nummer 3] Geart Jonkman: Oansizzing Faem ik siz dy, oer in dei twa-trije sil ek dit wer ta 't forline hearre; dû fynst lyk as ik wol wer in nije, ik haw dit, leau my, faker rippetearre. En sjochst my ûnder palmen sitten oerjown faeks oan dream en wyn, tink net dat it is om to forjitten, wé 't idel hert, dat waermet him oan skyn. Myn lippen sille d' eale wyn wol priuwe, en fine dêrbij grif in reade tsjelk, de sigarette-reek sil oer de glêzen driuwe... En fierder gean 'k it grêf yn, lyk as elk. De sunder Somtiden is er kristen, dan wer heiden, 't is syn bistean, hy kin der neat oan dwaen; hy 's fisk of fleis, mar jimmer ien fan beiden, en dêrom kin ik him in heap forjaen. Hy makket 'im net drok om alle wûnders, mar priuwt se dochs, al stint er net sa dreech; hy is in sûnder, lyk as alle sûnders en God, dy wennet fier en heech. Hy kin de fromme jeuzelders wol sette, al fynt er se bytiden wolris dom; jow him syn pilske mar en syn gazette, Gods wegen binne wûnderlik en krom. [pagina 66] [p. 66] Hy draecht de boarde los en hâldt fan frisse wyn, rint faker yn syn himd, as yn it baitsje; elk sjocht mar frij de skeam'le keamer yn, hy kin der wol om sliepe en om laitsje. Hy hat de sûnde leaf, it is net oars, giet by de sibben en de buorlju oer de tonge; ik mei 'im wol, hy hat in fine noas en dan dêrby, hy kin tominsten sjonge. Resumé (foar Tamme Tysker, mysels en oaren) Ridders sûnder swurden dy't (ta flok of seine?) yn in mannich wurden minskelibbens heine en mei losse sketsen, fan: hoe't hja it sjogge, tinke to forswetsen oaren dy't it dogge. Sa leit dêr it lân dan, neaken en bleat: in wiuwende hân, in glimk... fierder neat. Skouboarch It doek giet iepen en it feale ljocht krûpt oer de bleke sliepen fan de man, dy't sjocht hoe 't it toaniel fan 't presterkoar út Aida spjalt'... [pagina 67] [p. 67] Forlern yn dream sjocht er in twadde wrâld: In glanz'ge Moar op moarm'ren stalt en ljochter, tsjin de seam fan d' âlde Nyl, 't profyl fan Faro's dochter, dy't it kuorke hâldt, mylder by dit lyts fortriet... De wrâldstream lústert en de Memmon-pylder draecht syn liet fier oer de gleone krunen fan de piramiden... En fansiden weagje dunen yn de kop'ren brân; it skerpe sân bistoarmt de ivicheit: de broaz'le hannen fan de sphinx dy't glimkjend swijt oer de forskroeide lannen. Vorige Volgende