De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[binnenkant achterplat]
| |
Heil Hollân!
‘De tocht fan de Sallemander’, in fleurige wettersportroman fan Liuwe Brolsma sil fan 't hjerst of earder al bij U.M. Leopold, de Haech (dy't ek ‘Stoarm oer Fryslân’ útjoech) forskine, tagelyk mei in Hollânske oersetting. Dat der mear Hollânske útjowers binne dy't heil sjogge yn Fryske útjeften docht bliken út de plannen fan útjowerij Kok to Kampen, dy't de útjefte fan inkelde nije boeken fan W. Cuperus bisoargje sil. Bij deselde sille dêrmei forskine Hollânske oersettingen fan ‘De Sûnde fan Haitse Holwerda’ en ‘De Gouden Tried’. Fortaler is de Hollânsk-Fryske auteur G. Mulder. ‘Le plaisir de se voir imprimé’. Dat mei de jonge dichter Aldert Deelstra smeitsje, hwant Kamminga kundiget it forskinen oan fan syn earste bundel ‘Tuorrebouten’. ‘Op koart Front’ fan Anne Wadman, it earste dieltsje fan de Reiddomprige dat samar útforkocht wie, is in twade printinge fan forskynd. Der binne inkelde lytse foroaringen yn oanbrocht, neffens de earste.
| |
Oan hwa de skuld?
Yn it litteraire blêd ‘Ontmoeting’ jowt v.d. S(toep) in opteine skôging oer de Hollânske cersetting fan Schurer syn ‘Simson’, yn 1945 bij ‘De Bezige Bij’ forskynd. Ién great (net-literair) biswier hat er lykwols, nl. dat it sa let útjown is: ‘Dit werk had dus een jaar of misschien wel twee jaar eerder kunnen verschijnen’, suchtet er. Wij Friezen swije, mar... wachtsje al sûnt '43 op ús Fryske útjefte. Oan Fedde Schurer sels sil it net lizze (dy hat nammers mear as hwa ek syn spoaren op it mêd fan 'e illegale poëzij fortsjinne!), mar dat it bistjûr fan de Fryske Bibletheek der net mear faesje efter set hat nei de bifrijing (en dy is al amperoan twa jier lyn!!) jowt jin greate argewaesje. Sleau-wêzen is yn dit stik fan saken skuld, skuld oan Fryslân.
| |
Ald en nij.
D.A. Daamens Uitgeversmaatschappij N.V., de Haech, hat plannen foar in rige monografyen oer moderne Hollânske Skriuwers, ûnder redaksje fan Blijstra, Hoornik en Kamphuis, Tonearsten sille dêryn forskine dieltsjes oer: Theun de Vries, F. Bordewijk, Albert Helman, Maurits Dekker, Antoon Coolen, Willem de Merode, M. Nijhoff en Albert Verwey; dy sille bifetsje: in stúdzje, blomlêzing, brieven, portretten, hânskrift en bibliografy. Foar Fryslân hat van Gorcum to Assen in soartgelikense rige op priemmen, mar dan oer âldere Fryske figuren. In boekje oer Gerben Colmjon (fan de hân fan Ds J.J. Kalma) is forskynd, wylst dieltsjes oer û.o. G.L. van der Zwaag en H.G. van der Veen op kommende wei binne.
| |
‘Stalingrad’.
Fan de Dútske skriuwer Theodor Plivier (bikend is û.o. syn ‘Des Kaisers Kuli's’) dy't yn 1933 nei Ruslân flechte, is by ‘Aufbau Verlag’, Berlyn, in nije roman ‘Stalingrad’ útkaem dy't tige de oandacht lûke sil. De skriuwer, dy't oan Russysche side focht, biskriuwt hjiryn op masterlike wize de ûndergong fan it Dútske leger foar Stalingrad. Wakker itselde ûnderwerp dus as Konstantin Simonov yn syn forneamde ‘Nachten en Dagen fan Stalingrad’, al sil Plivier syn boek uteraerd in oare side biljochtsje. 't Is to hoopjen dat beide boeken gau in Nederlânske oersetting to krijen binne. F.D. |
|