De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 64]
| |
XXII.De lêste doar koe ik gjin kaei foar fine,
'k Stie foar de lêste dize allyk in bline:
As fier geroft hearde ik ús nammen neamen
En dan wie 't stil en út as dead forline.
| |
XXIII.De greate Himel sels, dy't oer ús stiet,
Rôp 'k oan: ‘Is der gjin lampe, dy't ús liedt,
Us, lytse bern, dy't stroffelje yn de nacht?’
‘In blyn bitrouwen’, wie it koart biskied.
| |
XXIV.Ik, dy't de welle fan it libben socht,
Ha d'ierden krûk doe oan de lippen brocht,
En lippe oan lippe hat er lústre: ‘drink,
Hwant ienris dea, sjochst nea wer 't gouden ljocht.’
| |
XXV.De krûk, hwaens flechtich lûd m' yn d'earen trille,
Hat ienris sels grif libbe en makke wille.
En dizze kâlde lippe, dy't ik patte,
Hoe mannich lippen soe 'r jit patsje sille?
|
|