De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[binnenkant achterplat]
| |
Simson.
In barren dêr 't de kranten bigryplikerwize noch net folle oer skriuwe, mar dêr 't dochs fan forskate siden gâns oandacht foar bistitet en nei útsjoen wurdt is de ‘Simson’-opfiering op it Hearrenfean, takomme maityd. Dat wurdt de première fan dit lyrysk drama, dat troch Schurer syn lêzingen al op party plakken bikend wurden is. It sil troch Feanster krêften spile wurde, de skriuwer sels fortolket de haedrol.
| |
Posthume hulde?
Neffens in adferstinsje fan in boekhannel kin men yntekenje op: ‘Yn en om de Koaibosk, berneboek fan de forstoarne skriuwer G. Burgy’. Wij, dy 't tochten dat Burgy foarby en forgetten wie, sjogge nei sa'n birjochtsje al even forheard. Heal Fryslân wist oars, oan hokker kant Burgy yn oarlochstiid stie, mar it bistjûr fan ‘Us Frysk Berneboek’ skynt dat gjin biswier to finen, nou 't de man der dóchs net mear is. Wy nimme oan dat der skreauwend forlet is fan berneboeken, mar hwerom dan b.g. gjin 2e printinge fan ‘Jonges fan Gaesterlân’?
| |
Nije fersebundels.
De Fryske dichtkunst moat it optheden yn headsaek fan de jongste èn de... âldste generaesje ha, sa liket it. Alteast, ôfgeande op de útkame of út to kommen fersebundels komt men ta dy konklúzje. Brandenburgh jowt foar de Fryske Bibletheek de bundel ‘It sil bistean’ fan de grize dichter O. Postma út, ‘De Torenlaan’ bringt ‘Swart en Wyt’, de twade bundel fan de produktive Marten Sikkema op 'e boekemerk.
| |
Jitris: Slauerhoff.
Net allinnich de Tsjerne, ek it Hollânske moanneblêd ‘Proloog’ kaem mei in spesiael Slauerhoffnûmer. Foar Slauerhofflêzers en bibliofilen sil ek dit boekje (û.o. mei jit nea publisearre hânskriften en foto's) syn wearde ha. Mar hoe stiet it eins mei Slauerhoff syn wurk sels? De trije dielen sammele poëzij binne al lang net mear to krijen, allinnich de bundeltsjes ‘Soleares’ en ‘Een eerlijk zeemansgraf’ ha in hoart yn 'e hannel west nei de bifrijing. Soe der gjin forlet wêze fan in goedkeape, folsleine poëzij-útjefte?
| |
Podium.
‘Podium, onafhankelijk tijdschrift voor literaire, cultureele en politieke zaken’ is syn twade legale jiergong yngien, nou ûnder redaksje fan Jaap Mulder, Fokke Sierksma, Anne Wadman en Peter van den Burch. Yn it Novimbernû. skriuwt S(ierksma) n.o.f. it saneamde ‘regionale karakter’ fan it blêd û.o.: ‘Dat in elk nummer van Podium twee Friese Gedichten werden opgenomen was een plicht van hoffelijkheid jegens de in Nederland woonachtige Friese dichters die soms minstens even knappe verzen schrijven als hun Hollandse confraters en dikwijls meer te zeggen hebben. Overigens stellen wij de geuzennaam regionaal op prijs, wanneer deze de boerennuchterheid aanduidt die zich niet laat imponeren door literaire grote monden’. - Dat literair Hollân bijtiden in great wurd hat, wier is 't. Soe it Podium slagje, dêr einlik ris hwat foroaring yn to bringen? Wij hoopje 't mei harren! F.D. |
|