hoff). Yn beide gefallen, en dat is hjir it biskiedende, bihâldt it wurd ‘dichter’ syn folle wearde.
Myn biswier tsjin Terpstra en Wadman is, dat hja sûnder mear ta de devaluaesje fan it wurd ‘dichter’ oergeane, troch, by ôfspraek of spontaen, ûnder ‘folks’ itselde as ‘sabeare’ to forstean. Troch sokke ûnfolksaerdige en ûndichterlike frijmoedichheden giet de tael nei hwat Wadman min of mear dichterlik ‘de fordommenis’ neamt. .In wurd moat in wurd bliuwe. Fansels lizze dizze dingen net yn it absolute; de bitsjutting fan in wurd kin him yn 'e rin fan 'e tiid wizigje of sels omkeard wurde.
Der is safólle mooglik; oanslutende by somlike brûkmen soe men it perspectyf sjen kinne dat ienris op it plak dêr't nou ‘folks’ stiet, it folle ienfâldiger en bigrypliker ‘rot’ komt to stean. Nim my net kwea dat ik yn it ôfswakjen en forwikseljen fan 'e bigripen gjin foarútgong sjoch, my yn it ramt fan 'e relativiteit tonearsten hâld oan it bikende wurd foar it korrespondearjende bigryp, en net mei doch oan in ûntidich en allinne mar forbjusterjend karnaval.
In great diel fan syn bitooch wijt Wadman oan it ûntstriden fan in wêzensforskeel tusken dichter en rimer. In rimer, seit er likernôch, is in dichter yn potinsje, en hy laet dat ôf út de omkearing fan dizze stelling, n.1.: de measte dichters binne as rimers útein set. Mar sa fettet er de saek oan it earslings ein. It merkbitende fan 'e dichter is krekt dat er oer syn rimerstiidrek, as er dat hie, hinne komt; dat fan 'e rimer, dat er rimer bliuwt, de foarûnderstelde potinsje net demonstrearret, en dus, wol men it sa, gjin dichter yn potinsje mar krektoarsom in dichter yn impotinsje is.
De oergong soe, neffens Wadman, sitte yn it each krijen foar problematyk. It wachtsjen is op dy bipaelde ‘aktivearringsskok’, en salang dy der net west hat soe men mar, útgeande fan dizze foarûnderstelde werberte, de dichterstitel provisoarysk oan de rimer útrikke moatte.
Lit ús sizze dat it kritearium hjir krékt lein is, dat de aktivearring ta it problematysk sjen de dichter makket (hwat ik ûntstriid) dan is der noch gjin inkelde reden om de rimer yn dizzen de kar to jaen boppe de skuonmakker, de wever of de monteur. Hwant dizze skok kin like goed of mei mear kâns,