| |
| |
| |
Sjoerd Spanninga:
Lyts Petear
Ik wie by kearsljocht oan it lêzen
Yn âlde bôgen, giel as parkeminten,
Doe gie de Dea bylâns de glêzen,
Lykas in harder út de tinten.
Hy spriek: - It wurdt hast suver simmer,
De iene fielt him leard, in oaren litterair,
Ik tocht, ik gean der joun ris út,
Faeks sit myn freon wol yn de skimer
Op my to wachtsjen foar it rút. -
Ik and're: - Nou, dat is to sizzen,
Jo komme my lilk oer it mat.
Haw ik der ek in wurd tsjinyn to lizzen,
Of dogge Jo de doar meiïens op slot?
Forstean my goed, Jo binn' myn fijân net,
Fan 't libben haw ik neat to hoopjen,
Inkeld by God is heechste Leafde wet,
It is oan minsken hiem mei haet to doopjen.
De iene fielt him leard, in oaren litterair,
Mar och, it hat sa'n bytsje om 'e hakken,
Al ha w' in drokte fan komsa en danich flair,
En blossemje ús fersen út oan tal fan takken.
Nou weak as wetter en dan hurd as stiel,
En gauris ek fan rom en ear' alhiel net fij,
Springe wy 'naris 't bêste yn ús nei de kiel,
Mar boetsje 't ûnderweis, wy pylgers sûnder pij.
Sa haw iksels ek gâns hwat kwea bidreaun,
En al 't forkearde en mislearre, dat ik die,
Fynt men op dizze suterige bledden skreaun,
Ik ha my wuolle yn myn eigen stikeltrie...
Mei party lju 't muzykjen fan de takomst jilde,
Ik bin myn spyltúch kwyt en ha myn ark forlern,
Stiet harren sied as gouden noat to fjilde,
Myn ieren binne geld en boartersguod foar bern.
Ja, ik dy't libje woe as 't rhythme fan de séën,
De wiksling fan de tiden op in djipsten ûndergie,
| |
| |
De rizing fan it lok, de delgong fan de wéën,
Far blynwei yn 't brânning, en hoe nou to rie?
De moaiste faem joech gol har jonge hert oan my,
Har eagen wiene myld as spriedend goadefjûr,
Mar 't Needlot skuorde har wer by my wei,
En fan ús sill'ge leafde bleau de oantins oer.
Der ha wol oaren west, ik sil der net om lige,
Of hâldt yn 't foarjier de natûr de tsjelken ta?
Mar sont ik hár forlear, bin ik in deade twige,
En rinne nije leaten út, hja bloeije nea wer sa.
Soms ha de ealjebijen my har angel liend,
En hwa't my rekke, boarre 'k dy yn it gefoel,
Trochstrings hie ik it sels sa slim net miend,
Mar it fenyn dat friet him fuort as fitrioel.
Dit deiboek is myn tsjûgenis yn spegelskrift,
Dat alles werjowt, hwat ik dien en litten ha,
Mar it gewisse hat in skerp en gloeijend stift,
En 't is wol mooglik, dat ik hwat forgetten ha... -
- Soa, - sei hy noartsk, - dat liket o sa min,
En dan, it manuskript is my hast tsjok genôch... -
- Ja, dat is wier, mar hjir leit ek in tin
Journael, hwer't ik forslach fan 't goede doch... -
Ik stiek him beide ta troch 't iepen raem,
En liet se efkes hifkje op syn bonkerige hân,
Mar doe't hy 't spul wer fan de skealjen naem,
Seach er my spoensk in amerij fansiden oan.
Hy swei in set, dêrom sei ik tsjin skrinkelman:
- Ik merk it al, myn lêste kâns wurdt tige faei,
De kaert dy is forjown, ha'k klear foar it forstân,
Dat kom mar yn 'e hûs, en oars, hjir is de kaei...
Hwant as it heal kin, en it Jo itselde is,
Gun my dan tiid, om alteast dit en dat to soenen,
En skaeit it oardiel lykwols út nei de fordommenis,
Hawar, in kleiliet hoeft men net to poenen. -
- Dyn kop is hast sa hurd as dy fan my, -
Foel er my skamper as in skoattel yn 'e reden.
- Jo soargje wol, dat ik Jou oantlit krij,
As 't ienkear safier is, en bin Jo dan tofreden? -
- De measten skrilje skou foar my tobek.
| |
| |
Hoe komt it, datstou my de keale plasse aeist? -
- De hel haw ik al hawn, mar 'k bin de himel brek,
En dy is men yn dit bistean by Jo moai wis it neist... -
- Mar stel, ik kuijerje werom en freegje: - Giest ek mei? -
Hwat bliuwt der dan op ierde strakjes fan dy oer? -
- Miskien in printeboek, mar dochs, it nimt net wei,
It wie allinnich al foar 't reade kryt to djûr... -
| |
Desperado
Wy saeije mei ús ûnrêst oer de séën as de miuwen,
Gjin inkle haven, dy't in fûgelfaeije bynt.
It skip is goed, mar 't aventûr sit op 'e wiuw en
Aenst forrifelt ús it rif, dêr't alle bros bisit fordwynt.
Lyk as it ljocht, dat troch in ealstien fjurket,
Sa wurket leafde yn it hert: har spyltúch en har ynstremint.
Mar yn in flesse, dy't forsegele oer de weagen toarket.
Sil men har lêste oantins fine: bloed op parkemint.
De touwen steane snarestiif, en Hein dy rint de hounewacht -
Mei fleanend seil by neare nacht.
Oan 't al hwat út de stormen berne, wer yn de stilte burgen is -
It libben en syn miserere,
De dea en de fordommenis.
|
|