De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 11]
| |
J.P. Wiersma:
| |
[pagina 12]
| |
finsterbank to pakken, of ik moat my raer forsinne. Mar hwer haw 'k nou myn kuorren? Ik bin der mei lâns, sjedêr! It hong der swier yn om de steech to finen, dêr 't Ulbe, de fuorman, wenne. As sa njonkenlytsen sylden Nynke en Swobk as oansketten einen, lûd bearend en noedhawwend, de tsjustere gloppe yn en founen op 'e taest de klink fan 'e doar. Swobk staette de boppedoar op en rôp: 't Is tiid om fuort, Ulbe!... Wy binne it, Swobk en Nynke. Yn 'e keamer fan Ulbe-en-dy waerd mei de bedsdoarren smiten. Fuort dêrop hearden hja Yfke har skel lûd. - Hja binne al lang fuort!, rôp hja. In great kertier lyn binne Ulbe en Harm nei de trochreed gien om yn to spannen. - Soa. Nou, wy tochten oars, jimm' soenen jimm' wol wer forsliept ha, oppere Nynke. Ulbe' wiif, Yfke fan Bearde Foek, wie sa wekker as in hazze. Hja strûpte hastich hwat klean oan en kaem jeuzeljendewei by de doar. - Forsliepe, dat komt ús net wer oer, andere hja. Jouns wyn ik de wekker fan de stuoltsjeklok op en dy warskôget bitidernôch. Ik haw altiten wend west, as 'k de wekker hear, dàlik, al is 't yn 'e doljorum wei, de skonken oer 'e bedsplanke to smiten. Mar dêr kin Ulbe him, sa 't liket, net ta biwenne. Hy lit de wekker útraze en dan draeit er him jitris op 'e oare side - nou ja, dan witte jimme it wol. Mar hwat is 't skandalige tsjuster. Jimme meije wol oppasse, dat jimm' net falle, sloven! - Net falle? Ik hàw al twaris lein, de lêste kear op myn beide stuten, bearde Nynke. De buorren is 't mei 't jirappeljen alhiel tobatst en tojage, en de kûlen steane fol wetter. Myn skoart sil der wol wer raer utsjen. Ik moat my fan 'e moarn to Dokkum earst mar hwat ôfhimmelje. - Nou, dan aensens mar gau de fuotten op 'e waerme plaetstove, rette Yfke. Ik haw Ulbe moaije trochbaernde koaltsjes meijown. Hwer sil de reis hinne? - Mei de snikke nei 't Smidshûs, andere Swobk. Wy sille hjoed de Geast en Ikkerwâld hawwe en dan sa oer Dokkum op hûs oan. - Ja, 't is in geswalk alle dagen, andere Nynke en naem de kuorren oan 'e heakken. Mar ús mânlju hawwe ek in | |
[pagina 13]
| |
hûdfol wurk tsjinwurdich, ja, dy moatte noch in òar paedtsje lâns as wy, och heden!.... Jan en Pibe binne tonacht om ien ûre mei heech wetter ôfset. It moat mei wrotten en nachtraven helle wurde. Nou, moarn! Swobk naem har kuorren ek oan 't jok. - Moarn, Yf, sei hja. - Nou, moarn!.... en goede reis, hear, sloven! Yfke wreau har de hannen goed waerm en makke, dat hja efter 'e bedsdoarren kaem. Dat koe hjà dwaen. Hja hie wol in âlde keardel, mar hy wie noch goed foar de breawinning. Doe 't Nynke en Swobk by de herberge op 't Oarein kamen, ried Harm - dy opslûpen jonge fan Ulbe en Yfke - mei de blessen foar de bolderwein de trochreed út. Sa dêrmei waerd de doar fan 'e jachtweide iependien en krigen de fiskersfroulju it skynsel fan 'e marslampe, dêr 't de hospes Ulbe mei útljochte, op harren. Dy stienen dêr, yn rêst, breed út. - Soa, dêr wienen jimm' al? Mei in loftich sin forwolkomme Ulbe syn beide trouwe klanten en taksearre yn in eachopslach de kuorren dy't mèi moasten. Hy tôge ûnder eltse earm in soad lytse pakjes, wylst er boppedat syn iene skonk brûkte om in leech brandewynsfetsje rôljendewize by de wein to krijen. - Al?... al?, foei Nynke moai fits út. Man, wy hawwe ek al by jou wiif west, mar wy fornamen dat de wekker fan 'e moarn rju fortuten dien hat. Né, jo hawwe in baes fan in wiif, Ulbe - al skele jimm' dan oars ek gâns yn jierren... De kastlein fan Peasens moast laeitsje, sjedêr; hy lake, dat syn grou liif der fan skodde. Dat wie nou wer krekt hwat foar dy mûlripe Jan Nutters Nynke, om Ulbe - dy't to Peasens op 'e namme lei dat er moarns min út 'e ein komme koe - mei de fortinking fan forsliepen ûnder 'e noas to kideljen en him ûnderdúms to kapitteljen oer syn twadde boask mei Yfke, doedestiids in skoander frommis fan achtentweintich jier, dêr 't hy, Ulbe, mei syn fiif krúskes op 'e rêch hinne gyng to frijen, en dy't er ridlik gau foargoed by him helle hie yn dy greate holle keamer efter yn 'e gloppe. Doe 't Ulbe it fet ûnder it stuitbankje to plak hie, sei er: - Dat hat wer in mûle as in opskuorde toffel... Minsken!, | |
[pagina 14]
| |
as der to Peasens ien foar jimme yn 'e skrip is, moarns ier en jouns let, dan bin ik dat - of net, tink?... Nou, komme der gjin mear? Dan ynstappe, hwant 't is hege tiid om fuort. De beide froulju sochten in plak efter yn 'e wein, wylst Ulbe de kuorren mei fisk foaryn kwytreitsje koe. Hy gyng mei syn soantsje op 't stuitbankje sitten, krige de leije en de swipe, sloech syn jonge it hynstedek om 'e knibbels, ketske in kearmannich - en dêr gyng 't hinne. De blessen, de brune en de giele, setten moai rimpen ta. - Goede reis!, rôp de kastlein. Der komt al ljocht oan 'e kym. It koe hjoed wol ris in moaije droege dei wurde. De bolderwein ried it doarp út. - It wurdt ek tiid dat wy moai waer krije, sei Ulbe tsjin 'e froulju. Der falt op 't jirappellân suver net to forkearen - 't sleatswetter stiet oeral op 'e foarekers. - Alle waer komt op syn tiid, ornearre Nynke wetelik. Dêr hoege wy minsken gjin noed mei to hawwen. - Nou né, dat is eins ek sa, stimde Ulbe mei. Mar der moat praet bliuwe, oarns net? As ik yn myn affearen net mear oer 't waer tsjantelje mocht, wol, dan soe 'k heul net witte, hwer 't ik it petear mei geande hâlde moast. En.. ne.. praetsjes oer 't waer sille jimm' ek wol ris tsjinstich wêze, soe men sa sizze. - Ei ja fansels wol, moast Nynke ynskikke. Mar wy sûndige minsken hawwe oer it waer neat to kedizen. Allinne mar to freegjen en to bidden. Ulbe sei neat mear; hy biet op 'e tosken. Hy hoartte de blessen yn 'e bek en puonde se mei 't swypsnoer, dat dy, kidelhûdich as se wienen, de earen opstieken en fûl tasetten. De âld bolderkast hutsele oer gatten en kûlen - de skokken gyngen Nynke troch de lea. Swobk sliepte as in roas en hie fan neat binul. Nynke lykwols moast har opinearje. - As it hjir al giet sa 't it giet, dan haw 'k neat gjin noed of wy sille aensens op 'e stedsbalstiennen wol nuver trochinoar hobbele wurde, prottele hja. Ulbe kâldgnyske hwat en sei: - Dy 't reisget moat lytse ûngemakken treast wêze. - Dat si' wy dan sa mar rekkenje, heakke Nynke der | |
[pagina 15]
| |
spitich oan ta. De reizen duorje hwat lang, mar oars soe men jins wurk al sa leaf mar geandefoet ôfdwaen. - Dan mar mei de bilwein, fanke!, lake Ulbe. Mar dat falt ek tsjin, hwant je moatte dan al jins gongen ien lang en twa breed biskonkje. Fuort, âlde!... Dêrmei stûke it petear. Ulbe hie syn draei wol, hwant hy hie dat wiif de mûle snuorre. Mei Nynke wie it slim to roaijen. Har praetsjes kamen suver altyd del op tsjerke en kristlikheit, of it draeide út op skimpskoaten en lekskoaijerij. 't Wie nyskes bigoun mei in stichtlik leske oer it waer, en d' ein hie west in stek ûnder wetter troch op syn wein en riderij. Sa'n trant fan riddenearjen wie dy fine fiskersfroulju fan 'e Oere wakker eigen. Wisse, hy wist moai krekt hwat er oan Jan Nutters Nynke hie. Hja soe it him nea forjaen, dat Yfke om hìm fan tsjerke foroare wie. Doedestiids hie de Oere op 'e kop stien, doe 't Yfke de tsjerke fan '34 farwol sein hie om mei him oer to gean. Yn dy snuorje wie Nynke ris by Beard en Foekje ynstouwen komd en hie Yfke' âlden geweken naem en der fûl op oanstien, dat hja har dochter net úthylkje soenen oan in heiden as Ulbe. Hja hie warskôge: - Witte jimme hwat de bûntkeapman fan Dokkum my sei? ‘Twie geloven op ien kussen, dêr slaapt de duvel tusschen!’... O, hja hienen sa tsjin Yfke stokele. Nynke binammen hie de hân wol tusken bast en beam stekke wollen. Mar Yfke wie ûnder de hoantsen útbret; dy stie har man. En doe 't Yfke' âlders har de wurden fan de bûntkeapman foar 'e skinen smieten, fleach hja sûnder der in wurd oer smoarch to meitsjen de doar út, en dat gyng mei in opstrutsen seil nei Nynke har keet ta. Doe hie it Jan Nuttersfolk in slim set hawn, hwant Yfke wie efter de tafel Nynke ûnder 'e azem kommen en hie it bistien dat gehekste fiskerswiif stil to praten, eat dat gjin domeny of boargemaster slagge wêze soe. En har lêste wurden hienen west: - Dy bûntkeapman hat gelyk, Nynke, hearste dat? Dêrom komt der by uzes ien leauwe op 't holkjessen. Hwant ik gean òer nei de tsjerke dêr 't Ulbe oan biheart! Dy striid wie al lang mei in stiltme bislein. Mei 'er tiid hienen Nynke en Yfke wer omgong meienoar krigen. Swobk, | |
[pagina 16]
| |
dy't in stik jonger wie, hie nea yn dy saek omreard; mar dêrom wist hja dealse goed hwerom Nynke yn Ulbe syn wein sa'n nocht oan nytgjen hie. Fan dy gefolgen mocht hja de jonge fan Ulbe en Yfke, Harm, hielendal net lije. As hja him to reden moast, skynde it net oars to kinnen as mei in snau en in grau. De Peasemer bolderwein ried de buorren fan Nijtsjerk yn. Foar de herberge fan Blom mei de heechoppe, wyt biplastere gevel stie it spul stil. - Wy moatte hjir efkes pleisterje, sei Ulbe tsjin 'e froulju. Harm, rin gau nei domeny de Boer en siz dat ik oer tsien menuten fuortryd. 'k Soe him warskôgje, hienen wy forpraet. Tsjin 'e mânlju, dy't yn 'e jachtweide sieten en by it sjen fan de fuorman risselwaesje meitsje woenen, sei er: - Doch mar efkes tiid, lju. Wy moatte op domeny wachtsje. Hy joech him sa lang del oan in taffeltsje, de swipe tusken de skonken. En doe soarge Blom wol, dat Ulbe in romerfol brandewyn krige. It mocht dan bytiid wêze, sa'n traktaesje wie Ulbe 't gapjen wol wurdich. Hy hie de kop jit net fan 'e romer biten, doe 't de doar opdien waerd en de âlde domeny fan Nijtsjerk de jachtweide ynkaem. - Sa ier op 'e moarn al oan 'e slok, komt dat wol goed, Ulbe? Mei dy wurden naem domeny de fuorman geweken, wylst er it folk glimkjend moarn sei. In antwurd wie 't him sa 't like net om to dwaen, hwant hy kearde him fan 'e fuorman ôf en sette op in boer en dy syn soan ta, dat goekunden fan him wienen. - Goemoarn, Bontjema senior en junior! It bart net jamk, dat it greate ‘Aengium’ by it lytse ‘Nijasjercka’ komt. Goed soun jit? - Moarn, domeny! Bêst ynoarder - domeny ek? Hja fûstken en joegen har sa lang as 't lije koe yn 'e skoarstienherne del. Oan alles wie to merkbiten dat dit freonhâldende lju wienen. Dedde Djurres Bontjema, in eigenerfde boer, dy't by de slieperdyksterwei ûnder Noardterp wenne, èn domeny de Boer wienen omtrint like âld, beide al oer 'e sechstich. De | |
[pagina 17]
| |
Nijtsjerkster domeny wie in bihindige persoan mei in hege rêch en smelle wite hannen. Hy hie eat bysûnders oer him, dat spriek ta eltsenien: it earweardige antlit mei de sêfte grize eagen, dy't sa'n ynlikens útstrielen. Dedde Djurres wie heech fan stal, steil rjocht-op as in spjir en fan útkyk earnstich en risselút; de snor en it boarstelige hier wienen sa wyt as snie. Neist him siet syn soan Djurre, it evenbyld fan de heit. Djurre wie hwat smeller yn 'e skouders, mar hy hie 't selde postuer as syn heit; kleare, blauwe eagen seach er de wrâld mei yn - dêr koenen fonken út spatte, by de soan èn by de heit, hwant de Bontjema's wienen wol ynbânnich, mar net stiif en stjuch - hja hienen in libbene geast en in hert dat lûd joech op alle snaren en nea net lang yn balâns to hâlden wie. It petear tusken de domeny en Bontjema senior wie sa libben as 't mar wêze koe, hwat nimmen nij die dy't wist hoe 't hja yn 'e geast oan inoar bisibbe wienen. Dan wienen der twa dingen dêr't domeny en Dedde Djurres ûrenlang oer petearje koenen, to witten: de âldheitkunde en de Fryske tael. It stie beide partijen dan ek wakker oan, dat hja yn inoars selskip nei Ljouwert reizgje soenen. Domeny wie, sei er, fan doel de Sneonsgearkomste fan it Frysk Genoatskip, dêr 't er lid fan wie, by to wenjen. Bontjema senior fornijde domeny, dat er wer ris nedich nei de stêd ta moast foar alderhanne saken. Hwat Djurre oanbilange, dy wie to Ljouwert noch mar oan 't bigjin fan 'e reis; dy woe Fryslân noch fierder yn. Dat sizzende seach er út 'e eachhoeken nei syn soan, efkes mar, wylst der in glimke oer syn antlit tripke. De eagen fen 'e âlde domeny ljochten op, doe 't er se op Djurre rjochte. Djurres Deddes glimke stil foar him hinne en forrette net hoe 'n drift fan fielingen der yn syn hert polske datoangeande. De Nijtsjerkster sieleharder wie minskekenner genôch om net to klopjen op in doar, dy't in Bontjema ôfskoattele hie. Hy miende der hommels aen fan to hawwen, dat Djurre, dy't yn 'e poarte fan it libben stie - wie 'r al fiifentweintich?, - ré wie him op in nije wei to bijaen, dêr 't de sinne fan it lok de skaden biroun. De kastlein die Ulbe mûskopjenderwize bistellingen; hy seach de fuorman op 'e hannen wylst er se yn 't frachtridersboekje skreau. | |
[pagina 18]
| |
- Tsien poun bêste wite sûker, in pear kistkes segaren fan de bêste soarte, sahwat om de twaentweintich stûren hinne, fiifentweintich kin ek noch, mar net heger as in daelder (jo moatte mar ris sjen). By de moalker stiet in kistke rys foar my klear, en dan moatte jo de likeuren bileaven net forjitte, hear, Ulbe. Ik bin der om forlegen. En fornim ek efkes nei de priis fan de Barcelona-brandewyn. - Moat ik dy ek priuwe...? Ulbe seach mei in komyk tût de jachtweide oer; de biis prike him altiten as der oer drank praet waerd. Hy die 't boekje yn 'e binnenbûse en naem it stealtsje út 'e romer. Oereingeande sei er: - Binne jimm' klear, lju? Dan mar ynstappe. 't Is tiid. De bolderwein rekke sa fol as in aei. Domeny de Boer joech him del foar Nynke oer; neist him kamen de Bontjema's to sitten, wylst in oare persoan - de mounder fan Ropta - neist Swobk to plak rekke. It wie ‘opskikke in bytsje’, hwant der moasten jit fiif reizigers by yn. Foare, tsjin 't stuitbankje oan, wie de fracht opstuolle; Ulbe en syn soan koenen mar skraechwurk de fuotten tusken de kuorren mei fisk kwyt wurde. - Fuort!, kommandearre Ulbe it span. De blessen swaeiden de hoeke om. Dat fjouwerskonke der earst sa mar hwat hinne, mar doe 't hja de buorren út wienen lei Ulbe de swipe der oer. Skielk hienen de gudzen de gong der fiks yn. - Wolste de swipe hawwe, Harm? Hjir mar. Ulbe wist wol hwer 't er syn jonge bliid mei meitsje koe. - Ja, heit, sei Harm forgulde. Ulbe kearde him in heale slach om. Hy siet to brieden oer dat wurd fan domeny, nyskes yn 'e jachtweide, dat stikeltsje oer syn moarnsslok. Nou woe er dat aei kwyt. - Domeny, sa bigoun er, domeny sei dat niis sa fan dat slokjedrinken op 'e iere moarn. Mar ik siz domeny, dat sa'n moarnsslokje streksum is. It is bêst guod tsjin 'e kjeld en 'e wjirmen, en 't sin wurdt der jin krolderich fan.. Boppedat krij 'k it forgees en haw 'k der smaek yn. Hwerom sil men it dan net nimme? Sje sa, dat wie der út. Nou wie Ulbe binijd hwat domeny | |
[pagina 19]
| |
him weromjaen soe. Hy mocht de âldman sa graech praten hearre. As 't der op oan kaem soe hy, Ulbe, wol âlder wêze as domeny, mar hy woe alles wol fan dy goede man oannimme, in leksum likegoed as in plomke. Domeny de Boer hie syn antwurd al klear. - Ulbe, sei er, jo hawwe de jierren om witte to kinnen hwat jo dwaen en litte moatte. As jo der mar net hurder om jeije en de reizigers der net troch yn noed komme to sitten, dan sil ik der gjin kapsje op meitsje. Dy wurden wienen nei Ulbe syn flij. Hy naem it wurd wer op. - Sokke tael mei 'k hearre, sei er. Domeny is in man dy't de ûnderste stien net boppe hawwe wol. Mar by uzes stiet in domeny, dy't fjouwerkant tsjin 't gebrûk fan sterke drank is. Guont fiskers fan 'e Oere hat er okkerdeis to Peasens út 'e herberge reage. De fjildwachter hie him dat oanbrocht. Nou, Nynke? Jan Nutters Nynke hie foar har nommen om gjin sprek mear to sizzen. As der in domeny fan in oare tsjerke (as harres) yn 't selskip siet, hâldde hja de kiezzen op inoar. Mar nou 't dy sleauwe Ulbe har der yn bihelle, - hja fielde dy stek ûnder wetter troch wol: dy smjunt wist fansels dat Jan, har keardel, der ek by west hie!, koe hja de mûle der net ùt hâlde, hoe bihyplik it gefal oars ek wie. Mar slûchslim bleau Nynke dêrom wol. - Us domeny is tsjin misbrûk, en dêryn binne wy it allegearre mei him iens, sei hja koartkriemich en seach yn oarwei. - Dy fjildwachter fan uzes is ek sa'n âld jangat, hy kin net gewurde litte dat der in hin pisset, sei Swobk forachtlik en jage har, mei help fan har reade bûsdoek en in boel bombaerje, de azem troch de noasters. Op dat stuit miende de mounder fan Ropta, dat hy ek syn lûd hearre litte moast. - Ik bin gjin ôfskaffer, sei er; dat is bikend. Dochs mei 'k it min lije, dat de jouns let, ja, sims noch nei midnacht, dronken fiskersfolk op 'e buorren omklongelt, itjinge to Peasens en Moddergat, sa is my trochdien, binammen Sneons it gefal wêze moat. De seden en de deugd krije der, ik kin 't net oars sjen, in knoei fan. | |
[pagina 20]
| |
Dedde Djurres knikte de mounder ta; hy tocht der krekt allyk oer. Hy achte it net nedich, der jit in wurd oan ta to heakjen. Djurre hie gjin bilang by sok praet, alhoewol him net in wurd ûntkaem. En Nynke woe dy hoas perfoarst net langer breide hawwe. - Dêr komt in fordek oan, sei hja. Jo moatte goed úthelje, Ulbe. - Minske, ik wit sels wol hwat ik dwaen moat, sei Ulbe rimpen. Der is gjin sprake fan dat ik úthelje! - Wêz foarsichtich, Ulbe, rette domeny, wol wittende dat Ulbe sims domdryst wêze koe. As beide reauwen nei rjochts útwykje, kinne der gjin ûngelokken fan komme. - Haw mar gjin noed, domeny. Alà, brune, alà giele!... Ik wyk net út - dat moat hy dwaen, en dat dòcht er ek wol, hwant hja binne fan my sa bang as fan fjûr. Sa swetste Ulbe en bleau mei 't reau midden op 'e dyk. En wrychtich, sûnder kantroeren rekken beide reauwen by inoar lâns.... Sa'n man wie Ulbe, as er in hapke hawn hie. To Nijewier rieden hja troch. Op 'e weromreis soe dit it earste pleisterplak wêze. Ulbe seach de romer mei 't reade guod al, dy 't ‘Moeke’ de Jager him tatoaije soe. Op 't lêste ein nei Dokkum kaem it praet op 'e fiskerij. De mounder ornearre, de fiskers hienen gjin minnne hjerst, en dat wie Ulbe mei him iens. Nynke lykwols stiek de earen op. - Net min?, frege hja mei in úthael en seach it omsittend laech oer. As de fiskers it sa rom hienen as de hjitting is, soenen hja harren froulju net omfierrens swalkje litte. - Jimme mês snijt oan beide kanten, lei de mounder tsjin har yn, wylst er mei syn priemskerpe kikers it fiskerswiif yn 'e tût seach. De Belzen keapje jimme roch foar in dûbeltsje it stik, hwat in bûtenwenstich hege priis is; en mei 't jirappeljen fortsjinje jimme mânlju optheden ek noch in goede duit, tinkt my sa. Der wurdt by jimmes in soad fortsjinne. As jimme nou mar noed fan de forgarre stûr steane en 't jild jimme net as wetter troch de hannen rint, dat it fuort is hoenear de iisskossen efter de dyk kruije... Ulbe hie in ynwindigen wille. Hwat koe dy bienbitige mounder fan Ropta snedich it wurd dwaen! Hwat mear hy Nynke yn 'e faksen siet, hwat nofliker Ulbe him fielde. | |
[pagina 21]
| |
- Ei, keardel, hwer hawwe jo it oer!, rôp hja mei har skel lûd. Boeren en mounders fortsjinje grou jild en dat kinne se allegearre oppotte. Mar hwat soenen wy-lju op 'e kant sette kinne? Wy-soarte lizze ommes altyd oan 'e efterste titte! De âlde domeny seach Jan Nutters Nynke op en del oan. Wie dat nou de dochter fan âlde Ype Gerlofs, dy't er sa skoan kend hie? Wis, Ype moast yn syn jonge dagen gâns wylde hierren hawn hawwe; mar âlder wurdend, binammen yn syn widnersteat, hie er him in bistindiger libbenswize oaneigene. Dat Ype him op syn âlde dei jit forslingere oan in fiskerswiif út Moddergat, dat as húshâldster by him tsjinne, hie it geafolk slim forbaesd. Fan dat boask hie Nynke de lette frucht west... Domeny oerlei by him sels, hoe rokkeleas de Natûr somtiden to wurk gyng: de bêste eigenskippen fan de iene âlder yn it bern útfage, en de minne eigenskippen fan de oare âlder sa sichtber yn it bern stalle. Hy naem Nynke yn 'e eagen en sei: - Ik haw jou âlden skoan kend, en 'k moat sizze dat jimme mem en jo as twa drippen wetter op inoar lykje. Jimme heit wie san evenredich persoan, ik mocht him graech lije. 'k Haw mannich pantsjefol kofje by jou âlden opnommen. Mar dat sille jo, tink ik, wol net mear witte. - Och heden, domeny, dat wit ik noch sa skoan, andere Nynke mei in glim om 'e brede múle. Wis, heit wie in bistindich man; mar as feint koe er syn slydtsje der wol by skouwe, haw 'k wol ris heard. Domeny knikte. - As jongfeint, ja!, sei er glimkjend. Witte jo dat jimme heit ien fan de greate mannen fan '95 west hat, ik bidoel yn 't bigjin fan de Frânske tiid? Soa, né? Nou, dan kin ik jo dat wol ris fortelle; jo sille it wol hearre meije... Op 'e trêdde July fan it jier 1795 roun jimme heit mei goudtsjeblommen op 'e hoed to Moarre troch de buorren en rôp: ‘Dit is Oranje Boppe!’... En soks wie strang forbean yn dy tiid; hwat Ype Gerlofs die, dat wie in fortoaning tsjin de Frânsken, tsjin Napoleon - en dêr kaem dalje op. Jimme heit hat der trije wiken foar sitte moatten, op wetter en brea. In fikse keardel, jimme heit! hy doarst foar syn miening stean. 't Wie in man út ekenhout snijd. | |
[pagina 22]
| |
Nynke harke oft der har lij wetter yn 'e earen getten waerd. Hja rekke sels ek op 'e tekst en tekene har âlden mei libbene trekjes. - Heit hat ris in skoftsje siik west; doe birêdde mem de buorkerij allinne. Sterk dat dat minske wie, dêr is gjin foarbyld fan! Dedde Djurres sei mei syn djippe stim: - Ik haw forheljen heard, dat Ype Ruerdtsje yn 't ûngetiidzjen op 'e tilbarte stie en dy hounewacht like goed bitsjinne as de sterkste arbeider. - Sterk, minsken, dêr is in de ein fan wei, forfette Nynke. De nacht dat ik to wrâld komme moast, hie mem de jouns noch molken. En de oare moarns stie se al wer de tsiistsjettel to stoken. Heit woe dat sa net hawwe; hy sei: ‘Fanke, tink om dysels’ - mar ús mem hie al nearne mear lêst fan en birêdde har wurk lyk as hja it wend wie... Fan in wâldreis waerd hja oars noch oars. In frommis fan 't echte murch - dêr moatte je dy kekene froulju fan tsjinwurdich neist sette, dy krimmeneare al yn 't earst fan 'e dagen! Dat forhael brocht in hege wille yn 'e wein. Ulbe formakke him ta de teannen út. Hy lei de swipe oer 'e gudzen en rôp: - Under sà'n forhael bin 'k Dokkum noch noait ynriden. Hoe kin it sa bistean. Ekenhout, minsken, ekenhout! Noch ien ombocht - dêr hienen je de stêd en de balstiennen. dêr't Dokkum forneamd om wie. De reizigers waerden fiks op en del hutsele. By de herberge kaem oan 't lijen in ein. Ulbe sei wylst er mei ien skonk op 'e treeft stie: - Wy binne noch moai op tiid. Goede reis fierder! De stêd waerd wekker en tohavene mei har earste rouwe lûden de wijinge fan 'e moarn. De toersklok liet acht bounzjende slaggen hearre. De winkellju dienen de blinen iepen en seinen inoar goemoarn. In greate, platte wein, ôfladen mei swiere drankfetten, rattele oer 'e balstienen fan de Breedstrjittte. It molktaperke fan Ealsum trape de houten stoepe fan in hearehuzing op en liet de klopper falle. Op 't sljocht floite in jonge, dy't op wei wie nei syn baes ta. De loft wie biroun, mar sa nou en dan kipe it sintsje troch de steatlik oerdriuwende wolken en siedde gril ljocht oer 'e stêd. Domeny de Boer pandere yn 't selskip fan de beide Bontje- | |
[pagina 23]
| |
ma's by de Waech lâns. dizze en jinge groetsjend en acht jaend op alles hwat him bikend wie. - Dy fiskersfroulju fan 'e Oere, dat is dochs in apart slach fan folk, oppere Dedde Djurres. Hja hawwe sokssahwat keardeleftichs oer har. - Apart folk, apart, stimde domeny syn stalke mei. Dy mânlju fan 'e Oere dat binne rûge knapen; hja kinne sûpe en fjochtsje, mar ek bidde en psalmsjonge. 't Binne noch de echte Cockianen - domeny van Velsen fan Droegeham wie destiids har man. Dat nimt net wei, dat ik ûnder harren mear as ien froede, fromme fiskerman ken, dy't fêst stiet yn it leauwe. - Sokken binne der, bifestige Dedde Djurres. In fiskerman as Hindrik Wâtses Dubbinga stiet by my heech op 'e stâl. - Jo neame him. In bysûndere man, forfette domeny. Hy stekt in holle boppe de oaren út. Hindrik Wâtses is net in man lyk as der folle binne: in bulte tsjêf en in bytsje nôt. As hy ienris terske wurdt, sil er in goede kerl jaen. Dat wurd út dy mûle joech stoffe ta oertinking. Swijend trapen hja fierder. De fiskersfroulju wienen in ein foar. By de Syl gyngen de fyfskaften jakken de hichte op. Hja stieken it plein foar 't Riedhús oer, op 'e fleismerk oan. Hommels bleau Swobk stean. - Fij, fanke, hwat hastou in greate winkelheak yn 't skoart, bearde hja. Mei in skok bleau Nynke stean en heakke de kuorren ôf. - In winkelheak?, frege hja kjel en seach mei wolfseagen by har klean del. Ei né dochs!... - Nou, my tinkt ít, andere Swobk. Der kin wol in grou kenyn troch! Nynke sei mei oanboazjende nidigens: - 't Is om to bisauwen! Dy sil 'k grif opdien ha doe 't ik by Jobbe Stiiffankrinten op myn stút foel. Ik mei dy keardel der net mear om lije. Nou, dan moat 'k earst mar nei 't fearhús ta om nudle en tried, hwant it is my net allikefolle hoe 't de Geastmers my fan efteren sjogge. O, dat reizgjen by nacht en ûntiden! - 't Kin noch krekt om 'e tiid, sei Swobk. Dan sil ik in pear eintsjes woarst by de slachter helje. Dan hawwe wy yn 'e snikke in wébyt. | |
[pagina 24]
| |
Wylst hja op 'e fleismerk swabberen kaem der in espeltsje jonges mei in bulte bombaerje út 'e Harnser steech weisetten. Doe 't hja Nynke en Swobk yn 't forsier krigen, rôp ien fan 'e belhammers: - Dêr komt in puthaek met in emmerke an!... Kyk es! Dy wurden biwurken in foech opskuor. Dat dy greatjonges niget seagen oan dy fiskersfroulju, hoegde gjin nij to dwaen. Hwant it peare wol hwat nuver mei dy twa: Nynke wie koart en grou, Swobk great en langliddich, in frommis dy't alle doarren to leech wienen en op alle kasten it stof lizzen sjen koe. Dy apen fan skoaljonges namen Nynke en Swobk yn 'e maling en hjitfolgen har krekt sa lang, dat Swobk de kuorren ôfheakke en fjûr en flam bigoun to spuijen. - Oerkommelingen dy't jimm' binne! Njirrebrod, dat ta neat doocht as om freedsume minsken nei to piuwen. Kom hjir ris aste doarste! Swobk raesde it út, sa troch alles hinne lilk wie hja. - Jou hewwe mij te groate hannen en te groate futen!, rôp de oanfierder fan 'e jonges. Dach, moeke - dach, lieve!... - Kom mei, ju!, gebea Nynke. Lit dat útspuisel fan 'e grenaet yn syn eigen sop gearkoaitsje. Mar de jonges wienen de wille noch net sêd. ‘In goune it bin! - in goune it bin! - Moaije fisk, in goune it bin!’, blaeiden se de fiskersfroulju nei. Dat primitive sprekkoar duorre oant hja yn 'e kajút fan 'e snikke wei waerden.
Op 'e Syl foege Djurre, dy't by de bakker in pûdfol Dokkumer floitsjes koft hie, him by syn selskip. De âlde domeny bleau midden op 't Riedhúsplein stean, seach ris om him hinne en sei: - Altyd as ik hjir bin, is der eat dat bislach op my leit. Dat binne dy âlde gevels út 'e sawntjinde ieu, dat is de koepeltoer fan 't stêdhûs en de pleinromte dêrtusken. It is, tinkt my, de harmonije fan de goede forhâldingen. Op in plak as ditte fielt men, fan hoe 'n suvere geast de ierdske dingen wêze kinne. | |
[pagina 25]
| |
Dedde Djurres knikte en naem ien en oar goed yn him op. Djurre sei, wylst er rouneage: - Itselde, domeny, komt wol ris by my boppe as ik jouns thús kom en ús pleats dêr yn 'e skimer lizzen sjoch. Soe dat ek eat fan harmonije wêze...? - Ja, myn jonge, andere domeny. Dêr is de harmonije ek. Dy fynt men oeral. Ek by ús thús. Djurre seach dat de âldman syn eagen wiet waerden, mar hy die krekt of murk er it net. Doe gyngen hja nei 't skip. |
|