De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 3]
| |
Geart Jonkman:
| |
[pagina 4]
| |
lâns de beide maten by de oerwei. De hannen gean omheech, Cornet ropt hwat, mar 't is net to forstean. Dan sakket Siderius yn 't griene sit en sjocht ris om him ta. Net drok, al in wûnder. Tsjinoer him sit de skrale juffer út de bus. Hja glimket en lûkt sedich de rokken oer de knibbels. Siderius glimket hwat ûnnoazel werom en slút de eagen. In wike rêst en dan nei 't Suderleech. 't Sil tiid wurde dat er nou sels ris hwat fortsjinnet, seis jier lyn ôfstudearre, tagelyk mei Fu en Cornet en nea in slach produktyf wurk dien. Dat sil nou oars! En Ant kin... hawar, dat is dien. De sliepen klopje him. Neat wurdich, sokke feesten. Ynienen tinkt er oan de feesten dy 't Cornet joech, yn syn stúdzjetiid. As Cornet jin útnoege, moast der earst himmele wurde, dat wie sa de wenst. Frjemde stúthaspel, stjonkend ryk, lyk as Fu. Hy wenne yn in âld wenarke. Alle dagen pompe om dea, oars bleau it bokje net driuwen. Help yn de húshâlding, dêr woe Cornet neat fan witte. Twa trije wike alles brûke en as der gjin pântsje mear skjin wie, dan de freonen útnoegje, ûnder bitingst dat hja earst de wenbok mei ynventaris himmelen. Sels siet er rêstich ta to sjen, meast mei in pear âlde sokken om 'e hals spjelde tsjin 't sigen. Hy wie kommunist en syn folk wenne to Aerdenhout. As er thús kaem yn 'e fekânsjes, gyng er stéfêst ien dei mei in kloft arbeidersjonges út Haerlim to riden yn Heite-auto, de bûsen fol sigaren dy 't er ‘en passant’ út heite kiske nommen hie. Voilà Cornet! Op dat lêste feest yn 'e wenarke hiene de maten foar de earste kear stipe fan de oare sekse, Ant. Siderius hie doe hwat rikelik nei it slanke middel en de kante skonken sjoen en rekke jouns forsyld yn in lytse keamer oan de Allee. Hja hie gjin âlden mear, allinne in suster yn Ynje en in âld muoike yn Den Haech. As Siderius alles yn tinzen jitris trochlibbet, al dy ûren, al dy jierren, dan kin er it net forarbeidzje dat nou alles út is. Hja soene fan 't jier boaskje. Doe ynienen forline wike dat briefke: Wy hearre net byelkoar, ik soe dy nea lokkich meitsje. Ut! Hoe koe hja justerjoun yn fredesnamme sa laitsje, krekt oft der neat bard wie. Hwat sei Cornet ek al fan Hordyk, niis. | |
[pagina 5]
| |
Fannijs lôget in razenden jaloerskens yn him op. Sûnt de hjerst fan '44 hat hja al frjemd dien en him pinige oan 't yn 't uterste. En as er yn bline razernije op 't punt stie har to formoardzjen, kroep hja as in jonge kat tsjin him oan en syn woede sakke lyk wetter yn 'e toarstige groun. Sa koe hja soms ûren tsjin him oanlizze. En yn tinzen ûndergiet er jitris de tsjoen fan de op en del weagjende lytse boarsten en de rook fan it koper-reade hier. As er de eagen iepent, lit de skrale juffer fan skrik it boek falle dat op har knibbels rêste. Siderius pakt it op en rikt it har mei in forsearre glimk oer. De juffer is hwat yn 'e war en skarrelt in bûsdoek út har skoudertas. Hwêr binne wy sahwat, freget er, om hwat to sizzen. Maern al foarby, is it antwurd. Moatte jo ek nei Den Haech? Né nei Ljouwert, seit er. It petear stûket. En hy tinkt oan Ant. Wied er mar lyk as Fu, jimmer lykmoedich, frjemd fan alle sentimint. Oars in bêste kearel, dy Fu. Hja hiene gâns hwat bilibbe, mei har fjouweren. Hy, Fu, Cornet en Ant. Allegear foar V.N. arbeide yn de bisettingsjierren. Doe Cornet en hy fan de Gestapo pakt waerden en yn de ‘Koepel’ te Arnhem bilânnen, waerden hja twa dagen letter troch in dútsk ofsier ophelle. Yn de auto siet Fu stil to glimkjen, sa as allinnich in Sjinees glimkje kin. En in healûre letter lei er yn de earmen fan Ant. Forrek, al wer dat frommis, hawar net mear oan tinke. Georg, de dútske ofsier, waerd in fearnsjier letter fusillearre. In moedige keardel, dizze Dútsker, Doctorandus yn de âlde talen, sûnt syn bernejierren yn Grinslân greatbrocht en mei fâlske pompieren as dútske militair arbeidzjend yn de illegaliteit. Doe 't er fallen wie hat Fu de hiele dei net út de keamer west. Dêrnei glimk' er wer, lyk as jimmer. Fu, de lytse soan fan it Himelske Ryk. Bûtenwenstige gasthearen, dy Sjinezen. Doe 't Siderius en Cornet ris by him op bisite west hiene, blykte letter dat hy der in kollege om forsitten hie dat er net misse koe, tomear om 't er fiif wike siik west hie en flak foar in tintamen siet. Hy hie der neat fan sein, wie rêstich by harren sitten gien op | |
[pagina 6]
| |
de ryk bistikke kjessens, prissentearre thé en sigaretten fan in frjemd mark, dy 't syn omke to Lûnden him elke moanne stjûrde. Nachts om ien ûre wienen hja earst opkrast. Allinne rjochting Amsterdam, rjochting Woerden en Amersfoort oerstappe, ropt de conducteur. In pear tellen letter rôllet de trein it skandalesearre stasjon fan Utert binnen. Hy helpt de juffer mei de koffer, winsket goedereis en fordwynt tusken de minsken. Nei in healûre rydt de steamtrein it stasjon út nei Amersfoart. Troch it stikkene finster sjocht er de Trije Gratiën foarby gliden. Sokke skouders hie Ant ek... Dan jowt er him del, lit de holle tsjin it sket rêste, tsjin bedsket soe Pake wol sizze, tinkt er, en bisiket hwat to slomjen. Op reis nei Wike, syn mem; 't âld-minske yn 'e Skrâns sil him neat freegje, hja bigrypt sûnder dat hwat der yn him omgiet. It slomjen lokt net. Blanke skouders en koperread hier en kante skonken ûnder in griis rutens rokje bihinderje soks. Kom, net mear tinke. Lit 'im mar ris hwat sneupe yn dy bondel fan Schurer. Hy siket it bondeltsje út syn tas en bleddet der hwat yn om. Epericoloso sporgersi, forhip, dat is gjin frysk. Hea, hwer stie dat nou? Och dat hat er ommers krekt lêzen op dat buordtsje by de coupé-doar. Kwatrinen,... ‘en lyk in fûgeltsje sa fang ik dy.’ De man kent gjin Ant, dat stiet wol fêst. Hwat stiet dêr?.. ‘de leafde, freon, is noedliker bidriuw.’ Stik, de man wit der neat fan! Nicht hinauslehnen. Bûtenlânske wein, smoarch en skurf. Hy smyt it boekje op de bank tsjinoer him en ûntdekt, dat er it ryk allinne hat. Jitris de eagen tichtknipe. Ne pas pencher en dehors. Dan mar troch 't finster sjen. Den Dolder, gekkenhûs. Is hy ek gek? Riscaldamento à vapore, Dampfheizung, forrek, hwat hat hy dêrmei to meitsjen. Fleanjild, hjir is Georg yn de fûke roun. Chaufage à vapeur. Stik! Razend fljucht er oerein en hinget syn reinjas oer de hatelike wurden. En de trein dindert fierder. É pe ri co lo so, É pe ri co lo so... Hy jowt in treap tsjin it buord, in stik emalje spat der ôf. Kom, mar ris hwat oars út de tas sykje. Vry Nederland, Economisch Nieuws, De Groene, Frysk Lânboublêd, De Tsjerne, Buning. Hy grypt it lêste en slacht de bondel iepen. | |
[pagina 7]
| |
‘Er stonden drie kruisen op Golgotha.’ Mines ek, tinkt er. Hawar, net eamelje om in frommis... Tûzenen binne formoarde en hij kriget meilijen mei himsels om in mislearre leafde. Fierder! ‘Gods molens malen langzaam maar geweldig’. Nou, dêr is er it mei iens. Mària Lécina liep te zwieren.... dizze man hat Ant grif sjoen! Amersfoart. De coupé streamt fol. Hy pakt syn spullen hwat by elkoar. - Is dit twade? Kom frou.... twa stappe wer út. Hark ris-forrek dat is syn namme. Jitris: Wol de hear S. Siderius, op reis fan Wageningen nei Ljouwert, daliks efkes op it tillegraefbureau komme? Hy grypt syn jas en bagage en fljucht it perron op. In pear sekûnden letter stiet er op it bureau en neamt syn namme. Men jowt him in tillegram: Tastân Ant earnstich, Cornet. Unnoazel gappet er nei de wurden op it pompier. Dan bigrypt er dat er werom moat. Twa ûren letter stapt er to Utert wer yn de elektryske trein. 't Is gâns drokker as op 'e hinnereis. Hy moat stean en bliuwt mar yn 'e cabine. Wûnderlik rêstich is er. Jierren hat er om dizze faem yn noed sitten, gek fan jaloerskens, jimmer bang har to forliezen. 't Hie him faek ta fortwifeling brocht en him hindere yn syn stúdzje. En nou, nou 't hja dea is, hwant dat stiet wol fêst, nou fynt er neat oars as in djippe frede yn himsels. It konflikt hat west, de striid is dien. De keatling fan komplikaesjes is brutsen. Hy leave de faem, net om har to winnen, mar út eangst har to forliezen. Mei it hinnegean fan Ant is ek syn eangstme foar forlies fordwoun. Hy bitrapet himsels op floitsjen. Opera semiseria, tinkt er cynysk. Dan bisiket er earne smert to finen; mei wiid-iepen eagen stoarret er nei de ûndergeande sinne en forsearret in trien. Dan sjocht er himsels stean mei bûgde rêch, forbûke fan smert. Hy docht twa tred foarút, de trekken om syn mûle wurde bitter: ‘it wrede needlot’! De noasters trilje. Mar yn syn eagen komt in frjemde hurde glâns: ‘de man dy 't wit hwat er wol en him net delslaen lit fan smert en forlies.’ En hy tinkt: der sit in eabel, in treflik tonielspylder yn my! Dan forliest er himsels alhiel yn it nije spul. Hy is om bar doomny, dokter, notaris en útfynder fan ien | |
[pagina 8]
| |
of oar - ine, dat by ynjeksje de deaden werom ropt ta it libben. Greate koppen yn de deiblêdden, foto's yn de wrâldparse, radiolêzingen, film. Ridderoarders by 't soad. Mar hij bliuwt de sljochte stille wurker fan de wittenskip, freonlik en hwat forstruid. Dan wurdt der in raem op syn libben dien. Hy libbet noch in dei-mannich en stjert. It minskdom is yn lynch-stimming. Hy rint efter syn eigen lyk en hâldt in grêfrede. Yntusken sykje detectives út alle lânnen nei de moardner. En as er fan 't hôf werom komt, is er sels detective. Mei net to leauwen raffinemint en speurderstalint, mei forbjusterjende skerpens bringt er ljocht yn de tsjustere saek en snipt de moardner, in bûtenlânsk arts, dy 't de ûndergong fan it doktersbistean, sa 't er it neamde, keare woe. Hy wurdt ûntbean by de minister fan justysje, dy 't him út namme fan de Keninginne tasprekt en dekorearret. Scotland Yard stjûrt in tillegrafyske lokwinsk. Binnen- en bûtenlânske parse-fotografen kringe foar it gebou om in gaedlik plak. Mar 't is om 'e nocht. De forneamde detective hat it smoar oan alle opskik, fordwynt troch de lytse poarte efter it gebou en rint dan deakalm nei De Witte, slacht twa whiskeys efter de knopen, ropt in taxy en lit him nei 't stasjon bringe, dêr 't er in pear kranten keapet en yn de trein stapt. Krekt as er to Ljouwert útstapt en forachtlik nei de tûzenkoppige smite folk sjocht, dy 't him opwachtet, rydt de trein Ede binnen. Hastich sjocht er om him hinne en as er wit dat nimmen him bistrúnd hat, stapt er glimkjend út. Hwat in kweajonge is er feitlik noch. Yn de bus fielt er 'im lykwols iensum. Hja hat syn libben sa bihearske, de lêste seis jier. Fûleindich wie hja en boppedat misdiedich moai. Ien great riedling. Leaf en sadistysk, ûnbirekkenber. By de bushalte to Wageningen stiet Cornet mei in earnstich antlit. As er op him ta stapt seit er: dea? Cornet knikt en seit dan: Veronal. Hja leit yn de kapelle fan 't sikenhûs. Stadich kuijerje hja nei de Allee. De hospita fan Ant docht iepen. Hja eamelt fan forskrikkelik en sa, mar Cornet freget of hja efkes prate kinne op de | |
[pagina 9]
| |
keamer fan Ant en rint de treppen al op. Swijend rint Siderius efter him oan. De gerdinen binne ticht. Cornet skout se fansiden. Op it boekekaske stiet in foto fan Siderius. Hja geane sitten en digerje it finster út. Twa fammen laitsje skel en triuwe elkoar fan balstjurrichheit fan 't tegelpaed. Lokkige duvels, tinkt Siderius bitter. Cornet hellet in brief út 'e bûse en rikt dy oer. Dit foun de juffer ûnder 't kjessen. Siderius nimt it brief yn syn triljende hannen, snijt it slúfke iepen mei in neilfile en lêst: ‘It hat gjin sin nei in oanhef to sykjen, ik gean. In ûre forlyn haw ik Hordyk fornield. Ik wearzgje fan mysels. Mar lit my net eamelje, ik haw it sa wollen, ik woe flechtsje yn it leed fan in oar. Mar men kin net flechtsje dat wit ik nou. Dû hast my nea bigrepen, dû koest soks net en ik nim it dy net kwea. Dû hast my deapreke mei dyn psychologyske theoriën, dû hiest dyn dichters en dyn boeken. Dû wiste safolle, mar neat fan my. De ienichste man dy 't my bigrypt is Fu. En Fu hâldt fan my sa as allinne in man fan syn karakter fan immen hâlde kin. Mar ik leave dy! Forline hjerst haw ik my oan him forlieze wollen, doe 't ik seach datstû dy sels ûnbirikber makkest. It wie op syn keamer. It wie myn earste flecht. Mar hy biet my ta: dû forjitst Sytse! Lykwols yn syn eagen seach ik leafde en langst. Hy hat my in sigaret jown en glimke, oan 't ik my skamme. Hy negearde mij om mysels, net om dij. Doe haw ik winske fan him hâlde to kinnen. Mar dyn smelle brune kop stie tusken ús. En dit is myn lêste flecht, it is laf, ik wit it. Hawar, net weak wurde, net eamelje, farwol.’ Ant. It is deastil yn de keamer. Minutenlang stoarret Siderius op it pompier, sûnder to lêzen. Dan rikt er Cornet it brief oar, mar dy wegert. Lit ús nei Bennekom gean. De lêste bus is fuort, hja moatte rinne. Siderius bisiket to bigripen. Hy rekket fortize yn de problemen fan de lêste seis jier. Cornet swijt en boartet mei syn skaed oan 't de moanne efter in wolk krûpt. In ûre letter rinne hja troch de Julianaleane. Op Hordyks keamer barnt ljocht. By Fu is alles tsjuster. | |
[pagina 10]
| |
Lit mar, seit Cornet, sjochst him moarn wol. Dan ûntdekt Siderius dat er syn bagage to Wageningen litten hat. Op de keamer fan Cornet klaeije de mannen har swijend út. It divanbêd is smel. En Siderius tinkt oan in oar divanbêd. De nacht is lang. Mar de dei komt as in forlossing út de ivichheit. Om tsien ûre rint er nei it hûs fan Fu. De faem docht iepen. Mynhear Fu sliept noch, seit hja mei in heech lûd; mar hy rint har foarby nei Fu's keamer. Yn de doar bliuwt er stean. Dêr leit de lytse Sjinees oer in kjessen, it blau-swarte hier fan justermoarn is griis. Sêft slút Siderius de doar en rint it hûs út, it giele ljocht yn fan in falske sinne. |
|