[Nummer 1]
By it begjin fan 'e twadde jiergong.
Oan 'e ein fan ús earste jiergong, en steande foar it begin fan de twadde, kinne wy mei tankberens fêststelle dat ús opset net mislearre is. De Tsjerne hat it forroune jier in plak woun yn it Fryske libben; ús tal abonné's, dat boppe de 600 bleau, en de ûnderskate uterings fan meilibjen dy 't wy krigen fan ûnderskate kant, binne dêr om it to tsjûgjen. Net dat it ús foegje soe in heech boarst op to setten: wy witte sels fierstentogoed dat der oan ús wurk wol it ien en oar ûntbrekt. Ek krityk is ús dit jier net sparre; wy kinne ek dêrfoar net oars as erkentlik wêze, hwant meast wie it in wolmienendenien. As wy út dit forroune jier in slotsom lûke meije dan is it wol dizze, dat Fryslân syn litterair tydskrift hâlde wol en dat it it sa goed mooglik sjen wol.
Yn ús eigen krityske biskôgings hawwe wy net mijen west; elk wit hoe needsaeklik dit wie. Wy hoopje dan ek yn de tiid dy 't foar ús leit op 'e selde foet fuort to gean, neffens it bigjinsel ‘Rom hert, kleare kym’, dat elkenien dy 't in goed wurd hat to sizzen yn it litteraire Fryslân royale uteringsromte jowt. Fansels moat de redaksje har it rjocht foarbihâlde jimmer it bettere foargean to litten, en ynstjûrders dy 't ris hwat to lang nei har sin wachtsje moatten hawwe, moatte dêr gjin kwea bidoelen efter sykje; ek fan ús kant binne sûnder mis flaters makke, mar it is ús stribjen it doel fan ús allegearre, de bloei fan 'e Fryske litteratuer, sa goed mooglik to tsjinjen.
Yn de redaksje binne in pear foroaringen kommen. Us redakteur Jan Piebenga moast útreden fan drokke wurksumheden bitankje; wy hâlde him lykwols as meiwurker. Foar him is yn it plak kommen de dichter Marten Sikkema, dy 't wy net mear by ús lêzers hoege yn to lieden. It skriuwerskip fan 'e redaksje, dat oan diz tiid ta by Fedde Schurer birêste, sil mei de nije jiergong troch Marten Sikkema oernommen wurde.
Ien ding bliuwt ús jitte oer; in krêftich birop op ús lêzers en op elk dy 't it ús tydskrift goed mient, om de Tsjerne yn wider rounte bikendheit to jaen en it lêzerstal út to wreidzjen.
Wy moatte op 'e tûzen ta. Sa allinne kin it de utjower