| |
| |
| |
Anne Wadman:
Rimbaud fan Ljouwert
Oantekeningen oer Slauerhoff.
As Raymond Brulez yn forbân mei de forhâlding Slauerhoff-Flaenderen ha wol: ‘De piraat - hij valt schepen aan van alle landaard - zou voor de trekschuit van het Zuidnederlandsch provincialisme geen uitzondering hebben gemaakt’, dan jildt dit namsto sterker ek foar de Fryske bollepream. Mar Brulez forjit ien ding: Slauerhoff wie ek noch hwat oars as de ‘piraat’, hy wie ek noch in boargerman, dy 't neat forheftiger bigearde as in pear waerme sloffen en in eigen hurd, lyk as er himsels ris ûntfalle liet tsjin van Duinkerken. Under dizze beide aspekten moatte wy ek syn forhâlding ta Fryslân sjen, it lân fan syn berte en syn jonkheit. De man dy 't ‘in Nederland niet leven’ koe, hat it ek yn Fryslân net kind. Lykwols koed er Fryslân ek net fan him ôfsette en is der hwat fan Fryslân oan him klibjen bleaun. Hy fielde him (mei it dan wêze ryklik paradoxael) oan it Fryslân fan syn jonkheit forboun. Slauerhoff tocht mear yn lânskippen as yn minsken. Unbiwust sil er sa ek de abstraksje Fryslân skaet ha yn syn konkrete komposita: it Fryske folk en it Fryske lânskipsbyld. It earste hat er mei alle soarten fan ûnforskilligens biflapt ûnder syn ôfkear fan it ‘Holland op zijn smalst’, al moat er djip yn himsels in forhoalen ûntsach hawn ha foar it ‘verstikken van tederheden’, dat neffens him mei de binypte Fryske folksaerd mank gyng. Yn Fryslân koed er net libje, mar in stik fan Fryslân tôge 'r de wrâld oer, yn de foarm fan jeugdoantinkens dy 't er nea en toninter kwytreitsje soe. Hendrik de Vries, sels ien út it Noarden, seit yn Groot-Nederland fan him: ‘Vaak heb ik het gevoel, alsof, ondanks alle cosmopolitisme, iets van de vochtige weemoed van Friesland in zijn verzen blijft zweven.’ Fryslân hat de dichter al syn libben
lang hjitfolge as in ûnûntwynber jeugdkomplex dêr 't er mei himsels net rjocht oer yn 't lyk komme koe. It hie eat fan fijannigens, as moast hy de swipe fan syn sarkasmen der oer lizze, en tagelyk eat fortrouds, as koed er der mei
| |
| |
ynmoed syn lêste stealen leafde oan slite. In minder chaotyske geast lyk as Du Perron, mear in man fan konsekwinte ôfrekkeningen, hat syn Yndysk forline systematysk fan him ôfskriuwe kind, - by Slauerhoff bart dat yn brokstikken en losse poëtyske flodders. Ut it feit dat er fan doel west hat om in gedicht ‘In Leeuwarden’ to skriuwen, meije wy oannimme dat hy, de ‘Rimbaud van Leeuwarden’ lyk as er by syn freonen graech hjitte mocht, him der klearrichheit oer dichtsje wold hat. Mar it is him net wurden, it fers is yn syn neilittenskip alteast net werfoun.
De Fryske reminescinsjes hearre ta it weakste diel fan syn wurk, en dochs ek wer hurd troch de forbittering en forbitenens dy 't der troch rinne. Fryslân, dat is foar Slauerhoff: it tryste, fan rein biswypke en trochweakke, skrouske, flakke en feale lân, dat oansluting fynt by de ‘larmoyante’ kant fan syn libben. It lân fan it ‘grijsgroen, melkwit, waterblauw’ dêr 't hy sa proklamatysk syn eigen kleuren foar oer stelde: ‘hardgeel, bloedrood.’ To nijsgjirriger is it hwat er der fuort op folgje lit, lit it dan wêze ûnder foarbihâld dat er spitigernôch net mear yn wurden stal jaen kind hat: ‘Alleen voor Friesland heb ik nog een zwak.’ Ja, kin men sizze, mar it is dan ek in ‘swak’, d.w.s. in yn 't each fallende ynkonsekwinsje, dêr 't er him tagelyk foar skamme min of mear en dêr 't fierder ek al net folle mear oan of ta to forklearjen is; men nimt it as ynkonsekwinsje, en Slauerhoff is der jin to leaver om, of men nimt it net en men wit jin mei dizze feguer gjin rie, en hat by einsluten gjin rjocht mear op him. Yn alle gefallen docht men forkeard mei Fryslân yn it libben fan dizze Jan Jacob Slauerhoff to sjen as in lêste festing dêr 't er wurch fan alles en mei al it oare yn 't lyk syn rêdding op steld hie. Hy socht hwat yn lêste ynstânsje elk dichter siket: it lok. En hy wist dat er dat yn Fryslân likemin fine soe as hwersanne oars op 'e wrâld. Faeks frege 'r him net ienris ôf oft syn konsepsje fan it lok wol reëel en konkreet genôch wie om forwachtingen towekker to meitsjen. Feguren as hy moatte wol sterk it fielen ha dat it lok mear efter harren oanrint as hja efter it lok. Sa wie 't leau'k ek yn syn forhâlding ta Fryslân. Hwant Fryslân kriget yn syn dichterskip it oansicht fan in forlern gelok dat hìm efternei rydt en dat
sadwaende nea takomstdream wurde
| |
| |
kin. Fryslân, dat is foar Slauerhoff it forlern gelok fan syn jonkheit, net gelok omt er sa ‘lokkich’ wie yn de wenstige bitsjutting fan it wurd (‘'t Ouderlijk huis was soms zoo duf en stug’), mar ienfâldich omt it syn jonkheit wie, neat mear, neat minder. Fryslân, it lân fan rein en wiette en mist, it is suver allinnich ûnder dit aspekt dat it lân fan syn komôf yn syn fersen forskynt:
‘Zij woont in 't afgelegen, mistig land’ (De Terugkeer, I, 175).
‘Het regende in den avond zacht en tergend.
Overgebleven bloesems bezwijmden’ (Landelijke Liefde, I, 173).
Zich op 't stadje uit te storten,
Uit den treure gespeeld’ (Provinciale, I, 93).
‘Ik weet het: een Zondag als deze,
Gewekt in weemoed van wind door regen,
Weet zij naar geluk geen wegen,
En zit aan een raam te lezen
Den vroegen morgen’ (Pastorale, I, 94).
‘Morgenwind verkilt den warmen nacht:
Zij huivert, blootgewoeld, door losse haren
Niet toegedekt. Voor 't bed in witte vacht
Liggen een paar natte groene blaren’ (Gouvernante, I, 98).
Trok de storm, in onophoudelijk stroomen
Sloeg het leger van de regen neer.
't Licht heeft afscheid van het land genomen
In een vale bui en keert niet weer.
Men denkt soms aan een warm zuidelijk meer
Waar 't geluk woont, maar kan niet ontkomen.’ (Herdenken, III, 176).
‘Bij 't zien van de vochtige droefheid van 't land,
Bij 't voelen van 't doffe leed in mijn hart,
Denk ik hoe deze beide zijn verwant
Ik zie het regenen op het verre,
Ik voel in mijn oogen de tranen.’ (neilitten fragmint, III, 275).
Syn eigen sentimentele kant (‘'t doffe leed in mijn hart’) fynt in folsleine gearraning mei de ‘vochtige droefheid’ fan it lân fan syn jonkheit. Ynderlik wêzen en uterlik décor binne organysk gearweefd.
As Fryslân yn syn fers al net fan wietens trochweakke is, dan is it dochs altyd noch it lân fan de hjerst, fan towaeide strûken en fortoarke blêdden om in doarpstsjerkhôf op 'e flakte, de wurge wémoed fan it forgiene, om de forlerne leafde,
| |
| |
it forlern gelok, om dat hwat net werkomme sil. Sa yn dat nei Verlaine syn ‘Après trois ans’ biynfloede ‘Na jaren’ (I, 170):
‘Het stille van den hof en het grijsblonde
Van zon laatglanzend door beslagen glas’,
en yn ‘De Terugkeer’ (I, 175):
‘Zelfs op het kleine kerkhof zat zij graag,
Er stond een bank onder het schrale loover,
Achter een schrompelende wilgenhaag
Bijna vergeten door den zomer’,
en yn ‘Avond’ (II, 212):
‘De blaren fluisteren met moede winden.
Moe van de geuren die zij moeten dragen
Van graven oud en rozen uitgebloeid,
Weemoedig vlagend door verwarde hagen
En 't armlijk loof dat om de zerken groeit.’
Hjerst en rein, wiette en forgonklikens binne de iderkear wer opkommende eleminten yn dizze poëzij. Sels yn de Sjineeske gedichten út ‘Yoeng Poe Tsjoeng’ (II) slút it natûrbyld mei syn ‘herbstlich’ aksint soms, yn machtiger proporsjes, oan by it Fryske:
‘De herfstwind wringt de meegaande blaren,
Nachtlijke regen dreunt in den begroeiden vijver.’
Eigenaerdich is yn dit forbân de skiednis fan it fers ‘Herfst’ út de bondel ‘Oost-Azië’ (II). Yn earsten is dit fers as ‘De laatste herfst’ skreaun tusken 1918 en '21, yn' e studintejierren dus. Van Wessem wiist der yn syn Slauerhoff-biografy op hoe 't dit gedicht yn syn earste versy mei de lettere reisyndrukken neat to meitsjen hie, mar ynspirearre wie op 'e dagen op it Fryske plattelân tabrocht. Letter hat de dichter, de trije einrigels weilittend, dy 't nei 't skynt al to lokael wiene en net yn it ramt ‘Oost-Azië’ to biflappen, dizze hjerstympresje sûnder mear fan Fryslân op East-Azië oerskeakele. It Frysk lânskipsbyld moat wol djip en biskiedend yn syn wêzen ynfretten hawwe, as er der oan 'e oare kant fan 'e wrâld noch net los fan komme koe. Fryslân efterfolge him ont yn 'e fierste kimen. Yn in fers ‘Rimboe’ út ‘Een eerlijk zeemansgraf’ komt Fryslân him yn 'e dream oer 't mat, en wy meije oannimme mear as allinnich by wize fan sinyske grap:
‘Als hoofd van een kolonie van melaatschen
Heb ik een zwarte nymf tot vrouw genomen,
Loop haast niet meer, maar rijd soms in mijn droomen
Veerkrachtig met een Friesche faem op schaatsen.’ (III, 67).
| |
| |
Mar hiel inkeld wurdt de winsk nei in weromkear nei en in fortroulike oerjefte oan dat forline útsprutsen, sa yn ‘Zeemans Herfstlied’, mar it bisef fan de ûnmûglikheit is yn it fers sels al jown:
‘Had ik nu een needrige hoeve
En kinderen spelende buiten,
Om aan de beregende ruiten
Gedachteloos gelukkig te toeven.’ (III, 66).
It sterkst komt dat finen fan de bifrediging nòch thús noch omfierrens út yn ien fan de Spaenske fersen út de bondel ‘Soleares’: ‘Fernando de Noronha’:
‘Nooit heb ik de nevelen van het Noorden -
Die winters dempen weiden, slooten dicht,
Waarin wanhopige boeren zich vermoorden,
Door Godsdienst en Geweten streng gericht -
Bevroed dat er een land van zonneschijn,
Waar ook de dorste rots bloei moet ontvangen,
Zo godvergeten desolaat kon zijn
Dat het naar 't land der wolken doet verlangen.’ (III, 84).
It is út al dizze fersen dúdlik: Slauerhoff hat Fryslân preaun en koe de smaek net wer kwytwurde. De dichter fan it machtige ‘Dsjengis’, fan de foarhistoaryske forbyldingen út ‘Eldorado’, fan de sterk byldzjende en barokke séfersen út ‘Een eerlijk Zeemansgraf’, fan de perverse en sinyske evokaesjes út it Frânske Louis XV-tiidrek, kin men net lossjen fan de dichter fan dizze teare jeugdleafde dy 't yn de Fryske lânsdouwe sa 'n mankelyk décor fine koe.
Party fan dizze fersen (‘Landelijke Liefde’, ‘Pastorale’, ‘De Gouvernante’ ensafh.) binne ûntstien út 'e oantinkens oan de Joarwerter pastorij en de domenyshúshâlding dêr 't er, as H.B.S.-er al en ek letter, yn 'e fakânsjes faek en folle tahâldde. Dêr foun hy in frijfochten formidden dat ek op syn artystyk tige ûntfanklike geast greate ynfloed hawn hat. Hy koe de wide klaei-lannen (‘Het lage land ligt tot den einder kaal’), mar ek it wetterlân:
‘Kinderlijk kon je genieten
Van den glans van de lucht op het meer,
Van het windgekreun in de rieten,
Van den dobber die wiegt op en neer.’
(In Memoriam Patris, III, 292).
en de wide skrouske feankriten (‘De wolken hingen dicht en laag, het regende dag en nacht, na een dag was het land
| |
| |
weer even vochtig en drassig als altijd en even leeg. Het was bijna uitgeveend en de bebouwing nog niet ver gevorderd.’ - ‘Waar de levensvreugde vandaan komt’, IV, 286).
Hwat him yn dit wémoedich-binearjende lân it meast yn it moed taest binne de tsjerkhôven. It tsjerkhôf by de Spanjertsleane wie him it symboal fan dat wiete tryste Fryslân. Hy toeve dêr faek, en wierskynlik mear út in djippe forbounens mei it stoarne en fortoarkjende, in fielen fan bisibbens mei de Dea, noch helte destruktiver as hysels, as út branyskopperige artysterichheit en om de Hamlet út to hingjen. ‘Hoeveel van zijn eerste verzen zullen ontstaan zijn op het lage, drassige kerkhof bij Leeuwarden? Ik herinner mij hoe, bij regenachtig weer, minstens een dertien jaar geleden, hij mij afhaalde van het station, en zonder omweg daarheen leidde, met een innemende vertrouwelijkheid; wij toefden daar samen als in zijn eigen wereld’, seit Hendrik de Vries. Ek mei syn freondinne út 'e Joarwerter pastorij makket er dy tocht oer it Ljouwerter hôf, as in soarte béfeart en letter, by har oan hûs noege, toevet er mei oerjefte op it tsjerkhôf. In nachtlike kuijer dêrre bislút ‘yn styl’ de petearen oer spiritisme dêr 't syn gasthear noch al hwat mei pielde. Nijsgjirrich is ek de biskriuwing dy 't Du Perron jowt fan syn bisite oan Slauerhoff doe 't dy op 'e Sweach tahâldde. De beide freonen hâlde in dreech, alhoewol yn Slauerhoff syn trant brokkelich petear by ‘een greppel bij een klein, ietwat romantisch kerkhof.’ Ek dit is wer net tafallich, it tekent Slauerhoff. Kaem der by sa'n tsjerkhôf, sa nei oan de dea, altomets eat oer him fan de rêst dy 't er sa bigearde en net fine koe? Iderkear wer yn syn fersen en proazawurk moetsje wy dy tsjerkhôven, tryste rêstpunten yn in forlitten lân trochweakke fan rein en wiette.
Dizze wémoedige, iensume visy op it Fryske lânskip komt treflik út yn ien fan syn forhalen. ‘Waar de levensvreugde vandaan komt’, dat der yn syn proazawurk hwat útrint en dêr 't er sels noch al wiis mei wie. Typysk is yn dit to min achtsleine forhael de treflike forbining fan in toan fan skoaljongeseftige ûnhandichheit mei in persiflearjende iroany dy 't it gehiel licht en suver hâldt, op 'e grins fan earnst en spotskens. It forhael spilet yn de feankontreijen fan Eastlik Fryslân en hat stien yn Groot-Nederland fan 1935. Net allinnich foar
| |
| |
syn visy op it Fryske lân is it typearjend, ek foar syn persoanlikheit. Tsjin in freon fan sines sei er ris: ‘Zie je, degenen die alleen ‘Larrios’ van mij willen en dit niet, begrijpen en kennen mij toch eigenlijk niet, want naast de zeeman uit Larrios leeft in mij tegelijkertijd ook de dominé uit dit verhaal, ik kan niet de eene zijn, zonder de andere, of ik zou mijzelf moeten forceeren tot iets wat ik toch niet geheel ben.’ Slauerhoff seach dus ek wol deeglik de spjalting yn syn wêzen: nêst de piraet, de swalkjende en vagabondearjende romanticus, de hidalgo ek de bikrompen boargerman dy 't de kat yn 't tsjuster knypt, libjend ûnder de eangsten fan in faei dogma, preker fan forfaerlike morele wearden dêr 't er sels as 't nypt net foar stiet en dy 't er dêrom mei namstomear brio preket. Ek de oplossing is typysk Slauerhoviaensk: Domeny wurdt outcast, boarger en piraet torane yn elkoar, lyk as yn Slauerhoff sels.
Men sil foar it skriuwen fan dit forhael wol forbiningen sykje moatte mei syn forbliuw op Beetstersweach dêr 't er yn Juny 1929 as forfanger stie, mar al ridlik gau weirekke, ûnder oaren fanwegens spul mei de domeny en ‘in zedelijke opspraak’ rekke, om, sa 't er sels sei: ‘ontelbare zedekwetsende dingen, die mij aangewreven worden’. Miskien is it forhael sels in stille wraeknimming net sasear op de persoan fan dizze iene as wol op 'e fanatike machtsdream fan guon tyrannike doarpsharders: ‘Bij alle belangrijke geschillen werd hij eerst geraadpleegd, dan de dokter, dan de burgemeester. Zoo hoorde het.’
It libben op it Fryske boargerdoarp foldie net oan syn forwachtingen dy 't er dochs grif al net to heech set ha sil. Mar it die him ek wol wer goed om sa mei de communis opinio yn tsjokwaer to sitten. Yn in rintniersformidden as dit koed er it net litte en gean tsjin de trie. Hy sil der in soarte fan satanysk geniet yn hawn hawwe om de idylle fan it plattelânslibben mei syn bittere sarkasmen en syn sinyske spot to forskuorren en de reglementearre doarpsforhâldingen to trochkrusen mei syn dwerse sinnen, him net bikroadzjend om foarmen of lytsminsklike fêstichheden. Hy skreau: ‘Buiten zijn is heerlijk, maar zulke belachelijke verhoudingen te ontzien is niets voor mij, integendeel, dan liever de rimboe.’ Mei
| |
| |
gauwens, as bliken docht dat de kollega dêr 't er foar waernimt ek syn hâlden en dragen net yn 't lyk to bringen achtet mei it aesculapiaensk prestiizje, spilet er hommels fan ruten, ‘met stille trom’, de earsume boargers mei har argewaesje efterlittend, him spytgnyskjend biwust fan syn reputaesje fan ‘burgerterger’ dy 't er ienris Rimbaud as in eare oanrekkene.
Dat Slauerhoff syn bilangstelling in theologicis mank gyng mei in yngreven ôfkear fan domeny's (mar faeks al sa folle fan de domeny yn himsels as dy yn oaren) biwize fersen as ‘De afgescheiden gemeente’, syn debút, en ‘Vroegdienst’, dat men as in soarte fan foarstûdzje sjen kin ta ‘Waar de levensvreugde vandaan komt’; it stovesetten en de iere tsjinst komme hjir al yn foar:
‘Bij 't huiswaarts gaan staat nog de dauw op 't veld’ (III, 151).
Ek hjir de flamjende preek as wanhopige biswarring tsjin de sûndigingen fan it fleis:
‘De preek slaat gloed uit hen die recht gelooven
En stelt aan de aardsche lusten paal en perk.’
Ek hjir wurde de doarpsforhâldingen ûnder it mes naem, en de eigengerjochtige machtswaen fan de doarpstyrannen;
‘Vaak kan notaris ook met zacht geweld,
Aan pacht of huur herinnrend, meevermanen.’
Fûl hatet er de geloofsdogmatyk mei yn syn eagen skynhillige frommens, it faei risseltaet fan domenystwang en drigeminten mei hel en ivige fordommenis, net út religieus partijkiezen foar de frijsinnigens sasear, mar mear omt er it binypte hatet en dat hwat it libben skeint en tokoartdocht ont it yn dy knyp tofrommele wurdt:
‘Broeiende drift, door God, voorzichtig kweeker,
Met kracht geknot en in de kiem bedorven,
Maakt hun gebaar en houding laf, onzeker;
Het ‘Vreest den Heer’ staat in 't gelaat gekorven.’
(‘De Burgers’, III, 148).
Yn ‘In Nederland’ (III, 160) de binearing fan de hopeleaze lytsens en hypokrite leffens fan it boargerbistean:
‘Daar loopen allen met een stijve boord
- Uit stijlgevoel niet, om te toonen
Dat men wel weet hoe het behoort -
Des Zondags om elkaar te groeten
De straten door in zwarte stoeten.’
| |
| |
En weaker fan toan, trochtrille fan in great meilibjen yn de wrange wanhoop om de fruchtleaze lichumsbloei, yn ien fan syn alderâldste ‘Fryske’ fersen, it prachtige ‘Pastorale’ mei syn ironyske en dûbelsinnige titel:
‘'s Middags geen uitweg dan een wandeling
Door de weiden. Zij moet ontmoeten
Zwermende boeren, die haar groeten,
De dochter van hun herder.’
Hwat him fan Fryslân skaette en der oan forboun, Slauerhoff hat it nea skerper sjoen as doe 't er it ‘In memoriam Patris’ skreau, yn al syn brokkeligens en nonchalance ien fan de bêste gedichten út de Nederlânske litteratuer, in fers dêr 't alle eleminten fan syn wêzen yn gearweefd binne: syn swalkersdrang, syn bitterens, syn skouwe gefoeligens, syn hate en syn leafde. Under Suderkearkringen, mei ‘himsels forlegen’ bitinkt er (‘De gedachte heeft vreemde omwegen’) syn heit en sjocht er hommels dy syn dea en biïerdiging foar him en fielt er hoefolle as er winliks yn dy heit mistaest en miskend hat, hoefolle der ek nettsjinsteande alle konflikten en fijânskip fan dy heit yn syn eigen wêzen oergien wie: de stiifkoppige récalcitrance, it foar bleatlizzen fan ynderlike gefoelens skouwe, de skamte foar weakens, foar gefoelsuteringen, dêr 't allinnich it dichterskip him bytiden oan ûntskuorre koe. Is it ek in requisitoir oer himsels as er hjir fan syn heit seit:
‘Wie, weet hoeveel tederheden
Je in jezelf hebt verstikt -
De Friesche aard is benepen
En uit zich niet groot, weegt en wikt.’
En dochs, op syn heit bitrutsen, krije dizze wurden yn ienen in oare glâns, der skimeret eat fan earbied en ûntsach troch. En sa fiele wy it net mear as in tsjinspraek as deselde dichter efkes letter skriuwt:
‘Alleen voor Friesland heb ik nog een zwak.’
Hy wie net ien fan uzen. En dochs ek wol wer. Wy hawwe allinnich net it rjocht om him foar de Fryske litteratuer op to easkjen. Mar Fryslân is méar as syn litteratuer allinnich. En yn it hert fan Fryslân heart foar him in plak to wêzen, lyk as ek yn syn hert in exklusyf plakje foar Fryslân biwarre bleaun is, wy meije oannimme ont syn lêste sike ta.
14.7.46.
|
|