In Slauerhoffnûmer
Fryslân hat inkelde frjemde wylde fûgels útbret. Ien fan de frjemdsten en wyldsten wie wol Jan Slauerhoff. De 15de Septimber 1898 to Ljouwert berne, dêr 't er oan syn 18de jier ta forkearde, koe it Fryske libben gjin fet op him krije. Fan mooglike ynfloeden fan Fryske litteratuer is yn syn wurk gjin spoar to finen, lit stean dat er himsels ta dy litteratuer bijoech. (Inkeld yn syn lêste jierren liket in lytse niget dizze kant oer wekker to wurden; Dr. D. Kalma krige yn dy tiid in brief fan him út Tenger, dêr 't er yn forteld dat er him tige foar Fryske litteratuer bigoun is to ynteressearjen, en opjefte freget fan Fryske tydskriften.) Hy waerd Hollânsk dichter, en ek dat mei greate tsjinsin. Nea hat er syn sombere forachting foar de Lege Lannen fan syn berte ûnder stuollen en banken stutsen.
En dizze forachting gou net inkeld Fryslân en Hollân, mar wreide him út oer it hiele libben. Men soe him de dichter fan de ôfkear neame kinne. Dizze ôfkear, dizze tsjinsin yn it libben, kaem yn positive foarm as langstme oan it ljocht, in langstme dat him fansels rjochtsje moast op it ûnbirikbere en ûnbisteande. Yn syn libben sawol as yn syn poëzij. Swalkjende oer alle séën, dan yn dit lân, dan yn dy stêd oanhâld sykjende, wiene al syn wenplakken dochs oars net as wâllen om ôf to setten ta nij aventûr. Sa koe syn biograef Constant van Wessem sizze dat syn libben dat fan in romanticus west hat.
Yn 1936 dreau dizze wylde fûgel mei lome wjukslach nei Hollân ta, dat er sa ynlik hate, om dêr nei in moannemennich to stjerren. Hy hat in tige bisûndere kunst skepen: fan syn poëzij gyng in fascinearjende wurking út op kloften jongere skriuwers, dy 't miskien wol itselde tsjinsin yn har lân en har meiminsken en yn it libben hiene, mar net bysteat wiene om dy tsjinsin foarm to jaen yn dy hurde blauwe brokken tael dêr 't Slauerhoff syn gedichten fan boude. Hy hat gjin skoalle makke, hwant yn 'e foarm koe nimmen him neifolgje.
As ien fan dy wûndere grillige eilânnen dêr 't men soms bylâns fart mar dêr 't nimmen oan wâl giet, sa leit syn poëzij midden de Hollânske litteratuer: ûnneifolgber, ûnoantaestber en foargoed ûnforjitlik.