De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 245] [p. 245] Inne de Jong: Kwatrinen fan Omar Khayyam VI De iene dreamt fan hearskippij en macht, In oar fan 't paradys nei need en nacht, Mar dû, nim hwat it libben hjoed dy jowt - O hark: in trom, dy 't yn 'e fierte slacht! VII Hjir bloeit de roas, aenst komt de jonge wyn, Dy bliest der mei syn sterke longen yn En 't kostlik klaed is skuord - mar oer de groun Gean wy troch roazeblêd en sinneskyn. VIII Beide, de gjirrigert en dy 't it jild Op alle winen struit, romje it fjild En wurde moude, dat takomstich skaei Wer opdolt en wer omset yn nij jild. IX Yn dizze haev'ne Karavanserai Mei iiv'ge wikseling by nacht en dei, Bitink, hoe 't mennich sultan mei syn pracht Hjir toeve in ûre en waerd foar jimmer wei. X De romer, leaf, en skink my jitris yn, Ik spiel forline en takomst wei mei wyn. En moarn? moarn is 't faeks dien en bin ik ien Fan juster en sawn tûzen jier forlyn. Vorige Volgende