De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 246] [p. 246] Wiger Eysinga: Sang fan de populieren In lange winter stean wy neaken Yn langstme nei sa mannich dei Doe 't sêft de winen om ús streaken En wiid de wrâld yn simmer lei. - Allinken 't griene foarjier ljochtet O lok! en spand tsjin 't blauwe klaed Fan 't swurk, stean wy bylâns it paed Dat sânnich nei it doarpke bochtet! Hoe 't dan it libben ta ús trunet En - klopjend lyk in spjucht oan 't hout. Yn net to sizzen twang de krunen Fol groedejaende sappen skout. Dan teare wy it bloeisel iepen Wine 't as franje om ús haed, En alles wurdt ta fleur - en spraet Him út hwat moannen lei to sliepen. En 't wurdt in lange tiid fan bloeijen Yn blommetûken, read biroun. Wyntwirren meije oer ús djoeije Wy priuwe it libben - stoun oan stoun. Dan - nei foldroegen tiid - de silveren Biplúst're sieden tabitroud Oan wyn en waechsdom - efterbliuwt In knop dy 't bot, in húl dy 't skilfert. Dré drage wy de eksternêsten As klitten yn ús reagich hier, En rûzje, foar hwat yn har rêstte Oan jonkheit, op in simple swier In widzeliet, sa sêft en soeijend Dat alles sliept - dan komt de nacht De himel oer, yn kleare pracht Fan stjerren, jimmer nij ûntbloeijend. [pagina 247] [p. 247] Sa rikke wy in golle simmer Us mûle ta yn pea op pea. It lok is djûr - o! bleau it jimmer En brocht gjin Hjerst oer ús syn kwea! En wy - yn 't griene doek bihongen, Yn blinkend, risseljend biweech Fan blêdden - stribje rjocht omheech Nei hwer 't de bûnte ljurken songen! Dochs alles eint - it is de stielen Wet fan it libben - en de Dea! Us tiid is teld - in skerpe bile Driuwt wreed toheistr'jend yn ús lea. Dan jit - as lêst en fûl forwarren Sil - krampich bûgend nei de ierd' Dy 't ús in heinend rêstplak liet In lêste kreakjen troch ús farre! Vorige Volgende