| |
| |
| |
dr. W. Kok:
De fjochterij fan 'e bidlers
It neikommende is de metryske oersetting fan de earste 123 fetsen út it 18e boek fan Homeros' Odusseia.
Nei lange jierren fan swalkjen is Odusseus, as bidler forklaeid, wer thús kommen. Hja hiene him al trochskrast, dat sadwaende húsmannet yn syn paleis in kliber jongelju, dy 't stykje nei syn wiif Penélope en syn keningskip. Syn soan Telémachos kin dizze frijers net baes en hja formeitsje har danich ûnder it wachtsjen op it útslútsel fan Penélope, lyk as ek yn dit stik bliken docht. De namme Iros yn fers 7 is geastich foun. De goadinne Iris (de teinbôge) wie de boadskiprinster fan 'e goaden: Arnaios wutdt dêrom fan it folk safolle as ‘mantsje-Iris’ neamd, om him de gek aan to stekken.
Opsetten kaem doe in skoaijer dy 't biddeljend húske bylâns gie,
Hiel de stêd Ithaka troch; hy stiek út troch syn mage, dy 't nuver
Slij wie nei iten en drinken aloan; mar spieren en lichem
Hiene gjin krêften, al wied 'er ek sa fan oansjende in groukeardel.
5[regelnummer]
Arnaios wie syn namme, dy joech him syn wurdige mem al
Fan dat er berne waerd ôf; mar algemien neamde him 't jongfolk
Iros, om 't altyd hy boadskipkes die, foar elk dy 't him stjûrde.
Nou dan, dy kaem en bisocht om Odusseus it hûs ût to jeijen,
Dat ek syn eigen noch wie, en skellende spriek er de wurden:
10[regelnummer]
‘Gean by de doar wei, âldman, dat men dy by de skonken net fuortsleept!
Sjuchste dan net, dat hja hjirre my knypeagjend hjitte allegearre,
Om fan dyn sté dy to skuorren? mar dêrta bin 'k dochs to fetsoenlik.
Fuort en oerein dan, hwant wurde wy deilis, dan brûk ik myn hannen.’
Noartsk seach de liepe Odusseus him oan en hy joech him to hâlden:
15[regelnummer]
‘Gek dyste bist', ik misdoch of missiz dy dochs neat, woe ik hawwe,
En ik forgun it dy net, ek al krijst by dyn freegjen in bulte.
Sjuch, dizze drompel kin beide ús wol hâlde, hwat soest my forgunne
Hwat dochs in oar sines is; dû bist ek soe 'k sa sizze, in swerver,
Krekt lyk as ik; en de goaden sill' ienris ek wolfeart dy skinke.
20[regelnummer]
Hâld dû dyn hannen nou thús, siz heite, dû moatst my net fergje!
Hwant al bin 'k âld, ik soe dochs dy it boarst en de lippen fol bloed slaen.
| |
| |
Moarn hie 'k er wille noch fan en it soe hjir dan rêstiger wêze.
Ommers ik tink sa, dû soeste dy wachtsje en weagje it jitris,
Om nei it hûs fen Odusseus, de soan fan Laërtes to kommen.’
25[regelnummer]
Him spriek nou Iros de skoaijer wer ta, wylst him grime bisette:
‘'t Is net to leauwen, sjedêr, hoe 't dy smearlap hjir rêd sit to rabjen,
As in âld wiif by de hurd; mei gemak koe 'k yn 't lijen him bringe,
As ik him sloech op syn hûd, hwant ik staette út syn mûle de tosken
Roun oer de flier, krekt as wied 'er in baerch, dy 't de nôtfjilden kealfret.
30[regelnummer]
Gurdzje dy, kom, dat ek dizze der allegear tsjûge fan binne
Hoe 't wy hjir stride; mar och, hoe soestû tsjin in jonger man fjochtsje?’
Sa wounen hja yn fûleindige grime har op allebeide,
Dêr by de steatlike doarren fan 't hûs, op 'e glêdskaefde drompel.
Dy beide krige de dryste Antínoös ek yn 'e gaten.
35[regelnummer]
Lûd boarst' yn laitsjen hy út en syn wurd klonk ûnder de frijers:
‘Freonen, né wrychtich, noch nea ha wy soks hjir by uzes bilibbe,
As it formeits, dat in god hjir hjoed yn dit hûs ús biskikte.
Sjoch, dizze frjemde en Iros, dy fergje elkoar om to fjochtsjen,
Beide de fûsten al ré; kom, lit ús har oanhise mannen!’
40[regelnummer]
Sa wie syn wurd en hja laken en sprongen oerein fan 'e stuollen,
Giene yn 'e rounte dan stean om 'e skurve biddelers hinne.
Under har spriek doe Antínoös wer, de soan fan Eupéithes:
‘Harkje nei my, jimme moedige frijers, ik woe noch hwat sizze.
Sjoch ris, dêr lizze op 't fjûr in pear magen fan geiten, foar 't jounmiel.
45[regelnummer]
Ha wy se foltreaun mei fet en mei bloed en dêr lein om to brieden.
Hwa fan har beiden it wint en de sterkste yn 'e striid him biwiisde,
Dy mei dan komme en kin foar himsels, dy 't er wol, dêr fan kieze.
Ek sil hy altiten letter hjir ite by ús, en wy litte
Nimmen hjir bûten him ta binnendoarren, om by ús to skoaijen.’
50[regelnummer]
Sa wie Antínoös' wurd en it koe harren allegear haegje.
Doe spriek Odusseus, de liepert, hwant him skeat in list troch de holle:
‘Freonen, it kin net bistean, dat in âld man en brutsen yn lijen,
Fjochtet mei ien, safoll' jonger as hy; mar d'ûnsillige mage
Fitert my oan om him dochs mei myn knûsten lytsman hjir to meitsjen.
55[regelnummer]
Mar allegear moat jim my mei in krêftige ied nou biswarre,
Nimmen sil my yn oerdwealskens, om Iros to wille to wêzen,
Slaen mei syn krêftige hân, om foar him mei gewelt my to twingen.’
Sa wie syn wurd en fansels, hja biswarden dat, lyk as hy frege.
Mar nei har swarren doe 't hja allegear harren ieden him joegen,
60[regelnummer]
Naem op syn bar ûnder har wer it wurd Telémachos, fikse jongkeardel:
| |
| |
‘Frjemdling, as dy nou dyn hert en dyn moedige geast der op fergje,
Set dy dan tsjin him to skoar; en freezje net ien fan 'e Griken,
Ek fan 'e oaren net: hwa 't dy sloech, krige it meartal hjir tsjin him.
Ik bin hjir gasthear en sjoch, dizze kening Antínoös joech dy,
65[regelnummer]
Lyk as Eurúmachos dêrre forstannich en wiis, al it tawurd.’
Doe 't er dat sei, stimde elk dêr yn mei fansels; doe boun Odusseus
Strak om syn mul as in gurdle syn fodden; hja seagen syn skonken,
Trêftich en great; dêr forskynden by him syn dûbbele skouders,
't Boarst en de earmen sa swier; en doe gie de goadinne Athena,
70[regelnummer]
Njonken him stean en hja makke de kening syn lidden noch swierder.
Bûten roai sloech de frijers forwûndering oer syn forskining.
Mannichien seach dêr syn buorman ris oan en sei him syn miening:
‘Wol, ridlik gau sil nou Iros, net Iros mear, lizze yn 't lijen,
Dat hy himsels dêr bisoarge; hwat skonken hat d' âlde yn syn fodden!’
75[regelnummer]
Sa wie har miening. By Iros lykwols skeat de eangst yn 'e fuotten.
Mar likegoed, al hoe bang as er wie, waerd 'er dreaun fan 'e feinten
Om him to gurdzjen; men seach oan 'e lidden syn flêskklompen triljen.
Him spriek Antínoös oan en hy joech him dit rabbelemintsje:
‘Wrychtich, ik woe, greate blaffer, datst dea wiest en 't libben net wer krig'st,
80[regelnummer]
Astû sa skrillest foar him en dyn lidden fan eangstme nou trilje
Foar in âld man en tobrutsen fan 't ûnk, dat syn libben bidriget.
Mar ik sil dy rie hwat sizze en 't sil ek by wurden net bliuwe:
Mocht dizze man tan dy winne en dy lytsman hjirre meitsje,
Dan giest' yn 't ûnkere skip en ik sil dy nei 't fêstelân stjûre,
85[regelnummer]
Nei kening Echetos ta, de fordylger fan alles hwat minsk is;
Dy sil mei 't moardzjende mês dy dyn hûd en dyn earen wol skile,
Skuorre dyn manlikheit út en jaen 't rau oan syn hounen to fretten.’
Sa spriek Antínoös; him trillen nammensto mear nou de knibbels.
Doe dreau men har yn 't formidden en beide heven de hannen.
90[regelnummer]
Sjoch, doe oerlei by himsels dêr Odusseus, de moedige, eale,
Oft er him slaen soe sa, dat er dea wie, al daelk as er delfoel,
Of sa mar justjes him reitsje en fluorje soe plat tsjin it ierdryk.
Sa like 't him by syn oerliz lykwols dochs it bêste to wêzen,
Om him mar efkes to slaen, oars mochten de Griken him kenne.
95[regelnummer]
Beide doe hellen hja út; dêr sloech Iros him rjochts op syn skouder,
Hy lykwols trof him de nekke ûnder 't ear en tobriz'le de bonken,
Dat se him krongen yn 't flêsk; it reabloed sprong him daelk yn 'e mûle,
Del yn it stof foel hy, gûlend fan pine en knarse op 'e tosken,
| |
| |
Spinfuotsjend fûl tsjin 'e groun; en de frijers, de greatske, dy stieken
100[regelnummer]
Hannen omheech en hja laken har dea. Mar dêr pakte Odusseus
Ien fan syn fuotten en skuorde 'm 't porteal troch nei bûten, nei 't hiem ta,
Oan 't er him hie by de galderijdoar; dêr sette 'r oerein him,
Lyk tsjin de muorre fan 't hôf en in stôk treau er him yn syn hannen.
Dêrnei bigoun er to praten en hy joech him de wurden to hâlden;
105[regelnummer]
‘Sit dêr mar stil nou hwat hinne en kear dû de bargen en hounen.
Mar dû bisikest de baes net to spyljen oer frjemden en bidlers,
Sloarm dyste bist, datstû net faeks noch greater kwea krijst to priuwen.’
Nei 't er dat sei hong er wer om syn skouders de skeamele rânsel,
Skurf, by de gatten om ticht, mei in draechbân fan tou der trochhinne.
110[regelnummer]
Hy gie tobek nei de drompel en joech him dêr del, mar hja gyngen
Laitsjende wer yn 'e hûs en hja wiisden nei him wylst hja seinen:
‘Frjemdling, mei Zeus dy nou jaen en de oare ûnstjerlike goaden,
Hwatstû it leafste mar wolst en hwat oan dyn herte it djûrst is,
Omdatstû him dêr, dy fretsek, foargoed ôfleardest to skoaijen
115[regelnummer]
Hjir yn 'e hûs; en moai gau sil wy him nei it fêstelân stjûre,
Nei kening Échetos ta, de fordylger fan alles hwat minsk is.’
Oer harren priizgjende wurden forblide him d'eale Odusseus.
Doe sette Antínoös noch by him del in ûnbidige mage,
Foltreaun mei fet en mei bloed, en Amphínomos krige út in kuorke
120[regelnummer]
Twa moaije bôllen, dy tilde hy op en hy brocht s' oan Odusseus,
Rikt' him de beker doe ta en hy spriek him bigroetsjend de wurden:
‘Eala, dû eabele frjemde, wês wolfeart dyn diel, al is 't letter.
Nou bist yn elk gefal bjuster mei ûnk en lijen bilêst'ge.’
|
|