| |
| |
| |
Sjoerd Spanninga:
Lytse ballade
Dêr leit er dan, de hampelman,
In swankebast en lyts forstân,
Hoewol, hy wie ek op syn tiid
In skriklik loaije miter,
Dan fregen froulju al syn piid,
Fortsjinne hy gjin fiter.
Fan party minsken sei er: Bah!
Dy jildwolven, dat naesje,
En stjûrde har in heiling ta,
Sa rekke'r út 'e graesje.
Hy hie ûnbidich folle fantasije,
Mar ivich brek oan sinten,
Jongfammen mocht er tige lije,
Syn spegelnet die rinten.
Lykwols, hy woe himselme trouwe,
Doe lieten se de fint mar sjouwe,
Nei boeken hat er amper taeld,
Dy koed er sels wol skriuwe,
Krityk, dêr hat er net om maeld,
Dan koe men lêbjen bliuwe.
Hy hie in stjûch en koppich aerd,
De frijheit roun er fier mei fuort,
Dy skoep de wrâld him al to bryk,
Hy socht syn treast yn de muzyk,
Leafst makke'r him fan alles ou,
En liet de rein mar reine,
Mar mei in skilderjacht en figetou
| |
| |
Hy hold net fan de kafferkrael,
It kreauwen en gesnetter,
Mar o, de marren en har Fryske tael,
Syn hert dreau op it wetter,
Mids tuorrebout en plomjend reid,
En 't gounzjen fan de miggen,
As der in simmertwirre soms pagaeid'
Gjin sé dy 't him net widze hie,
Ahoy! foar 't sâlte skaei,
Ont it Needlot op de falreep stie,
Bye bye, Popeye, bye bye!
Hy wie foar alle wurk to stom,
En teach nei eltse merke,
Dit libben is mar brûs en skom,
Sa learde him de tsjerke.
Hy hat op alle boargers spuid,
De oaren hat er jiske oer struid,
Syn tank dat wie in skop.
| |
Ballade fan in matroas
En moat ik dan sûnder dy oer de weagen gean,
Faem, der binne grif mear nei de hel ta fearn.
Dat jowt jin wol trijeris treast, o sikersonken,
Mar waerd nimmen ris yn syn drèamen kronken?
Siz nea tsjin de lju: Hy siet lilk yn 'e dobbe!
Of hie dan myn beam faeks gjin taeije stobbe?
Siz leaver: Hy foer op in kaperskip, goe-moarn,
Mar hy is mei it mes yn 'e tosken stoarn!
Myn bern, lit de minsken mar kleije en klieme,
Hwant hoefolle fan har ha de wierheit bifieme?
| |
| |
Hokker mannichte doek der sa djip ûnder wetter,
Dat de blaeijende tonge fordwoun út har tetter?
Troch d'ivige romten doelje wy siikjende roun,
Net ien fan ús hat syn lot sûnder lijen foun.
En komme wy oan, dêr 't in klearder kym noeget,
Dan bliuwt der gjin ribbe, dy 't fan ús tsjûget.
Hwant leau my, fanke: Heit Adam dy hie Eva brek,
Mar foar piraten skoep God de sé en de haeijebek.
Wylst hjir en dêr skroeit jit in barnend wurd
Yn de herten as de flam fan in lôgjend swurd.
De kogge sylt har lêste reis nei frjemde lannen.
Dyn byld is as in gouden kandler yn myn hannen.
| |
De selsmoardner
Sjoch Heare, ik jow myn libben Jo werom,
Ik haw myn peinje net wiksele oan goud,
En mei it talint, dat my waerd tabitroud,
Haw ik allinnich woekere ta eigen rom.
Jins flok hat my tò djippe wounen slein,
Ik fiel my warleas as in fûgel yn in kou,
Dy siket ek syn dea, sûnder it himelblau,
Hy hat sa làng tsjin traeljewurk opflein.
Nou 't dan Jins grime my forstjitte moat,
Towyl myn hert en hope my forlitten hat,
Bliuwt der noch inkeld it genedich skot.
Ik haw yn tûzen eagen as jewielen sjoen,
Mar alweroan de dyamanten falsk bifoun,
En sels de ravens rouje oer it minskelot.
|
|