D.A. Tamminga:
Twa filmen, twa wralden
‘Raduga’ njonken ‘De rØde Enge’.
It springtij fan reportagefilmen dat nei de oarloch út Amearika en Ingelân wei oer ús hinne skolpere bigjint njonkelytsen to forebjen. Soks wie ek fan tinken to hawwen. Nou 't wy, de ‘oerlibjenden’, út 'e feilige bioscoopstoel wei it kompleks fan oarlochshannelingen sahwat oersjoen hawwe en wy alles witte fan de konfoaijen nei Moermansk, de slach by Alamein, de atolhipperij yn 'e Stille Súdsé en de ynvasy yn Normandië, nou stjûrt in psychologysk skoan forklearber forlet ús oandacht yn oarewei. Nou 't de feiten bikend binne en de militaire prestaesjes levere komt de fraech op nei de eftergrounen; nou 't de forslaggen útbrocht binne en de wytboeken op 'e parsen lizze, riist de langst dizze oarloch jitris as spul, as spile drama opfierd to sjen. It ‘Einzelschicksal’ bigjint ús to boeijen.
It is de cinematografy dy 't dit forlangst nei dramatysk werbilibjen nou al in earste bifrediging jowt. Har ûnûntstriidbere foarsprong op 'e litteratuer, dy 't mear tiidsôfstân nedich hat en oer lytser forspriedingsmooglikheden biskikt, docht hjiroan wer ris bliken. De earste oarlochsroman fan formaet sil noch jierren op him wachtsje litte; de earste oarlochsspylfilmen draeije al.
Twa bilangrike wurken fan dit genre iepenje de lange rige dy 't sûnder mis noch folgje sil. It feit dat hja beide ûngefear gelyktidich yn 'e Nederlânske circulaesje brocht binne en ek de ûngelikense, elkoar suver diametrael ûntrinnende einyndrukken dy 't hja efterlitte, jowe de gelegenheit en de oanlieding ta in forgeliking.
It iene is in film fan Russysk origine ‘Raduga’ (Reinbôge). In episoade wurdt der yn forbylde fan de bittere striid dy 't de Rus op eigen groun tsjin de Dútsker fierde. Plak en tiid fan hanneling is in anonym Ukraynsk doarpke yn ien fan de earste oarlochswinters, doe 't de Dútske terreinwinsten it