De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 169] [p. 169] Freark Dam: Loslippich liet Ik woe wol rinne efter reade flaggen, Fûleindich read, gjin rose of ynkarnaet, En dan forheftich en hertstochtlik sjonge Fan 't ivich rjocht fan 't proletariaet. Ik woe wol sjonge, op hoeken en by brêgen - De poaijer en de peukjesiker ta myn maet - Dat Jezus' bloed de sùnders wasket, Dat der noch plak is, foar in Heilsoldaet. Ik moat wol sjonge, inkeld en allinne Omt ik my hjir al fêst en fêster praet, Ik moat wol sjonge, inkeld al út bangens Dat der gjin wei mear út dit vacuum laet. Vorige Volgende