Sokssahwat soe hy riede wolle. Lang rinne ha swijend troch. Oft it den hjirre perfoast mislearje moat? sa fornimt Tryn. Aent twivelet en seit, it skynt dat somlike karakters foarbiskikt binne om de wrâld yn to gean en dat hoecht op himsels gjin efterútgong to bitsjutten. It is allegearre sa min krekt to sizzen. Hja knikke en bigripe wol hwer 't Aent hinne wol. Dan swije hja deroer en meitsje in praetsje mei Sneintojounskuijerders, dêr 't hja mei oprinne nei de buorren ta. Healwei sawnen, as hja it lêste eintsje wei ôflizze nei de pleats, dy 't forskûle leit yn it swiere leaf fan hôf en mantel.
De Woansdeis dêroan de moarns al bitiid stiet de auto kreas ôfwreaun efterhûs, der hawwe de fammen foar soarge. Aent sit yn 'e oerstrûper oan 'e thé, bare ûngewoan en eptich en hwat frjemds om en oan him. Sa kenne hja omke Aent net. Dit is wer in frjemden, lyk as hjir in moanne of hwat lyn it hiem opkaem. Sels de rook oan him en it ûnwenstich ljochte pak is ûneigen. Mar dat docht fierders oan 'e saek net folle ôf of ta, Omke hat it fortrouwen wol woun fan great en lyts.
Dat it sil hjoed wêze, oer Ljouwert, de Ofslútdyk lâns en sa del, earst nei Amsterdam, dan nei de Haech. En Omke rekkenet út, hjoed en moarn faeks om to Amsterdam ôf to breidzjen, Freed en Sneon yn de Haech. Dat soe bitsjutte kinne foar Snein wer thús, as it hwat meiwierje wol. Fansels, it wol graech ôffalle, en hja moatte der ek net to fêst op rekkenje. Swijend sit Ael oan 'e ein fan 'e tafel njonken Froukje har brogge op to iten. Hja wit hwat dizze sin faeks foar har bitsjutte kin. Efkes, hiel koart en saeklik, is hja allinne nommen fan Omke en Muoike. As hja der nou tige nocht oan hie en gean nei de stêd, dan soe Omke Aent op dizze reis ris rounsjen. Sa wie ôfpraet. Ut en troch sjocht hja Aent ris oan en dan is oan beide kanten eat fan bigripen. Der wurdt fierder ek net oer praet, dat is ûnder dit folk yn Fryslân gjin wenst. Allinne Froukje en Wytse wite der fen ôf. As de moarnsbrogge bihimmele is, lêst ien fan 'e jonges it skuorkalinderbledtsje en hja tankje. Op sa 'n moarn fornimt Aent feitlik earst hwat dit libben foar him begoun is to bitsjutten. Dy stil harkjende minsken yn deiske klean, de lûden fan 'e dou en de hintsjes foar de ruten, de klok, en de bolle