| |
| |
| |
[Nummer 7]
Marten Sikkema:
Galgefjild
‘Sa ach hi bi riuchte thet northhalde tre’...
Hja waeije mei de winen, hja drippe mei de rein,
En út de tsjustre hernen komme de ravens flein;
En út de tsjustre hernen komme de wachters oan,
Hja preuvelje fan fierren op domperige toan;
Hja preuvelje fan fierren en swaeije mei har ljacht.
Tusken de wolkens stoatert de moanne troch de nacht.
Hja drippe mei it reinen, hja waeije mei de wyn,
En hwa 't hja ienris wiene, it is sa lang forlyn;
En hwa 't hja ienris wiene, gjin minske wit it mear,
Mar yn 'e fiere wenten, dêr nimt it lot gjin kear;
Mar yn 'e fiere wenten, dêr skrieme wol de bern,
De wiven en de memmen, hwant alles is forlern.
Hwannear 't de hoannen kraeije, hwannear 't de tuorsklok slacht
Blinkt oan har faeije plassen it reade moarntiidsljacht....
| |
| |
| |
Yneinens....
‘Et tu as connu ces jours où la vie était si pesante qu'on perdait toutes les heures à essayer de la lever’ (Barnabooth - Journal Intime).
Yneinens fan it reizgjen, praten, tinken
En fan it stoarjen oer it tryste lân
Troch feale finsters, liet my neat allinken
As 't bittre sinksel fan myn ûnforstân:
Myn greatskens, dregens, leffens, faeije bringst.
En dat hwatstou net yn my sochtst miskien
Mar dat der lykwols wie: de libbenseangst.
Nou stuitsje drippen op de finsterbanken
Mar ek it skouwen fan in swiere loft
Oer skiere fjilden, bringt gjin nije klanken
Yn 't hert dat dôf is, útbaernd, útforkoft.
Ik miende: eltse dei wurdt 't libben nij,
En 't waerd alearen aloan nij miskien
Mar troch in hânknyp, troch in glimke: dy.
Noch sykje ik dyn blink yn alle eagen,
Yn alle hannen sykje 'k dyn gebeart.
Soms laitsje 'k lûd, mar 't is in lûde leagen,
It wurdt in snok, it einget stees forkeard.
Wol kin ik gnyskje, en ek dat is eat
Foar hwa 't net goed is en net tsjoed miskien,
Net drôvich en net lokkich, alhiel: neat.
Prinses, ik swij, de ein is alwer kommen,
Dou witst: oan alle dingen komt in ein.
Hwant alle hynders wurdt it byt ûntnommen,
En ienris is ek 't greatste wurd forflein.
Ek oer myn lea gûlt ringen wol de klok,
Yn 't lyk mei libben en mei dea miskien,
Mar mei it lot dat fuortgong mei myn lok?
(Ik twivelje, hwant twivel is my hiem....)
| |
| |
| |
Ny liet
(Foar Sjotte Kreamer)
Forlos ús, Heare, fan parades,
Fan kermissen en serenades,
Fan wittenskip en polityk.
Jow ús de swietrook fan jins lannen,
It kleare sjongen fan 'e ljurk.
Jow ús hurd yl yn beide hannen
En nocht oan it ienfâldichst wurk.
Jow ús hwat skaed om yn to rêsten:
Us eagen falle samar ticht.
Jow ús dan ek - wy binn' gjin bêsten -
In swiet forjitten fan ús plicht.
Jow ús in glimke oer 't forline.
Foar hwat jit komt in hûd fan stiel.
Jow ús rom hert' en kleare kimen.
Jow ús in liet: it bêste diel.
Mar rêd ús fan de karavanen,
Fan de parades yn 'e stêd,
Fan stelsels, wierheden en wanen:
Dy wille binn' wy mear as sêd.
| |
| |
| |
Neipetear
Ivich en erflik moat ik om dy fjochtsje,
Mar ivich, erflik giest foar my forlern.
Toaniel moat 'k spylje, sjonge, laitsje, boartsje,
En 'k wit foargoed: de ein is net to sjen.
Hwant bistou fier, dan is it dat ik lôgje,
Mar bist my nei, ik sjoch dy skraechwurk oan.
Forskaet fan wurden moat ik aloan tôgje,
Mar seldsum fynt myn stim in wiere toan.
Hwannear 't ik praet fan eare, fan gewisse,
Forliich ik dy faeks, mar mysels it meast.
Dou bist my frjemd, dêrom moet ik dy misse
Ivich en erflik, en ik wit gjin treast....
| |
Lantearnen....
Lantearnen spegelje yn wetter
En eagen spegelje yn eagen.
Men wit it net: it wie faeks better
En stoarje inkeld oer de weagen.
Noch farkje swannen oer de fearten
As skippen troch de skimerjoun.
Us binne alle grinzen sletten.
In wachtwurd ha wy nea noch foun.
Hwant alle langstme driuwt ta sêdding:
Fordwêstgjen fan it eigen fjûr.
Dan binn' wy alhiel út 'e rêdding
Hwant neat as langstme bliuwt wer oer.
Lantearnen spegelje yn wetter
En eagen spegelje yn eagen.
In mûle reauntet: letter, letter....
It is faeks allegearre leagen.
|
|