| |
| |
| |
C.A. Faber:
In dreamer op stille paden
In sjonger dy 't libbet ûnder de tsjoenkrêft fan it forline, hat men him neamd, in dichter fan it Fryslân dat stjert. Dat wie by it forskinen fan syn earste bondel, ‘Fryske lân en Fryske libben’, yn 1918. De Jongfryske krityk stie doe yn har heechste bloei; de Jongfryske biweging makke nije krêften wekker. Mar Dr. O. Postma wie al in lyts tweintich jier syn stille dichterwegen gien en like gjin risselwaesje to meitsjen him op ûnbiwende paden to jaen. En wylst de Jongfryske maitiidsstoarm linkelytsen bidarre en ek it túch dat er opjage hie wer nei de bidelte sakke, kaem der fiif jier nei de earste printinge fan Dr. Postma syn bondel in twadde útjefte, dy 't ek de fersen fan de lêste jierren bifette. Yn 1929 joech hy ús ‘De ljochte ierde’, yn 1937 in bondeltsje ‘Dagen’, en yn de rin fan dit jier, it acht en sawntichste libbensjier fan de dichter, sil it fjirde bondeltsje fan him útkomme.
Grif wurdt der nei útsjoen, hwant Dr. Postma syn fersen hawwe in plak yn Friez'ne hert en sille dat hâlde en it sil earder greater wurde as lytser.
Soks kin allinne, om 't dizze dichter mear is as in sjonger fan it forline, fan in Fryslân dat syn tiid hawn hat. Wis, hy leavet it forline en der binne net folle, dy 't it sa yn har opnomd hawwe as hy, it mei sa'n ynmoed bilibbe hawwe, en it dêrtroch mei safolle kleur oproppe kinne. Lykwols, ‘net omdat it skien en goed is boppe hjoed en moarn, mar om 't it uzes is, ús hiem en wrâld’. Dit is in oare hâlding as dy fan de romantyske dream, dy 't net oars is as in flecht út de wrâld, om 't de minske yn it hjir en hjoed syn plak net fine kin. Syn liet is gjin klacht om hwat forgong, hwant hy kin hwat foarby gien is sjen yn heger ljocht. Dat ljocht is it Fryslân fan hjoed de dei; it is it Fryske lân mei de bou en de greiden efter de sédyk, de doarpen mei de spitse tuorren en de smelle paedsjes efter de huzen lâns; it is it Fryske libben mei al syn lek en brek, it libben fan boer en arbeider, fan sutelder en fiskerman, yn al syn binyptens faek, mar dat dochs
| |
| |
libbe wurdt en altyd libbe wurde sil tusken de fiere kimen en ûnder de hege loften, dêr 't de séwyn rûzet.
Yn ûnderskate fan syn fersen hat hy it útsein, hoe 't er him de sjonger fielt fan dit lân en folk, dêr 't er mei tûzen triedden, oan fêst sit. It dúdlikst faeks yn it ‘Liet fan in lytsboarger’, dêr 't er yn de doedestiids troch folle Jeropeeske dichters faken brûkte, ‘moderne’ foarm fan it frije, rymleaze fers útsprekt, dat er heart by har, dy 't stienen op 'e terp en de himrik ôfeagen, dat er foar har sjongt yn har eigen tael, ‘fêst oan it forline en it Fryske fielen’. Mar dit fers sels warskôget jin, dat er mei syn Fryske fielen folle mear yn him opnomd hat as inkeld it forline. Lyk as sein, de foarm derfan is dy fan it moderne ekspressionisme, de ynhâld slút ticht oan by de Flaemske poêzije fan nei de earste wrâldoarloch - de rigel ‘gjin erfomke nimt my mei nei syn bankklûs’ moat elts dy 't gjin weet hat fan it bistean fan in fers fan Marnix Gijsen ‘Met mijn erfoom in de bankkluis’, min ofte mear frjemd oandwaen - en dat sille faeks de measten wêze fan dy 't op 'e terp stienen.
Itselde kin men sizze fan dat prachtige fers ‘Hwat de dichter witte moat’, in lofsang op de arbeid en de rynskens fan de natûr. Mar hwat de dichter derfan biweecht kin men dochs allinne goed forstean as men wit hwat Rilke yn ‘Malte Laurids Brigge’ oer de easken seit, dêr 't in fers oan foldwaen moat. En in sa troch ende troch Frysk fers as ‘It Liet’ ropt mei syn
Mar it is Fryslân, sa 't it leit,
Dêr tusken sân en sé; in hert,
Dat Fryslân skoep, syn wêzen joech
En freugdegong dy 't net forstjert,
it oantinken op oan Rupert Brooke's ‘The soldier’.
It is der hjir net om to dwaen al de ynfloeden op to somjen dy 't Dr. Postma ûndergien hat. Hja binne, lyk as by eltse dichter fan formaet, mannichfâldich en net altyd maklik oan to jaen. Mar dit is wol klear dat hwat hy yn syn wurk gearbrocht hat him net allinne oankomd is fan syn geslacht, lyk as er yn ‘De jefte’ seit, mar dat it bêste fan de Jeropeeske kultuer op him ynwurke hat. It hat him net fan Fryslân for- | |
| |
frjemde, mar syn fersen in djipper ynhâld en in riker klank jown as hja dêrsûnder hawn hawwe koenen. Hy hat de greate kunst forstien it yn Fryske foarmen wer to jaen en dêryn kin er mannich Frysk dichter ta in foarbyld steld wurde.
Dr. Postma hâldt fan it libben. In rigel as dizze fan Marsman: ‘ik ben bang voor de dood en bemin niet het leven’, sil men by him forgees sykje. Syn leafde omfettet alles. ‘Hwat dy en my ûntkomt, dat wie him swiet musyk; in kou dy 't balt, en winters guozzerop; de wearklank oer it iis fan 't fiere kreakjen en as 't bomiis falt’. De opskroeve libbenswil, dy 't faken oars net is as in bisykjen om de libbenseangst baes to wurden en dy 't sa karakteristyk wie foar in great diel fan de Jeropeeske dichtkunst tusken de beide wrâldoarlogen, is him abslút frjemd. Of né, abslút frjemd is him as dichter ek dizze fieling net, hwant hat er net west ‘in neaken bern, in klompke libben dat wringt en rikt yn bigearens twang forlern’? Mar dizze libbenseangst en tagelyk dierlike libbensbigearte hat gjin macht oer syn siele krije kind. Dêrfoar wie dizze dichter to fêst biwoartele yn 'e drege Fryske klaei. En omdat er dit kend en baes wurde kind hat en fêst wist to hâlden oan de wearden, dy 't jin dochs altyd en tsjin alles yn leare it libben leaf to hawwen en to nimmen lyk as it is, dêrom is er ús mear as in dichter fan it forline. Dêrom is hy ús in paedwizer nei klearder - en Frysker! - libbensforstean.
Hy sels hat syn wurk sa nea sjoen. Seit er net yn it lêste fers fan syn lêste bondel:
Ik bin de sjonger net foar in jong manminske, dy 't it lân to lyts is ef de wrâld to ûnrom.
De wrâld is my great genôch; ik soe hast mei Fryslân ta kinne as hja dêr hwat keareleftiger wienen;
Fan 'e tiid safolle as fan lânstreek bisloech ik, en fier yn it fryske libben rinne myn woartels.
Mar de jonkheit smyt wei it forline, en har ynlikst fielen sil ik net útdrukke kinne;
As ik jonge freonen hawn haw, myn sangen binne har frjemd bleaun.
Dat wie tsien jier lyn. En as men de omstannichheden nei- | |
| |
giet dêr 't syn trije oan 't nou ta forskynde bondels ûnder yn it ljocht komd binne, dan hoecht it jin gjin nij to dwaen, dat hja minder biachte waerden as hja fortsjinje, al hat de earste bondel dan ek in twadde printinge helle. ‘Fryske lân en Fryske libben’ kaem út doe 't it mei de earste wrâldoarloch op it ein roun. It wie in tiid fan heechfleanende, de hiele ierde en minskheit omfiemjende idealen. Alles soe oars en better as oan 't nou ta. ‘De hiele wrâld sille wy fan 'e groun ôf forneatigje en in nije, bettere wrâld sille wy bouwe’, lyk as it yn de Russyske ‘Ynternasjonale’ hjit. Dat wie gjin gunstige atmosfear foar in ferskunst dy 't sa fêst yn 'e Fryske groun biwoartele wie, dy 't mei sa'n greate leafde tsjûge fan it eigen forline en it libben fan eigen folk.
Doe 't it twadde bondeltsje forskynde wie de hege floed fan it ynternasjonalisme jit net hielendal forebbe, mar yn dy snuorje kaem de slimste ekonomyske krisis op, dêr 't de wrâld ea ûnder lit hat en dêr 't ek Fryslân tige mei to krijen hie. Wie dat in tiid om fan de ljochte ierde to sjongen, wylst de wrotter yn 'e groun nei de wurkforskaffing moast en de hierboer en de koumelker eltse dei de ûndergong foar eagen hienen?
By it forskinen fan ‘Dagen’ laei it wolmienende, mar hwat wrâldfrjemde ynternasionalisme yn forwoedene striid mei in oerspand nasjonalisme en de dagen wienen fol fan de driging fan in nije en jit freesliker wrâldkriich. Dêr waerd ek yn Fryslân tige meilibbe, mar Dr Postma, dy 't like fier fan de nasjonalistyske as fan ynternasjonalistyske oerspanning ôfstie, waerd net folle acht slein.
En nou? It is to koart nei de oarloch en wy sitte noch tofolle midden yn de geastelike ûntheistering dy 't er toweibrocht hat om sizze to kinnen hokfor loop de stream fan 'e tiid nimme sil. De skrik sit der noch tige yn by de lju en dêr komt in bulte mâltjirgjen út fuort. Mar dêr komt in ein oan, it sit faken ek meast oan 'e bûtenkant en dat sjocht men it gaust. Dit is in sykte fan 'e tiid dy 't útwoedzje sil. De krêften dy 't de genêzing bringe moatte, wurkje yn it forburgene. De kunst is it libbensgebiet dêr 't hja it earst en meast ta iepenbiering komme.
It is de greate bitsjutting fan it dichtwurk fan Dr Postma
| |
| |
foar dizze en de kommende tiid, dat it dy stille, ivige krêften binne dy 't it fiede. Mei greate wurden is er tige mijen; hy praet net fan algemiene minskeleafde, mar it meifielen dat er hat ek foar de lytsen en de forskovelingen en har dy 't troch it libben tramtearre binne, komt rjocht út it hert. Hy is wers fan alle nasjonalistysk gerop en geraes, mar syn fersen binne troch ende wer troch nasjonael. Der is yn syn wurk in dimmenens, in skrutenens kin men hast sizze, dy 't tsjûget fan in djip en fyn fielen.
Is it dizze skrutenens, dy 't makket dat dizze lyryske dichter, dy 't ien fan syn moaste fersen dichte om de lyryk tsjin in nasjonaelsoasialistyske oanfal to fordigenjen, nea de leafde tusken man en frou bisongen hat? Dan soe dy skrutenens yn dit gefal syn kunst earmer makke hawwe. It tal lyryske thema's is op 't lêst biheind en de leafde is ien fan de greatste dêrfan. Mar de sjongers fan de leafde hawwe meast hja west, dy 't in ûngelokkige leafde deasjonge moasten en it net koenen. Ut dy libbensûnmacht, dy 't har poëzije ta de heechste hichten opfierde, binne de ûnforgonkelike leafdelieten fan in Heine, in Petrarca berne. Men kin net fan eltse dichter fergje dat er de leafde yn dizze foarm kend hat en men hoecht der dos net perfoarst al to greate skrutenens yn to sjen, dat Postma gjin leafdelyryk jown hat.
Der binne inkelde ûnderwerpen dy 't hieltyd wer yn syn fersen foarkomme: de âld man dy 't troch de greiden trapet, it âld minske dat mei it breidzjen rint, it bern dat boartet en djoeit. Mar altyd wer sjocht hy der hwat nijs oan en syn fersen dogge jin soms tinken oan de skilderijen fan in Jozef Israëls, dy 't it libben byldzje fan it fiskersfolk en de swalkers by de wei, mar eltse kear wer oars en nij. Syn leafdefolle oandacht is foar de lytse dingen fan it libben. Mar binne dat net de dingen dy 't it libben foar in great part útmeitsje en it foar de measten fan ús syn wearde jowe? Dat deistich bistaen, dêr yn it húske efter de sédyk, dêr yn dat doarpke op 'e terp, it is net sa geweldich. Mar dy dyk en dy terp, binne dat gjin greate wurken, ‘mânsker as piramide-bou foar keninggod’, dy 't tsjûgje fan in dreech en steech wollen en in great kinnen? Der mei hwat fan de âlde kriich en krêft forsille wêze, de bân mei it forline bliuwt lykwols en al twivelet hy soms
| |
| |
oan de takomst, dy twivel is him nea oermânsk wurden en hat him nea forlaet ta it leauwe fan de wanhope, dat sûnder de ien ef oare politike merkeropper dit folk gjin takomst mear hawwe soe. Syn greate biswier tsjin de lju dy 't sa foar it folk yn it spier hite to wêzen is, dat har leafde net nei it libben fan dat folk út giet, net syn wêzen opnimt, mar dat hja foar alles it dichtsel fan de eigen siele leavje. Tofolle hâlde hja it minskeguod foar boartersreau en hja wolle, de natûr net achtsjend, in kostlik park meitsje, ‘mar dea komt mei en yn 'e woestenije bliuwt gjin libben oer’.
Soe it net wêze kinne, dat ús tiid foar dizze opfettingen mear bigryp hie as de tiid dêr 't hja yn ûntstien binne, foech tweintich jier lyn? De minsken fan ús dagen lykje hwat skruten woarn to wêzen fan greate wurden en net sa gau mear ré om elts únthjit to leauwen. Dêr kin it gefaer yn lizze fan ûnforskilligens foar de publike saek oer, mar it kin ek liede ta it soune bigjinsel, dat de lju dy 't der mei piele op dieden ferge wurde sille mear as dat krekt acht slein wurdt op hwat hja sizze. Om greate dingen to birikken sille wy faken hiel lyts bigjinne moatte.
Dr. Postma syn fersen leare jin it skynber lytse to sjen ûnder it ljocht fan de ivichheid. Dêryn laeit syn bitsjutting, foar hjoed en - moarn. De kommende jierren sille miskien greate foroaringen yn Fryslân bringe. It sil folle frjemds opnimme moatte en dat sil allinne sûnder skea kinne as it dit oan it eigene to assimilearjen wit. Dan sil it eigen wêzen net forlern gean en dat wêzen fynt ien fan syn suverste iepenbieringen yn de fersen fan dizze dimmene sjonger, dy 't sels miende, dat er to fêst oan it forline siet om troch de jongerein biachte to wurden. Mar it Fryslân fan syn forline, dat is it ivige Fryslân en ek as mannich ding forgong, dan sil der noch eat trilje ‘dat Fryslân is, sa 't it yn dizze siele song’!
|
|