D.A. Tamminga:
Folk op 'e planken!
Thúsreize. In spul fan 'e séwâl yn fjouwer útkomsten, fan Fedde Schurer. Fuotljochtrige Nû. 1. De Tsjerne, Bigot en v. Rossum.
Hil is út 'e rie, In spul fan leafde en misbigryp, fan Fedde Schurer. Fuotljochtrige Nû. 2.
Ynkertiering, In ienakter út de mobilisaesje, fan Fedde Schurer, Fuotljochtrige Nû. 3. De Tsjerne, Bigot en v. Rossum.
Ingelske the, Fleurich stik yn ien bidriuw, fan Y. Poortinga, Utjefte Kristlik Frysk Selskip.
It dilettantetoaniel yn Fryslân dat yn Fryske tael stikken op 'e planken bringt, hat in wakker ynteressante skiednis, dy 't in rek tiid bislacht fan mear as tachtich jier. Der is hjirre sûnt 1860 yn dy âlde doarpsjachtweiden en faek primitive lokaliteiten fan ús lytse stêdden gâns hwat ôftoanielspile. It sizzen, de Friezen binne in folk fan foardragers en toanielspylders kin dan ek al rêstich forwiisd wurde nei de rubryk: mandetael, sa algemien docht dizze wierheit bliken.
Hwa 't de kranteforslaggen fan de ûntelbere foardrachtekrigen, doarpsjounen en kritegearkomsten neigiet, hwa 't nei April '45 de bifrijingsreveue's as poddestuollen út 'e groun rizen sjoen hat of hwa 't bikend is mei it publike sukses fan de ploech Tetman de Vries, kin sûnder oan mythefoarming to dwaen in objektyf feit fêststelle, ditte: it Fryske folk hat yn brede lagen forlet fan toaniel as dramatisearre werjefte fan eigen inerlik libben.
Der waerd de lêste jierren wol klage, it Fryske folkstoaniel siet yn in gloppe. Nei de gloarieuze dagen fan Canne en Schuitmaker kamen der to min jonge skriuwers fan folksaerdich toaniel nei foaren, dy 't ris in oprjocht, nij lûd brochten. Somliken rikten boppe har macht as skriuwer of ek boppe de macht fan har publyk; âlde, ôfbrûkte procédé's kraeiden kening; sentimentaliteit en moaralisme sloegen tofolle foar master op.
Dizze klachten krije de lêste tiden nammersto skerper aksint,