De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 184] [p. 184] Jan de Jong: Winterjoun Nou hat de snie syn mylde tekken lein Oer alles hwat ûnrein wie en ûnwier; Oer alles hwat forstoarn lei, âld en skier, Spraette er syn rynske skientme, ljochtfoltein. Joun leit der oer it gea in hoare rêst, In frjemde húvring as in himelsk fielen... - Is dit de wrâld fan kâld, lytsminsklik pielen? Hjoed lykje alle ierdske skelen dwêst. Wy gean' oer 't fjild, yn ynlik lok bisletten En hawwe it leed dat ús bitiist, forgetten. It twiljocht jowt oan 't gea sa'n mylde glâns, Dat yn ús herten alle langsten dwêste En wylst de hânnen yn elkoarren rêste, Geane wy, bliid as bern, it sniepaed lâns... Leafdeliet It is de stille frede yn dyn wêzen, It is de fromme langst yn dyn gemoed, Dy 't makket, dat ik dy sa ynlik leavje. Dêrom, myn lok, is it by dy sa goed. It is de ljochtglâns yn dyn leave eagen, De waerme lôge yn dyn jonge siel, De mylde skientme fan dyn hearlik wêzen, Dy 't makket, dat ik my sa lokkich fiel. O leafste, ryk troch skientme-seine, O breid, yn leafde en lok folsleine, O mylde jefte Gods, sa rynsk en swiet, O taforlit, sa hiem as libbensstoarmen brûzje, Om dy sille ivich as koralen rûzje De blide akkoarden fan myn leafdeliet. Vorige Volgende