De Tsjerne. Jaargang 1
(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 180]
| |
Freark Dam:
| |
[pagina 181]
| |
om in praetsje, dan krige er syn guitaer en spile en song fan: Le soleil de Marseille.
De moarns neidat ik ‘foar it lêst’ myn hier knippe litten hie is der ta ús greate fornuvering gjin appèl. Alteast net om seis ûre. Oan acht ûre ta bliuwt de barak yn rêst, heal bliid, heal yn freze. Dan komme de Frontführer en de Lagerführer yn harren gielgriene unifoarmen, de reade heakekrúsban as warskôgjend teken om 'e earm. Nêst harren, yn boarger, de Bauführer, de almachtige Nazi, dy 't de kribben lâns eaget en freget: ‘Wieviel Leute sind hier?’ De Italjanen binne fan binaudens alhiel ûnder de tekken krûpt en wy lizze mei bounzjend hert to wachtsjen. Nei in hoart skreaut de Lagerführer: ‘Gepäck fertig machen. Um neun Uhr alles 'raus!’ Geflok yn alle mooglike talen. Mar om njoggen ûre steane wy ré op it plein. Nou noch op transport? Guon sizze, it moat hjoed 23 April wêze, A.D. 1945. De Russen sitte yn Berlyn, de polierGa naar voetnoot1) seit it sels. En foar Pinkster ha wy op 'e bifrijing rekkene. Peut-être... Ik sjoch Jean Bidault stean. Yn syn wyt coiffeursjaske, in alde reade sjael om 'e hals, oars gjin bagage as syn Brottasche en syn guitaer op 'e rêch. ‘Dou ek mei op transport, Jean? Woe de Lagerführer dij hjir net hâlde?’ Alles giet fuort, hat Jean heard. Mei komt der in greate Lastwagen oandinderjen. ‘Gepäck aufnehmen!’ Alle fjirtich op 'e iepen auto. Sleeswyk-Holstein yn. Foare by de chauffeur sitte twa Italjanen, dy 't oanhâldend de loft yndikerje. 't Wie ús earst net rjocht dúdlik, hwerfoar. ‘Tieffliegergefahr’, seit de chauffeur. Och kom. Hwat soene de Tommies op in twangarbeider tsjin hawwe, dy 't út Marseille, Brindisi of Eastersé komt en nou forsutere en útlibbe oer de keale diken foarby Husum rydt? Nei in oar lager, mei oar wurk en oar iten. Elke foroaring is noch gjin forbettering, dat seine wy al doe 't wy noch frij wiene. En sûnt dy tiid | |
[pagina 182]
| |
ha wy der noch al hwat by leard. It wurdt wol Pinkster yn Fryslân en Marseille bûten dy en my, Jean Bidault...
Ynienen forskine der twa jagers yn 'e loft, yn 'e fierte boppe de bosken by Flensburg. Us auto rydt troch. Ausländer wurde dochs net bisketten? Ynienen swinke de jagers en ek ynienen stiet de auto stil. Hwat is der oan? ‘Alles 'runter,’ skreaut de Transportführer, ‘Tiefflieger’. Hwat, soene se it op ús foarsjoen ha? - Ja, op dij misskien, Transportführer. It iene tastel sirkelt boppe ús. In biddende wikel. Hwerom springe wy net fan de wein of? Op it lêste momint stout ús keppel útinoar, it lân yn. Tweintich, tritich meter fan 'e wei ôf liz ik tsjin in beamstronk oan as de iene Tommy bigjint to mitraillearen. Sjitte se op my of oer my hinne? God, God. Né, God hat lak oan dij. Ien kûgel en dou bist oan 'e oare kant.
As in keppel skiep steane wy in kertier letter om 'e auto hinne. De laedbak is oan spuonnen sketten. In wyt jaske mei in reade sjael en reade plakken. Jean Bidault, myn freon. Dea is er al, lykas Majola, de Italjaen, dy 't skean ûnder de auto leit. To let binne hja fan 'e wein sprongen. Wy sjogge de ploech lâns: Hwa misse der en hwa kinne jit fierder mei? De Transportführer jowt bifel, de auto meiinoar nei it doarp to skouwen. De deaden der earst op, twa nêstinoar. ‘Leist' dêr hwat noflik, Jean Bidault? Sil 'k dij de Brottaschè ûnder 'e holle dwaen?’ Los, fêster!! De auto rollet al wer.
Under de beamen foar de doarpsherberge hâldt de Transportführer appèl. Twa numers ûntbrekke. ‘Nummer sechs und dreiszig. Sechs und dreiszig!’ ‘Ja, hier'!’ rop ik. ‘Nein, es ist der Frisör, der Bidault, dort auf dem Wagen, tot.’ ‘Abnehmen und begraben.’ Mei syn guitaer wurdt it kapperke yn de marsken bidobbe. Ek yn 'e himel meist' wol sjonge fan ‘Le soleil de Marseille’, Jean Bidault... | |
[pagina 183]
| |
Ik stap mei Jean syn Brottasche op 'e rêch wer op 'e auto, dy 't reparearre is. Noch in dei en in nacht ride wy, of lizze yn 'e barm of steane stil by doarpsherbergen. Hwerom ha ik my de kapper syn bagage ta-eigene? Ik wit it net. Wearde sit der net oan, en brûke kin ik it alhiel net.
.... In jier letter. Hwerom sitst sa nei dy plaet to sjen, dêr njonken de skoarstienmantel. - Reklame foar ‘Lotion de Paris’. En dy foto? - In frou út Marseille, dy 't fan Jean Bidault hâlde, peut-être. Lykas dou fan my. Dyn foto hie ek yn Sleeswyk-Holstein weiwurde kinnen.... |
|