De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 178] [p. 178] Klaes Dykstra: Fantasij In kleurich mearkelân to dreamen, Eksoatysk myld, Dêr 't roazen bloeije oan gouden streamen, Bloedread en wyld - Dêr 't ranke boatsjes sierlik driuwe Fan glâns oertein En sulverljochte fûgels kliuwe Yn gouden rein - En dan yn 't rûzjen fan har fearren, Yn 't spielend wiet, In triljende muzyk to hearren, Bitsjoenend swiet!.... De ljochte kleurebylden rane Ta floeiber goud; Yn 't jounljacht stiet in rút to barnen Yn 't ramt fan hout. Fisioen De simmernacht Spint oer it gea syn reagen En 'k mien, twa eagen Sjogge my nou oan; Ut 't tsjuster wei, Twa glinsterjende eagen, Dêr 't stille leafde yn bloeit, Al mylderoan.... [pagina 179] [p. 179] Ofskie It keine oantlit bûgend oer syn holle, Dy 't sillich-stil har yn de skerte lei, De smelle hân, dy 't him de sliepen kuolle, Hja sprieken mear as ea it mûlke sei. Hy loaike omheech yn dizze leave himel En seach twa stjerren glinstrjen, wûndre tear.... Dit bleau him 't iennich beaken, doe 't er ienmel Dreau om 'e súd mei rânsel en gewear. Soldatebrieven Idere joune let siet hy to skriuwen, Op Kreta, fan syn leafde en iivge trou. En dei oan dei joech yn 't lân fan dize en miuwen De post in brief oan 't kwierich famke ou. Dat hat sa, mien ik, trije jierren duorre. En 't fredesliet song wol in frjemd refrein: Doe 't hy weromkaem yn de âlde buorren, Foun hy it fanke oan de post forsein. Vorige Volgende