De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 169] [p. 169] Kees Jongsma: De Parrebeam Wês as de bloeijende parrebeam, Fol en roun fan de Maitiidstwirre Yn blossom spattend; rypje hjirre 't Fûlst' bigearen út jonkheit's dream, Ut twigen en wyt-bikalke stamme, Triljend, net wittend de namme, de namme. Wês as de fruchtbere parrebeam. Wês as de skomjende parrebeam, Ienris de groeijende fruchten to fielen, Yn hope en blidens it wûnder to dielen Mei dizze smertleaze Maeije-kream, Yn foarm en follens út to tinen Op d' amme fan jonge, bolbjirken winen: Wês as de beevjende parrebeam. Vorige Volgende