De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 168] [p. 168] Ernst Huisman: Idealiste Foar har is alle hoop forlern: Hja hat har tiid foarby gean litten En bleau mei 't hert allinne sitten. Nea boartsje oan har fuotten bern. Nou siket hja as surrogaet In libbensdoel yn oare dingen En toant har yn forienigingen Op mannich front in goed soldaet. Mar midden yn fûleindich striden Krûpt as in lef forrie bytiden In greate langst yn har omheech. Dan fielt hja al har krêften brekken En gûlend ûnder 't koele lekken Wit hja har libben kâld en leech. Vorige Volgende