sfearen elkoar rekken, yn de litteratuer, forskeelden wy himelsbreed, wylst hy it dochs krekt wie dy 't my ta Fryslân en ta it dichtsjen en skriuwen brocht (mar hwa sil sizze, hoe 't it roun wie, hie hy der net west?) Foar him, mei syn seldsume reseptive bigaefdens yn dat stik, koe de kunst nea mear, of nea hwat oars wêze as in ryk en forsierjend oanfolsel, of in ‘muzikale’ fortolking, fan syn religieuze en ethyske forwurvenheden. ‘De poëzij as liturgy’, hat er my ris skreaun, nei in ûnweardige en brike oanfal fan myn kant op in liet fan sines foar de frijsinnige jeugdbiweging. Hy wie mear reseptyf as produktyf, mear kunstleafhawwer
as artyst, it ‘tsjin de trie’ wie him folslein frjemd, foar him raenden it ethysk en it aesthetysk ideael gear, yn de hegere synthese fan de folslein suvere minske dy 't him duorjend foar eagen styng.
Om skeppend kunstner to wêzen wie hy in to harmoanyske natuer èn... to earlik, to ûnearsuchtich, to pynlik fan artistyk en ethysk gewisse, soe 'k hast sizze wolle.
Hwat er oan dichtwurk neilitten hat, in bondeltsje Hollânske poëzij, in Fryske oersetting fan Coleridge: ‘Ballade fan de âld matroas’, en de Fryske bondel ‘Jiergong’, it is technysk tige knap wurk, mar minsklik bisjoen fan mear bilang as litterair. Tekent binammen ‘Jiergong’ de minske ta fuotten út, yn syn ûneinige leafde foar de minske en de natuer yn ûnforwrigbere forbounens, yn syn gefoeligens foar de wikselingen yn de jiercyclus, yn syn duorjend projektearjen fan de natuer en syn sfear op de phasen yn it minskelibben, yn syn gefoeligens foar en syn idealisearjen fan it ‘Frühlings erwachen’ fan de puberteit, - dochs treft, nettsjinsteande inkelde sublime fersen yn dit typografysk hwat al to dekadint forsoarge boekje, iderkear wer dat tokoart oan ynspiraesje, as gefolch fan in tofolle oan harmonij. Dizze fersen binne net spûntaen ûntstien út need en twang, mar muoisum opboud út de aesthetyske boustiennen dy 't sa mannichfâld yn syn geast réleine.
Miskien hat de daemon fan de twastriid yn him libbe, mar hy utere it net, en hat it ek net útfochten, wol 'k leauwe, - hy gunde dy twastriid gjin plak yn syn wêzen. En artistyk útfochten hat er it alhiel net, hy swei poëtysk, nei syn ‘Jiergong’ en hie dêr frede mei. Men kin it miskien better omkeare en sizze: Doe 't er swei hied er der frede mei dat er ea dichte hie.