De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 65] [p. 65] [Nummer 3] Sjoerd Spanninga: Krysttiid 1945 Wy ha net it libben, wy hawwe de dea, Mei in geast, dy't skriklik misdie. En ús sûnden, lyk as skarlekken sa rea, Hwa wasket se wyt as snie? Wy binne wol grif út de greatskens skaeid, En ús foet doelet fier fan honk. Mar elk, dy't syn skuld yn de heechmoed klaeit, Fortsjinnet de skurft ta pronk. Meitsje Jo fan ús siele in nij testamint Foar al hwat oan himselme lijt. Sjoch, de krêbbe stiet ré yn de gammele went Fan inkeld eigengerjuchtichheit. Der is ús noch amper it sykheljen bleaun, En wy hawwe fan folle forlet, Mar it meast - en dêr hoeve gjin psalmen oer skreaun -, It meast fan in werberne hert. Vorige Volgende