Tsjerne-priisfraech.
Yn ús Febrewarisnûmer kundigen wy in priisfraech foar koarte forhalen oan. Hjir folgje ús konkrete bitingsten.
1. | Wy freegje in forhael, dat op syn minst fjouwer, op syn meast acht siden fan DE TSJERNE bislacht. |
2. | It forhael moat in ôfroune gehiel foarmje; fragminten fan greater wurk komme net yn bineaming. |
3. | It forhael moat oarspronklik wêze; gjin fortaling of biwurking. |
4. | It pompier mei mar oan ien kant biskreaun wêze. Wy stelle it tige op priis, de bydragen yn mesineskrift to krijen. Is dat net mooglik, dan yn elts gefal tige dúdlik hânskrift. |
5. | De skriuwers moatte har bitsjinje fan de nije Fryske stavering. |
6. | It forhael mei net teikene wêze mei skriuwersnamme of skûlnamme, mar moat in motto drage. Ek op it omslach gjin ôfstjûrdersnamme oanjaen. Elk skriuwer sil in sletten slûf byfoegje, dy't fan bûten mei syn motto biskreaun is en fan binnen namme(gjin skûlnamme) en adres fan 'e skriuwer bifettet. Dizze slûf wurdt earsten iepenmakke nei de útspraek fan'e jury. |
7. | Der wurde trije prizen biskikber steld: in earste priis fan f 100. -, in twadde priis fan f 50.- en in tredde priis fan f 25. -. |
8. | De jury bihâldt him it rjocht foar ien of mear fan dizze prizen yn to hâlden. |
9. | De redaksje hâldt de biskikking oer de ynstjûrde forhalen, bikroand of net bikroand, yn safier dat hja it rjocht hat se yn DE TSJERNE to publisearjen tsjin it wenstige honorarium fan f 4.- de bledside. Dit honorarium fait bûten de ev. takinde priis. |
10. | Bydragen moatte foar 15 April 1946 ynstjûrd wêze by de redaksje-samler fan DE TSJERNE: F. Schurer, Adm. de Ruyterweg 286III, Amsterdam-West. |
11. | De jury wurdt foarme troch de redaksje-kommisje far DE TSJERNE. |
UTJOWERS EN REDAKSJE.