De Tsjerne. Jaargang 1(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 26] [p. 26] A. Deelstra: For ub Op 'e joun fen 'e Nasjonale Feestdei waerd to Grins op 'e Greate Merk in fjûrwirk ôfstitsen. De ruines fen it Skoltenshûs riisden as symboalen fen it Tredde Ryk neaken en wreed oerein. En yn dy joun do't heech de fjûren lôgen De pylken baernend barstten yn 'e loft, It blide ljocht yn greate, brede bôgen It folk oerstreamde, gearkaem op in kloft. Dy joune by de neakene sylhouetten Fen 't Skoltenshûs - forbriz'le en forbaernd - As wylde planten yn de nacht opsketten, Ha dizze bylden ús ta ynkear maend. Hwent op dy souder Ub, en yn dy kelder, Dêr bistou martele en skopt en slein.... Mar jimmer bleau dyn geast by de forhoaren helder En nea hastou ien ink'le namme sein. En yn dy joun, by 't lêst oerwinnend lôgjen Wylst de bifrijing oer ús hinne gie, Wier't of der yn det ljocht - for elk to skôgjen It byld fen dy en al dy helden stie. Vorige Volgende