Sjoerd Spanninga:
Maria Magdalena
Hja waerd forhúnd fen 't miene folk en skriftgelearden,
Opslûpen jonges smieten hjar smoarge wirden efternei.
Fen alle ljue, dy 't ljeaver oaren as hjarsels bisearden,
Fleagen de stiennen fen forachting lâns de smelle wei.
Hwent sjuch, dit foarrjucht hat ús frommen teikene en merke,
Wy sûndigje hwèt graech tomûk, mar mije 't ljochtskyndei!
In wiif, det hjar net steurt oan houlik en oan tsjerke,
Det is den dochs wol hast it alderslimste, nou?
By sa'n ien wirdt men yn it gleone kwea mar sterke,
Det jowe wy ús, iepen, nea net mei sokke skepsels ou,
En harkje wy, de holle op 'e side, nei de wraek der Farizéën,
Hja ommers witte hwet de Heare takomt - en de frou.
As immen tsjoent mei eagen as fen harten en fen réën,
Ef sydlings oanhâld siket by in haedman oer soldaten,
Den falt de wierheit foar yen iepen as it gêrs yn swéën,
Dêr hoege wy net fierders oer te preekjen en te praten.
Howol it gauris bart, det minsken hjarren lilk forsinne,
De oaren den altyd, wy net fensels, wy útforkarde maten...
Mar just nei hjar, dy't aloan trape en forned're binne,
En helpleas as in bern hjar fiele yn dizz' wrede wrâld,
Giet faeks wol de forbirgen wysheit út mei goddelike minne,
It oardiel fen de greate mannichte det lit hjar kâld.
Hwent eltse siele, dy't hjar for de Ljeafde bûgt, scil dije,
En fynt by hjar it Libben wer, hjar oarsprong en bihâld.
Ho't ek de heechmoed en de waen hjar heimelik forspuije,
Hja wit forjeffenis by Ien; hjar nardus is it leauwend herte,
En mei hjar hier scil se de triennen fen it lijen druije.
|
|