Taaltalinten
Van der Meer stelt fêst dat Fryslân in twatalige provinsje is. Dat hâldt neffens him yn dat in elk sels mar witte moat hokfoar taal te brûken. Dat liberale stânpunt sil grif net folle bestriders fine. It giet yn dit gefal lykwols net om samar in ynwenner fan de provinsje, mar om de Steategriffier yn funksje, dy't, dat seit himsels, bûten syn wurk Nederlânsk, Sjineesk, Spaansk, Sranan, Swahili, en wat allegearre noch net mear, prate mei. It moat dochs net mâler wurde. Mar, sa seit Van der Meer, fan in griffier dy't mei minsken dy't Frysk of Nederlânsk prate organisatoarysk (of net-organisatoarysk!) omgean moat, mei frege wurde it Frysk yn alle gefallen foldwaande passyf yn de macht te hawwen, of de reeëns te hawwen om dat binnen koarte tiid te learen.
It is dúdlik: it Frysk kin feitlik suver net better op it twadde plak set wurde. En troch dat te dwaan slút de warbere folksfertsjintwurdiger moai oan by in sa stadichoan al âlde tradysje yn it Fryske iepenbier bestjoer. Dy tradysje is dat as hjir net-Frysktalige boargemasters, gemeentesekretarissen of oare amtsdragers beneamd wurde, it Frysk noch hieltiten fierder yn it einekroas bedarret. Alle moaie foarnimmens by en foar de beneaming om it Frysk te learen, dat wol sizze te praten, ferdwine meastentiids al gau oan de oare kant fan de seedyk, of blike mei in te lyts taaltalint gewoanwei net wier te meitsjen. Sa hawwe alle kommissarissen fan de keninginne oant no ta noch net folle furoare makke mei har Frysk-ferbale talinten. Soks is net bot earfol foar de oanbelangjende amtsdragers en suver beskamsum foar de lju dy't hja tinke te bestjoeren.
Tagelyk kinne en moatte boargemaster Bert Kuiper fan Skarsterlân en Hayo Apotheker, earder boargemaster fan Ljouwert, hjir mei eare neamd wurde. Van der Meer soe yn dizzen fierders in foarbyld oan de foarsitter fan syn eigen Keamersintrale, wethâlder Arno Brok fan Ljouwert, nimme moatte. De hurde praktyk is lykwols dat in healsêfte eask, lykas Van der Meer dy wol, werklik net mear oplevert as de healbakken Fryskens fan de Ljouwerter baly-amtners: ‘Ja, mijnheer, wij verstaan Fries, maar uw Fries kunnen wij niet verstaan.’