De ynhâld
De measte en de fûlste striid sil lykwols gean oer wat der yn sa'n nij museum te sjen wêze moat. Dêroer is daliks al in soarte fan rjochtingestriid ûntstien. Mei as tsjinpoalen kultuerdeputearre Bertus Mulder en Huub Mous fan Keunstwurk.
Mulder wol perfoarst de besteande doelstellings fan it Frysk Museum hanthavenje. Folop omtinken foar de Fryske skiednis yn al syn fasetten dus, mar dan wol yn in flot en fisueel modern jaske. As fan de ‘produktôfspraken’ tusken Museum en Provinsje ôfwykt wurdt, moat de provinsjale subsydzje miskien wol op 'e nij besjoen wurde, sa drige de deputearre sa'n bytsje.
Foar konsulint byldzjende keunst Huub Mous is it gewoan spitich dat it legaat nei it Frysk Museum giet. Hy fynt dat der in museum fan de ienentweintichste ieu komme moat, eksklusyf foar moderne keunst yn al syn ferskiningsfoarmen. En dat yn in gebou, dêr't byneed ek plak is foar bygelyks in winkel- en in fitness-sintrum.
Opmerklik is de opfetting fan âld-direkteur Wim van Krimpen, dy't no de baas is fan it Haachsk Gemeentemuseum. Neffens him moat it Frysk Museum gewoan bliuwe dêr't it no is, om't in nij gebou gjin inkelde winst opleverje sil, grif net wat it tal besikers oangiet. Ek in apart nij museum foar moderne keunst op it Wilhelminaplein soe yn syn eagen folslein oerstallich wêze, sjoen it feit dat dy moderne keunst it no yn it hjoeddeiske Museum al hiel goed docht. As der dan in nij museum op it sintrale plein komme moat, soe it in Mata Hari Museum wêze moatte. Dat der hast neat museaals oer de legindaryske spionne bestiet, fynt Van Krimpen gjin beswier: ‘Dat is allemaal wel te maken...’ Hy hie de lakers op syn hân.