Meinimmend debút fan Henk de Haan
Jitske Kingma
Henk de Haan, De nacht fan de stroffelstiennen. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2002. 144 siden. € 13.50.
Twa mannen fine by it ôfgraven fan in stik grûn in lyk, dat al tsientallen jierren bedobbe west hat. It ferhaal efter dat lyk fassinearret de rintenierjende winkelman Bonne Feenstra en yn De nacht fan de stroffelstiennen wurdt de lêzer mei him op paad stjoerd, de skiednis yn, om efter dizze histoarje te kommen.
Henk de Haan (19??) hat yn syn debútroman foar in populêr sjenre keazen: de misdiedroman. Mei syn earsteling lit er sjen, dat er goed fertelle kin. It praat is soms wat jeuzelich en guon fynsten krekt wat te tafallich, mar troch de bank nommen is it dochs in net-ûnfertsjinstlik debút yn in populêre kategory, as ferdivedaasje op in hyt strân of winters by de waarme kachel.
Bonne Feenstra hat net al te folle mear om hannen. In loopke nei de winkel, wat fytse mei de frou en it deistich hichtepunt: it lêzen fan 'e krante. De fynst fan it lyk is foar him dan ek oanlieding, dat hiele ferhaal ris út te sykjen. Ien fan de krinkjespuiers op 'e brêge jout him in oanwizing foar dejinge dy't in protte wit oer it ferline fan de streek, Andrys Pikeboer. Wat dy nei foaren bringt, fassinearret Bonne en syn frou Anny. Pikeboer fertelt him oer de Poalsk-Fryske kanaalarbeider Andreaz Kowalski, dy't ynienen ferdwûn is. Mar sa't dat heart by in misdiedroman, is dat net it iennichste spoar dat Binne folgje moat. Der is ek noch in net opheldere ferdwining fan in Dútske jonge dy't spul krigen hat mei in pear knapen en nei in fjochtpartij ferdwûn is.
Henk de Haan lit mei dit boek sjen dat er wol skriuwe kin. Sa hat er bygelyks de begjinnende relaasje tusken Geartsje en Andreas hiel meinimmend tekene. Ek yn de flashbacks, dêr't guon feiten út it ferline út Bonne syn eachpunt wei op nijsgjirrige wize yn ferteld wurde, is De Haan syn stoffe master. Hoe't eartiids it graven fan it Tsjongerkanaal yn syn wurk gong, bringt er goed en dúdlik oer. Mar de dialogen komme gauris net sa bêst út 'e ferve. De haadpersoanen wikselje algemienheden út oer kofjedrinkerij en meitsje opmerkingen lykas: ‘Ja, de tiid giet hurd.’ Ek falt de skriuwer no en dan yn herhelling. Dan hat er krekt in ferhaal ferteld en even letter lêze je presys itselde nochris, yn in dialooch fan minsken meiinoar. Dat is spitich, want dan hellet er mei ien streek de faasje út it ferhaal.
De karakters ha ek wol wat stereotyps. De lilke heit, de leafdefolle frou, de opstannige arbeider, Anny fan Bonne, it praat fan de arbeiders en Onno syn maten. It giet dúdlik net om psychologyske djipgong, mar om de yntriizje. En fansels moat de lêzer op 'e ferkearde skonk setten wurde. Dat bart en de ein is ferrassend, sa't dat by in misdiedroman heart.
Henk de Haan soe syn eventuele folgjende boeken foar publikaasje in pear kear goed lêze (litte) moatte, om oerstallige stoplapen te ferwiderjen, dan soe er in fêst plakje yn de sutelkroade feroverje kinne mei de trije-ienheid: leafde, misdied, mystearje.