| |
| |
| |
De memoires fan Elie Wiesel: En dochs...
Marga Claus
Elie Wiesel, Alle rivieren rinne nei see. Memoires. Earste diel 1928-1968 (I, 302 siden; II, 314 siden)...mar de see rekket nea net fol. Memoires. Twadde diel 1969-1996 (I, 302 siden; II 330 siden). Fryske oersetting Jacobus Knol. Kristlik Fryske Folksbibleteek, Aldehaske, resp. 1999, 2000 en 2002. € 16,00 it diel (foar leden € 11,50).
‘Doe't de nazy's kamen om de roomsken op te pakken, haw ik neat sein, want ik bin net roomsk. Doe kamen se om de leden fan de fakbûnen; ik haw neat sein, want ik bin net lid fan in fakbûn. Dêrnei kamen se om de Joaden, en om't ik gjin Joad bin, haw ik neat sein. En doe, doe't se kamen om my op te heljen, wie der nimmen mear om foar my op te kommen.’ (Martin Niemöller)
Dit sitaat is ien fan de oangripende fragminten út de memoires fan Elie Wiesel, de Frânsktalige joadske skriuwer en Nobelpriiswinner. Begjin dit jier ferskynde it fjirde en lêste part fan de Fryske oersetting. Dêrmei hat Jacobus Knol in prestizjeus en yndrukwekkend projekt ta in goed ein brocht.
It wie in ferfrjemdzjende ûnderfining om my yn de memoires fan Elie Wiesel te ferdjipjen yn deselde tiid dat it konflikt yn it Midden-Easten foar de safolste kear ta bloedige hichtepunten kaam. Hoewol't de ferbjustering en lilkens yn beide kampen grut is, is de moedeleazens oer mooglike oplossingen namste grutter. Op 8 maart, de swarte freed dat de kranten melding makken fan mear as fyftich deaden op ien dei, foar it grutste part Palestinen, lies ik boek 1 út. Under boek 2 en 3 gûnzen de beskamsume feiten oer Srebrenica troch ús lân, en it lêste boek sloech ik ticht op 6 maaie, de deis dat Pim Fortuyn fermoarde waard. Lykas elkenien freegje ik my ferbjustere ôf yn hokfoar wrâld wy libje.
Hoewol't Wiesel himsels dy fraach ek fakernôch stelt, lit er it dêr net by. Dalik yn diel 1 kom ik al syn oprop tsjin: ‘Doch wat, kom ta de died, begjin in wrâldomfiemjende of in privee-revolúsje, mar doch wat.’ It is in sitaat út syn fyfde roman De stad van het geluk (1962). En Wiesel komt ta dieden. As sechstjinjierrige hat er it Barren, sa't er it ûnsisbere neamt, oerlibbe; de swarte Nacht sûnder ein, dêr't mear as seis miljoen joaden by omkamen, ientredde fan it hiele folk.
En sy ha it elkoar tasein, dêre, yn dy oarde fan dea en ferdjer: wa't it oerlibbe, sil de rest fan syn libben tsjûgje. Om de deaden net de skande fan in twadde dea, dy fan it ferjit, oan te dwaan. Om derfoar te soargjen dat de wrâld net nochris yn 'e sliep falle sil en ûnferskillich tasjocht as meiminsken as slachtfee ôffierd wurde. Ommers: ferjit liedt ta ûnferskilligens, en ûnferskilligens ta mandéligens. Dêrom kin Wiesel net oars dwaan as tsjûgje. Tsjûgje, en net oardielje, om't yn de joadske tradysje de
| |
| |
ferantwurdlikheid fan in tsjûge wichtiger is as dy fan de rjochter.
| |
Boadskip
De memoires, dy't benammen de delslach fan dat tsjûgjen binne, bestrike de jierren 1928 oant en mei 1996. De beide Frânske dielen wiene blykber te tsjok, dêrom bestiet de Fryske útjefte út fjouwer bannen.
Wat hat in skriuwer nei sa'n lytse fjirtich romans, dêr't twa bestsellers fan wienen, noch ta te foegjen, frege ik my ynearsten ôf. Oan 'e ein fan boek 4 jout Wiesel sels de motivaasje: syn (oare) wurk hat, oars as by de measte skriuwers, noait kommentaar op syn eigen libben west. De memoires typearret er dan ek as ‘it ferhaal oer syn ferhalen’, wylst de romans mear as doel hiene ‘de wei te sljochtsjen [...] nei de moeting mei de oare en jinsels’: ‘Ik ha oer fan alles en noch wat skreaun, om it iennige dat fan belang is, it iennige dat doel en sin hat, te mijen.’
Dochs is oantinken ien fan 'e kaaiwurden yn syn boeken en yn syn sykjen, sa seit er, want it libben hat gjin doel en sin sûnder oantinken en ûnthâld. En sa begjint Wiesel it earste diel mei it weromsjen op syn bernejierren yn Sighet, in plakje dat troch de polityk hinne en wer skood wurdt tusken Roemenië en Hongarije. Nei it kamp bedarret de jonge Elie yn Frankryk, dêr't er wurk kriget as ferslachjouwer foar in Israelyske krante. Troch dy baan reizget er nei Israel en de Sovjet-Uny, twa lannen dy't er foargoed yn it hert slút.
We folgje syn boeiende libben en lêze (tematysk en mei grutte hinne-en-wer-sprongen yn de tiid) oer de perioade yn Parys, New York en Jeruzalim, oer de Golfoarloch en oare oarloggen dy't Israel oangean. Oer learmasters, lesjaan, it skriuwen, en oer de kift fan kollegaskriuwers. Oer kritiken en polemiken. Oer de Nobelpriis yn Oslo, en oer Sarajewo. Mei altyd en oeral dêr't er ferskynt dat stellen fan dy lestige en pynlike fragen. En dochs: it boadskip fan Wiesel is ien fan frede en fersoening.
| |
En-dochs-mins
Troch al dat krewearjen foar de rjochten fan de mins rinne, as in reade tried fan hoop, de wurden ‘en dochs’. It binne syn twa leafste wurden, skriuwt er as er yn 1993 út ein set, en mei deselde twa wurden sil er trije jier letter syn memoires ek ôfslute. En dochs. Twa wurden dy't yn alle omstannichheden útsprutsen wurde kinne, sawol yn tsjustere as ljochte dagen. De nacht bringt eangst? En dochs giet er foarby. De sinne komt op? En dochs giet er wer ûnder. Alle rivieren rinne nei see, en dochs rekket de see net fol. Al wat west hat, sil wêze, seit de Preker.
Dat ‘en dochs’ ymplisearret it syklyske elemint yn de tiid. It komt der op oan de moedfearren net hingje te litten, al wurdt men noch sa wurch fan alle dingen. Krekt omdat alles sa sinleas is, moatte wy der doel en sin oan jaan. Want ‘wa't ûnrjocht bestriidt en leed fersêftet, al is it mar foar eefkes, al is it mar foar ien slachtoffer, dy skept nije reden ta hoop’.
Is Kafka mei syn ivige twivel oan alles en elkenien ris as ‘aber-Mensch’ typearre, Wiesel kinne we in ‘en-dochs-mins’ neame, mei syn typysk joadske hâlding fan leauwe-tsjin-better-witten-yn; in hâlding dy't werom te finen is yn de chassidyske ferhalen fan syn tradysje. Ferhalen as tsjingif tsjin de berêsting.
Ek it bibelboek Job is sa'n ‘en-dochs’-ferhaal. Wiesel wurdt der yn ûnderwiisd troch Sjousjani, de wûnderbaarlike learmaster dy't him op de wei fan it altyd-mar-trochfreegjen set, om sa achter it geheim te kommen dat yn de kennis ferburgen leit. ‘Hy (Sjousjani) makke my ûnrêstich en fersteurde myn inerlike
| |
| |
frede. En dêr hie ik ferlet fan. Hy sette myn wissichheid yn 'e kiif. Namste better, want dy begûn my ta in lêst te wurden: In minske wurdt foarme troch wat him op 'e hûd sit, net troch wat him fêstichheid jout.’
Studearjen is foar Wiesel ‘op 'e nij ûntdekke’. Binnen it feilige ramt fan de âlde wetten en de tradysje tinkt er him taastend in begeanber paad troch it libben. Hy is as de joad yn it getto fan Warschau, dy't yn opstân komt tsjin God: ‘Sjoch noris hoe't it derhinne leit mei Jo folk! [...] En dochs krije Jo it net foarinoar dat ik oan jo twivelje...’
Kinne guon net (mear) libje mei de ûnmacht fan in God dy't each yn each mei de gaskeamers neat oars dien hat as swijen, Wiesel kin him gjin libben yntinke sûnder dy God. Wat net weinimt dat er dyselde God no en dan fiks yn 'e bek hinget.
| |
Dilemma's
Sa't dy ‘leafste twa wurden’ oantsjutte dat alle dingen yn it libben miskien wol santich kear sân kanten ha, sa leit yn dyselde wurden ek de ivige twastriid fan Wiesel besluten. Sûnder ophâlden skriuwt er boeken en hâldt er hûnderten lêzingen en taspraken rûnom op 'e wrâld, dwers tsjin de stream fan moedeleazens, eangst en wanhope yn. Lykas Malraux, dy't him ta skriuwen oantrunet, is er fan miening dat ien fan de taken fan literatuer is om it ûnrjocht oan de kaak te stellen. Hy twifelet der net oan of keunst nei Auschwitz moat in etyske diminsje ha, om wekker te skodzjen wa't har al te noflik deljûn ha.
Dêrmei stiet er dalik foar it earste grutte dilemma. Want hoe fynt men de goede wurden? ‘Dejinge dy't de konsintraasjekampen meimakke ha en besochten om it ferhaal te fertellen, kenne de grinzen fan har taal: se prate om te sizzen dat gjin wurden by steat
binne om mei te dielen wat ûnsisber is. As men alles sjen litte wol, ferberget men it wêzentlike.’
In keunstner as Marc Rothko komt út by in abstrakte en hast mystike wize fan skilderjen om sa de fûnemintele emoasjes mei noch mar in pear kleurflakken út te byldzjen. Skriuwer Elie Wiesel freget him ôf oft it net better is en kies foar it swijen en de stilte. It wurdt him dúdlik dat der grinzen binne oan it toanen fan wat der bard is. Dat is - ynearsten - syn grutte beswier tsjin it hypermoderne Holocaust-museum dat yn 1993 yn New York iepene wurdt. Noch fûler is syn ferwar by it ferskinen fan films lykas Sophie's choice, en La vita è bella.
De Holocaust, fynt Wiesel, is mei neat te ferlykjen en lient him net foar fiksjonalisearring. De Nacht moat yn it ûnthâld fan it minsdom bliuwe, mar net as in filmspektakel. De keunst sit him yn it weilitten, sa as de emoasjes yn de wytrigels. Ferwiten dat er sels mei boeken,
| |
| |
prizen en earedoktoraten foardiel út de Holocaust hellet, wjerleit er faker as ienkear.
| |
Freonskip
Dûbelheid en twastriid fine we ek werom yn trije saken dêr't Wiesel fan oankundiget dat er der net oer skriuwe sil: syn priveelibben, saken dy't freonen sear dogge en alles dat it Joadske folk leechleit. In selsbeheining dy't wat keunstmjittich oandocht en dêr't er yn boek 3 wer fan ôf stapt.
Mei ynformaasje oer syn priveelibben is er yndied net skeutich. As er al op 'e tekst rekket oer syn houlik mei Marion of letter oer de besnijenis fan soan Elisha, kiest er foar de tredde persoan om sa de emoasjes oan te kinnen. Hy makket himsels ta taskôger en hâldt de libbenen op in ôfstân, mei't syn hert by de ôfwêzigen is. It soene blide fragminten yn de memoires wêze kinne, mar sa stiket Wiesel net yninoar. It is yn de dreamen oer syn heit, syn lytse suske, of de oare deaden dy't er achterlitte moast, dat er ús tichterby komme lit.
Wiesel hat it mier oan ekshibisjonisme, lês ik. Dat bringt ús by de twadde saak: de omgong mei ‘freonen’, en wol de Grutten fan de lerde, in hieltyd weromkommend item dat my aardich wat argewaasje jûn hat. Hoewol't Wiesel it gauris hat oer syn eigen skrutenens en beskiedenheid, is er mar al te grutsk op syn kontakten mei presidinten, regearingslieders, kollega-Nobelpriiswinners en oare foaroansteande minsken. Alle moetingen en de wurdearjende wurden oan syn adres wurde breed útmetten. Bytiden ferslacht men dêrby yn de nammen, dan is it trochbiten. It is tagelyk in swak punt yn de memoires: Wiesel wol gauris te folslein wêze. In tûke lêzer kin der foar kieze en slach de wat minder meinimmende stikken oer. Dat kin sûnder beswier, want boek 2, 3 en 4 binne tematysk en net gronologysk opboud.
Ut Wiesel syn gefoelichheid foar autoriteit docht bliken dat ek in grut man as hy blykber noch altyd befêstiging nedich hat. Dêr komt by dat Wiesel neffens my mei it begryp freonskip oan 'e haal giet; nei ien moeting hat er it al oer in ‘freon’. Sterker noch, yn diel 4 kom ik de sin tsjin: ‘Bliid dat ik lang om let mei freonen yn 'e kunde komme koe dy't ik inkeld fan namme of fan in foto koe.’
Dochs hat er hege opfettingen oer freonskip. ‘Freonskip of de dea’, sitearret er de Talmoed. ‘Sûnder freonen is it bestean leech, ûnfruchtber, oerstallich.’ Hy is sels fan miening dat freonskip it libben ‘djipper tekenet’ as de leafde. Miskien moat ik de ferklearring fan dizze dûbelheid sykje yn de typearring dy't er jout fan in jeugdkammeraat: ‘Itzu wie nei alle gedachten like ûnwis as ik: hy woe freonen oan him bine.’
Ommers: nettsjinsteande al dy ‘hege’ kontakten bliuwt Wiesel foar syn eigen gefoel it bleue jonkje fan de yeshiva (Talmoed-skoalle) út Sighet, in bleu jonkje dat it fier skopt hat. Mei al dy reizen oer de wrâld en withoefolle optredens hat er noch altyd plankekoarts as er foar in folle seal it wurd dwaan moat, al helpe de chassidyske ferhalen mei har relativearjende humor him om wat minder skruten yn syn kontakten te wurden.
Troch syn freonskippen mei regearingslieders kin it hast net oars as dat guon besykje om him foar de politike karre te spannen. Wiesel is him dat bewust en hâldt de foet bytiden knap by de kûle. As presidint Reagan tegearre mei bûnskânselier Kohl in besite bringe wol op it ss-tsjerkhôf yn Bitburg, docht er alle war om dat te kearen. Ek syn freon Mitterand sparret er net as bliken docht dat dy nauwe kontakten hân hat mei Bousquet, de man dy't ferantwurdlik wie foar de deportaasje fan de Fraânske joaden. Syn reaksjes bliuwe lykwols
| |
| |
myld en binne nea haatdragend.
Dat jildt ek foar syn leafde foar Israel, dy't grut is en solidêr neamd wurde mei. It is de tredde saak dêr't er huverich oer is om oer te skriuwen. Wiesel fielt him as gjin oar ferbûn mei it joadske folk. Hy ûnthâldt him as diaspora-joad fan al te fûle krityk op Israel, hoewol't er mei klam stelt dat gjin joad by ûnrjocht swije mei en ferplichte is om te striden tsjin systemen dy't oare minsken ûnderdrukke. Syn pro-Israelhâlding wurdt him gauris kwea-ôf nommen, ek troch joadske pommeranten.
Yn de memoires jout Wiesel rûnút ta dat er polityk neat ûndernommen hat foar de Palestinen. Yn diel 3 sketst er in minder fraai byld fan Israel, mei syn opmerking dat it skeel fan de joaden ûnderling bytiden grutter is as it skeel mei de Arabieren, mar altyd bliuwt er hoeden yn syn útlittingen. Mei't er it lêste part ôfslút yn it jier 1996, it hoopfolle jier mei it de hândruk fan Arafat en Rabin en de earste frije ferkiezingen foar it Palestynske folk, is dy hâlding foar in part te begripen. Persoanlik fyn ik it spitich dat in man mei safolle ynfloed him net dúdliker útsprekt en sterk makket foar wat teoretysk besjoen foar it gripen leit: twa selsstannige steaten, in Israelyske en in Palestynske, dy't elkoars besteansrjocht akseptearje en respektearje, mei Jeruzalim as mienskiplike haadstêd.
Hieltyd wer falt it op: de grûnhâlding fan Wiesel is myld. Hy realisearret him hieltyd better dat er faak tefolle fan oaren ferwachtet. ‘It binne ek minsken. En dus ta alles by steat. Krekt as elkenien oars.’ Mei dy myldens foldocht er oan in wichtich kritearium om betrouber oer te kommen: ‘teach what you preach’. As er yn 1986 de Nobelpriis foar de frede krijt, begjint er in wrâldwide kampanje tsjin de hate. Hy is derfan oertsjûge ‘dat hate elke oerwinning dy't de kultuer en de beskaving behellet teneate docht. Religieuze hate ûntnimt jin it sicht op God. Politike hate ûntnimt de minske syn frijheid.’
Oer it syklyske yn de tiid praat. De memoires fan Wiesel binne nei 11 september en 6 maaie aktueler as ea.
| |
Tsjûgje
Tsjûgje, altyd mar wer. Mar in tsjûge wurdt wurch. Hat er genôch dien, freget Wiesel him oan 'e ein fan syn memoires ôf. Hat er foldwaande in antwurd jûn op it ‘Adam, wêr bist?’ dêr't er diel 2 mei út ein set. Hat er foldwaande bydroegen mei syn libben, of wie er sa't er sels seit de klown fan Kierkegaard, dy't hieltyd wer ‘brân’ ropt en troch jan-en-alleman útlake wurdt? Al hat er de minsken net feroarje kinnen, hy hat yn alle gefallen de moed hân om mei te dwaan. Swijd hat er net, al wie er bytiden wanhopich oer de (ûn)macht fan it skreaune wurd.
‘jin partij kieze is al partij kieze’, sitearret er Camus. En op de konferinsje foar befrijers yn 1981 seit er: ‘Wy ha ús der tsjin ferset om ús yn 'e stilte werom te lûken [...]. Wy ha ússels geweld oandien om te praten, al wie it dan earmhertich gestammer.[...] nettsjinsteande de beheiningen dy't der besteane tusken wat wy sizze en wat de oaren hearre. Want [...] wannear't de wierheid bedrige wurdt, makket de swijer him der likegoed skuldich oan.’
In oare fraach stelt er himsels. Hat al it krewearjen wat opsmiten? Hy wit it mar al te goed: wat bard is, kin sa wer barre. Wie er nayf en moat er no mar ris harkje nei de lju dy't him oanriede op te hâlden mei omsjen? In oar de klappen heine litte en him rjochtsje op it hjoed?
Oft it der better fan wurdt, stiet te besjen. Neat nijs ûnder de sinne, sei de Preker al. Noch altyd wurde minsken sûnder reden fer- | |
| |
folge, fernedere, ferkrêfte, opsluten, of - (nei't se útprosedearre binne - ôffierd. Noch altyd wurde efterôf de fragen steld: wat wie der bard as dy-en-dy dat-of-dat better ynskatten, regele, oandoard hie? Wiesel frege it oan de Amerikaanske en Russyske befrijers, wy freegje it ús ôf nei it rapport oer Srebrenica. Neat nijs ûnder de sinne en altyd wer de bekende ferlechjes: logistike problemen, strategyske reden, wachtsje op de opdracht fan it opperbefel. As men de saken mar lang genôch foar him útskoot, fielt gjinien him mear ferantwurdlik.
En dochs. In libbenlang lit Wiesel him liede troch it biedwurd út Levitikus: Lo taamod al dam reacha. Bliuw net ûnferskillich as it om it libben fan dyn neiste giet. ‘Want earst hy is dea, dy't ûngefoelich is foar it leed dat in oar oandien wurdt.’
En doe, doe't se kamen om my op te heljen, wie der nimmen mear om foar my op te kommen...
| |
Oersetting
Inkeld al om it hoopfolle perspektyf fan dat ‘en dochs’ is it wichtich dat Jacobus Knol dizze memoires, dy't ek noch priuwkes befetsje út de wichtichste romans fan Wiesel, oerset hat. No't de tiid fan de ideologyen achter ús leit en de grutte myten net mear jilde, moatte wy it ha fan (erfarings)ferhalen. De memoires binne (noch) net yn it Nederlânsk ferskynd. Yn de taal ‘dy't ús mei de brij ynjûn is’ komt it allegear ticht op 'e hûd te sitten, en dat is goed.
It Frysk fan Knol is geef mei hjir en dêr wat ynkonsekwinsjes. It systeem fan de fuotnoaten is my net dúdlik wurden. De iene kear kiest de oersetter foar in ferklearring tusken heakjes yn de tekst sels, in oare kear foar in fuotnoat. By it wurd navenadnik (1-166) stiet alhiel gjin útlis. It makket my wat twivelriedich oer de sin fan in wurdlist achteryn it boek. Dêr stiet foaroer dat it register op persoansnammen, dat spitigernôch earst yn boek 4 opnommen is, tige wolkom is.
Ik weagje my net oan in fergeliking fan dizze oersetting mei de oarspronklike tekst. Dêrfoar kin de ynteressearre lêzer terjochte by ‘De kreaasje fan de oersetter’ fan Alida vd Meulen (Trotwaer 2000-8).
Dat de kffb neist de abonnemintsrige sûnt 1995 ek stiet foar boeken mei mear djipgong is in opstekker. It is te hoopjen dat genôch lêzers de tiid nimme sille en gean derfoar sitten om it ferskaat oan wysheid, mei santich jier wrâldskiednis derop ta, yn har op te nimmen. As men dizze boeken lêst en werlêst, sil bliken dwaan dat lêzen yn 'e djipte, lykas harkjen yn 'e djipte, hiel wat opsmyt.
|
|