Libbenselikser
Jitske Kingma
Toarst
It wie in dei foar famkes lykas wy. Hyt, strakblauwe loft, lij wetter yn teanberik, neat oars te ferstriken as wat lizze, langsten útwikselje, mei de eagen knipperje. Bella hie problemen. Man op 'e flecht, selsbyld nei de Filistijnen, baan op 'e tocht. Mar wy hiene it oer de hûd. Dat dy noch strak wie, linkendewei brûnze, no foar moannen syn gerak krige.
Janna sei oars net as: ‘Waansinnich waar.’ Jenita woe oer har boarsten begjinne.
‘Hee,’ sei ik, ‘harmonie hee.’
Wy wiene wer in oere stil. It wetter klotste om 'e boat. No en dan heakke in roeiboatsje oan om wat te ferkeapjen. Swiete drankjes, te fette koekjes, kleurige doekjes, sieraden, fruit. Lisa woe fan alles probearje. Se knypte yn it fruit, paste de doekjes en knoffelje iderkear nei binnen om nei wat hinne en wer praterij oer de prizen har nijste oanwinst oan de steapel ta te foegjen.
Jenita jitte nochris yn en mompele: ‘Twa liter wetter deis jout de hûd genôch libbenskrêft om ferâldering tsjin te gean.’
‘Allinne foar sa'n fint?’ sei Bella bitter.
‘Gjin finten, gjin sinten, gjin dokuminten,’ sei ik.
‘Waansinnich,’ sei Janna.
Ik seach elkenien ris op en del oan en tocht: ‘Wy kinne altyd yn it neat hingjen bliuwe.’ ‘Nei de simmer doch ik it, dan giet yn elts gefal de helte der ôf,’ begûn Jenita wer.
‘Hâld op oer dy boarsten en bliuw der ôf,’ sei Lisa.
Se begûn in appel te skilen en skylde hieltyd wylder. It meske stuts no en dan al wer mis.
‘Famke, it libben is licht hjoed, sa licht,’ sei ik.
‘Waansinnich licht,’ sei Janna.
Bella knorde wat, draaide har heal om en sei: ‘Mear as it mear is der net.’
‘Wat hearlik dat ik dat net hoech te snappen,’ sei ik.
Hiel eefkes skode der in wolkje foar de sinne. Lisa en Bella skeaten oerein.
Ik bêde se wer del. ‘Ien wolkje mar fierders oars net as sinne.’
‘Witst dochs dat it altyd oarsom is?’ kaam Jenita fanwegen.
‘In lichte dei makket de lêsten fan de tonger licht,’ sei ik.
Yn 'e stilte fan it folgjende healoere waard it lûd fan roeiende riemen linkendewei lûder. Janna waard mei de minút ûnrêstiger. Se draaide har fan de rêch op de búk, mompele wat oer in kaai en hie in djippe tear yn 'e foarholle.
Foar ús allegear wie har sprong nei de roeier ûnferwachte. Hy lei binnen de minút yn it wetter en Janna spatte as in gek fuort mei de motor op flechtstand.
‘Hie 'k ferwachtsje kind op sa'n frouljusproblemetrip,’ sei Janna har man.
‘Wy witte no wer wat toarst is, earder koene wy net drinke,’ sei ik.
‘Watsto toarst neamst, binne gewoan gekke oanslaggen, se hat it bêst.’
‘Waansinnich bêst,’ sei Bella.
‘Mar sûnder rêst,’ sei ik, ‘hast sakrekt it deafûnis fan dyn relaasje skreaun.’
Jenita roeide him nei de wâl en ik fluite fleurich Janna werom.
Wy brûnzen foar wûnder.