Fan de redaksje
Dit nûmer fan Trotwaer is it lêste yn de âlde formule. Mei yngong fan septimber giet ús blêd fierder ûnder de namme De Moanne. Der komme mear algemien-kulturele stikken yn sadat it dan mei rjocht in Frysk opinyblêd neamd wurde kin. De literatuer bliuwt lykwols de rêchbonke fan ‘Nij Trotwaer’. It kreative proaza, de poëzy, de resinsjes en de essees beslaan it grutste part fan de 64 siden dy't it blêd tenei telle sil, en krije boppedat in werkenber plak yn de folslein nije, troch Douwe Huitema ûntwurpen foarmjouwing. De earste trije nûmers fan Trotwaer yn de nije formule hearre ta de jiergong 2002; de abonnees krije it gewoan yn 'e brievebus.
Nei acht jier yn 'e redaksje fûn Sjoerd Bottema it tiid om der mei op te hâlden. Hy hat in belangrike rol spile foar Trotwaer. Syn eigen bydragen wienen altyd fan hege kwaliteit. Oer it wurk fan oaren wie er kritysk as it gie om ynhâld, taal en styl en die er net gau konsesjes. Fan 'e oare kant krige nij en faak noch wat breklik talint fan him altyd in kâns. Foar de kwaliteit fan it blêd hat ek tige fan ynfloed west syn wurk as korrektor fan de printkladden fan elk nûmer. Foar de oare redaksjeleden wiene Sjoerd syn hertlike persoanlikheid en relativearjende humor in ekstra reden om nei in gearkomste te kommen. Aldergeloks bliuwt er fêst meiwurker fan ús blêd.
Mei yngong fan dit nûmer makket Marita de Jong diel út fan de redaksje. Marita is redaktrise fan De Koerier, it streekblêd fan It Hearrenfean e.o., en hat lang warber west yn de slah (Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen). Wy ferwachtsje dat sy mei har romme ûnderfining foaral in fersterking wêze sil fan de sjoernalistyk-kulturele kant fan de redaksje.