gâns mei te stellen hân hat. Hy is gâns âlder wurden, hat no ‘in holle as in knûkelige perkaminten lampekap’, mar is syn streken noch net ferleard. Nier komt dan ek Déa, syn Penthesileia, wer tsjin, se is yn Fryslân foar Simmer 2000.
Dynte is yntusken op kremaasje by Al Pino. Underweis is se Chick Anus tsjinkommen en se wol noch altyd neat mei him te meitsjen ha. Op 'e weromreis giet se nei dokter Taborus, se hat fleagen fan ferbjustering, dat alles mei har yn 'e war is en dat se de dingen presys ferkeard om docht. De skriuwer hat it sels ek sa't it skynt, op in stuit slacht er yn 'e hannelingen om as mâle Jan yn 'e hinnen (‘Se snijt twa kofje, jit bôle en brea yn it kuorke’). Selspot? Wol er dêrmei oanjaan dat it ek him wolris trochrint? Of hat Dynte yn ien fan de fleagen fan de sykte fan Propsma hjir de pinne even oernommen?
As Nier thúskomt nei it trelit mei Resy Prook, is de doar fan Dynte har keamer op 't slot. Nier fynt dêr it lyk fan de man dy't se kenne as Sipma. De saak wurdt ûndersocht troch ‘in eachlik frommis en in kûtige keardel’, de allochtoanen Caro Kan en Ben Oni, dy't better Frysk prate as in soad autochtoanen. De plysje fynt fjouwer briefkes fan tûzen ûnder it matras (‘ús húshâldjild’) en in fjoerwapen, de Lytse Loeger, mar dêr hat Dynte ûntheffing foar. Fansels is dêr de moard ek net mei pleegd, dat soe te maklik wêze. En it jild hat der ek neat mei te krijen.
It heale ferline fan Nier en Dynte en ferskillende haadpersoanen fan eardere aventoeren moatte der oan te pas komme om dizze saak op te lossen. De kriminelen ha allegear har tiid útsitten en komme no wer foar 't ljocht. It liket wol as hat Van der Leest mei dizze ‘grande finale’ alle losse eintsjes dy't yn eardere boeken hingjen bleaun binne yn ien kear ôfhechtsje wold yn syn magyske sânde en lêste diel.
De twadde moard is dy op Henk Jan Willem van Pompon. Dy koe no krekt befêstigje dat er Dynte by it krematoarium sjoen hie en dat sy dus neat mei de dea fan Sipma te krijen hie. Dynte hat wat minder nocht oan de aventoeren. It benearret har mear as eartiids, doe't se oeral foar yn wie. Sa't se it sels seit: ‘Ik fiel my krekt in stripferhaal mei te krappe kaderkes.’ As Dynte in dei mei de bewenners fan âldereinhûs Soarchfliet te Zorgvlied in útflecht meitsje sil, wurdt se by it attraksjepark opwachte troch Dinant Dunant en ‘de twa gewante keardels Kaak Harington en Ros Drinkwater’, dy't der útsjogge as ‘in pear kijdriuwers fan in Amerikaanske skotsploech’. Al hat Dynte dan wat minder enerzjy, se is noch like ynvintyf. Se kin mei de luchtballon fan Oeke Dakke, noch altyd tige ûnder de yndruk fan har glânsrol yn Sjit briker freonen, ûntkomme. Mar se wurdt dan wer efter in pistoal opwachte.
Sa wurdt it wat langer wat gekker, wat briker wat moaier. De skriuwer is yn topfoarm yn syn sjenre as er mei de toets fan de humor en irony de iene nei de oare fynst op 'e siden faget. Foar de leafhawwer in kostlik aventoer. Wa't der net fan hâldt, kin it boek like goed fuort dellizze. Want it is net sa, dat it ferhaal letter moaier of spannender wurdt. It ferhaal is bysaak.
Binne no dan alle losse eintsjes fuortwurke? Nee, der bliuwe noch wol fragen oer. Hoe siet it bygelyks mei dy sykte fan Propsma, waard dat slimmer mei Dynte? Krige dat mear ynfloed op wat se die? Hat se, doe't se alle pillen fan dokter Taborus yn ien kear ynnaam, der echt sels in ein oan meitsje wold? En hoe sit it mei geweldener hûn Kilemoar. Hokker fan de misdiedigers hat wûn en wêrom net? Mar dat