En doe hiene wy it hjir oer en dêr oer en om kertier oer tsienen stie Pol op 'e stoepe. Hy hie trije kroketten meinommen en doe't wy ús tosken deryn setten, hopen wy mar dat der gjin nuvere dingen yn sieten.
Ik sei: ‘Ik sil dy slachter ris opbelje en...’
‘Ast dat mar litst’, sei Pol. ‘Wy ha dy dat dan no ferteld, mar do hast dy der net mei te bemuoien. Dat ferbied ik dy, Martha. Hast it heard?’
Gerda sei: ‘It is sa, Martha, ik fûn it meske en wat wolsto dêr no wer mei?’ ‘De Keuringsdienst voor Waren der op ôfstjoere. Tochst dat?’
‘Ast it mar litst’, sei Gerda en ik sei: ‘Grapke’ en Pol sei dat se mar ris opstappe moasten, want it wie mistich of it soe mistich wurde, hoe wie it ek al wer. En ik wuifde se út, seach gjin mist.
De oare moarns, doe't ik de ôfwask dien hie, wist ik even net wat ik soe en ik pakte de telefoan. ‘Mei de slachter’, hearde ik.
‘Ja, slachter, it is mei Martha. Jo kenne my net, mar justerjûn wie hjir in freondin fan my, dy't Gerda hjit en dy hie in meske yn har byfstikje sitten.’
‘Ja, dat ferhaal komt my bekend foar. Myn frou hat it ôfhandele, mar it wie in rare boel. Wy ha der noch in hiel skoft oer sitten te praten, de frou en ik.’ ‘No is it, gelokkich, goed beteard. Mar wat ik jo no freegje woe: Komt dit faak foar, slachter?’
‘Nee, selden. Hast noait. Noait kinne wy wol sizze. Dat it wie my goed skrikken, nim dat fan my oan.’
‘Sjoch, ik hie fansels mei myn freondin te dwaan, mar ek mei jo. It sil je mar oerkomme, baas fan sa'n ferneamde Keurslagerij en dan soks.’
‘Dat meske wie der útspatten, mei it slaan, it is ús ûntkommen.’
‘Ja, dat haw ik begrepen. No, ik woe jim ek even lokwinskje mei de goede ôfrin. Dat haw ik myn freondin ek dien.’
‘Tankjewol. Aardich fan jo om dat even te sizzen.’
En ik sei tsjin Gerda, dat ik doch de slachter even opbelle hie en Gerda rôp fuortendaliks har Pol der by en Pol sei: ‘Wat hie ik no tsjin dy sein. Do hast neat mei ús meske te skaften. Wat sille wy no ha. Ik hie it dy ferbean, Martha, en dan dochst it doch. Hiest neat betters te dwaan?’
‘Nee Pol, op dat momint net. Ik tocht... mar ik jou ta, ik hie miskien mar better de blommen...’ Dat woe ik sizze, mar ik kaam der net tusken. Hy sei: ‘Wy binne poerrazende lilk op dy, Martha!’
‘En hoelang bliuwe jim dat, Pol? Ien jier, twa jier?’ frege ik.
‘Rekkenje mar op twa’, skreaude Pol.
Myn beide earen diene der sear fan.
(Dit is it lêste fan de füf ferhalen dy't wy in pear moanne foar har ferstjerren op 24 maaie 2001 fan Hylkje Goïnga krigen. De oare fjouwer binne publisearre yn maaie, juny en oktober 2001 en yn febrewaarje 2002. - Red.)