Tegels
Meinou P.
Yn it nije moanneblêd dat út Trotwaer fuortkomme sil, mei heechút 25 persint fan de bijdragen yn it Hollânsk wêze. Dat is in eask fan de Provinsje, dy't yn de subsydzje foarsjocht.
By in meiwurkersgearkomste oer de ynhâld fan ‘Nij Trotwaar’ gong de diskusje dêr fansels ek oer. Ik wist pas letter, by it slokje efterôf, hoe't ik deroer tinke moast. Earst fûn ik it te gek om kwalitatyf goede stikken yn it Nederlânsk oer typysk Fryske ûnderwerpen te wegerjen of om se oer te setten. As publisisten geregeld yn de twadde provinsjetaal skriuwe, soenen se der op wiisd wurde kinne dat der mooglikheden binne om jin dy earste eigen te meitsjen. Der moast mar wat linich mei omgongen wurde.
Mar de fûle tsjinstanners, dy't hielendal gjin Nederlânsk tolerearje woenen, wienen neffens my ek wol sympatyk oan 'e gong. Want yn datsoarte fan mieningsferskillen docht ús heit ek altyd mei yn myn efterholle, en dy soe my op it sêftst sein mar lefhertich fûn hawwe mei myn ‘linich’.
Doe't letter dus noch wat minsken hingjen bleauwen, kaam ik yn 'e kunde mei Coen Peppelenbos, redakteur fan Tzum. Wy hawwe dêr ek in abonnemint op. It is ús oansmard doe't Frysk en Frij ophold te bestean. It waard presintearre as soe it in soarte fan fuortsetting dêrfan wurde. Mar dat waard it net. It is gewoan in Hollânsktalich literêr blêd. En wy lêze De Gids, De Revisor en Hollands Maandblad ek al. Dêr hoegde echt net noch ien by. En alle kearen as de rekken komt, hawwe wy wer fergetten om it op te sizzen.
Ik frege Peppelenbos oft se wolris Fryske bydragen opnamen. ‘Jawel’, sei hy, ‘als we tenminste iemand kunnen vinden die een vertaling kan maken. Wij zijn een Hollandstalig blad.’
No, ús heit kin wer grutsk op my wêze, dêr op syn wolkje. Ik wol dat der noait wer in wurd Hollânsk yn Trotwaer of ‘Nij Trotwaar’ komt te stean! Wy binne in Frysktalich tydskrift!
Foar hokker doel soenen minsken ree wêze om Frysk te learen? Om yn in moanneblêd mei noch gjin fiifhûndert abonnees skriuwe te kinnen? Dat komt foar, mar sokken binne op ien hân te tellen.
As se in hege posysje krije kinne? Kommissaris fan de Keninginne bygelyks? Dan binne se ree om te ûnthjitten dat se lessen nimme sille, dogge dat ek, privee noch wol, mar litte dêrnei harren juf sitte sûnder de muoite te nimmen ôf te sizzen. Yn it geunstichste gefal leare se ien wurd, ien écht Frysk wurd, sprekke dat in kear yn 't iepenbier út en wurde dêrmei ferneamd. In wurd dat ik amper út de kompjûter krije kin, krekt: bjusterbaarlik.
Nee, in haadrol yn it provinsjebestjoer spylje is ek al net in reden om jin yn te spannen de taal fan de figuranten yn dy provinsje yn 'e macht te krijen. Dan moat der noch wol wat oars barre! Hawwe jimme it wol lêzen?.... Wiegel leert Fries voor rol in film.... Yn hokker film mei dat dan wol net wêze? Juist ja, in de Friese film ‘De Kameleon’, in de rol van.... burgemeester.