| |
| |
| |
It oeuvre fan Berber van der Geest
Libbenslang swier fan har eigen bernetiid
Babs Gezelle Meerburg
Berber van der Geest (1938) is ein jierren sechstich begûn as dichteresse foar folwoeksenen en hat har letter ûntjûn as skriuwster fan proaza en poëzy foar bern. It falt op dat fantasy yn it lettere proaza foar bern ien fan de wichtichste yngrediïnten is, wylst dy yn har fersen foar folwoeksenen mar in beskieden rol liket te spyljen. Hoe ferhâldt him ynhâldlik, kwa foarm en kwalitatyf, it wurk foar folwoeksenen mei dat foar bern? En mei nei oanlieding fan de resepsje fan dit oeuvre: hoe froulik is it wurk fan Berber van der Geest?
dit en dat oar
leit achter myn eigen antlit
bylden ûntstean en sykje in wei
ta wrâlds totale omearming
Dit fers fan Berber van der Geest út har bondel En ik bin gien... (41) foarmet in gaadlike yngong ta har beskieden oeuvre. Op in dichterlike manier drukt hja út wat hja wol mei har poëzy: it werjaan fan in poëtyske werklikheid achter de waarnimbere realiteit. Yn in fraachpetear typearret hja har eigen wurk sa: ‘De gedichten en de fersen dy't ik skreaun haw, bitsjutte net mear as in werjaen fan feiten en tastannen, mei in krekte sfear der dan troch my oan tafoege. Romten (leechte(s) - folte(s), bigripe - net bigripe) dy't der tusken de minsken sweevje, boeije my tige en hawwe myn omtinken. Foaral as ik der dan sels tichteby betrutsen bin, is dit de grounslach fan in fers.’
| |
De genen
In keunstsinnige libbenshâlding sit Berber van der Geest yn de genen, soe men úthâlde kinne. Se is berne yn Ljouwert op 19 febrewaris 1938, as dochter fan Theo van der Geest en Fetsje Walta. Har mem komt út in artistike famylje: har heit is de keunstskilder Jaring Walta, wylst dy syn frou Berber Rypma besibbe is oan de skilder/dichter Gerben Rypma.
Yn har bernejierren is Berber gauris by de famylje yn Wytgaard. Pake Jaring hat mei syn wurk en syn ferhalen in protte foar har betsjutten. Yn in fraachpetear út 1989 seit se dêroer: ‘Us pake, Jaring Walta, koe hiel goed skilderje en eins ek hiel goed skriuwe. Hy hat dêr nea in oplieding ta hân. Mar hy koe kostlike brieven skriuwe, hiel oars as de oaren yn dy tiid. It wie in genot as der in brief fan him kaam. As't sa'n brief sietst te lêzen, wie it krekt as er der by siet. Hy hie ek fan dy gekke ynfallen. Sa skreau hy ris op in tabakspûde fan Hearebaai in brief, die dêr in postsegel op en
| |
| |
ferstjoerde dy. Dat fûn ik skitterend. Hy siet fol fantasy, mar dat is der net foldwaande útkommen.’
Doe't Berber van der Geest fan de ulo kaam, woe se graach nei de tekenakademy ta, mar omdat jo dêr de kost letter net mei fertsjinje koene, wurke se trije jier op kantoar by it gak en de fbto. Omdat se op 'en duer dochs wol graach it ûnderwiis yn woe, begûn hja oan de oplieding foar beukerliedster. Hja waard haadliedster oan de Ljouwerter beukerskoalle Marije hof en nei de ynfiering fan de basisskoalle learares oan de katolike Thomasskoalle. Njonken it wurk oan skoalle hat hja akten foar tekenjen en foar Frysk helle.
| |
Wurk en resepsje
Berber van der Geest debutearre as dichteresse yn de Ljouwerter Krante mei in fers oer de âlde roomske tsjerke fan Wytgaard. Letter folgen fersen en proaza yn it jongereinnûmer fan De Tsjerne (1967), De Strikel, Sonde, Trotwaer, de Skriuwerskalinder, Operaasje Fers, Frysk en Frij en oare tydskriften. Har earste dichtbondel, Der binne fan dy dingen, kaam yn 1975 út. Trije jier letter ferskynde Dei en wei yn gearwurking mei fotograaf Paul Janssen en fotomodel Jantsje Noordermeer. Yn 1976 kaam in boekje mei acht miniferhalen út ûnder de titel Frjemd alderfrjemdst. De dichtbondel En ik bin gien... seach it ljocht yn 1982, doe't ek Deidreamerijkes ferskynde, in boekje mei aforismen dat hja sels yllustrearre. Ek har earste berneboek, It âld kammenet (1983), yllustrearre hja sels. It twadde, De hânskrobbers (1985), waard fersjoen fan tekeningen troch har âldlearlingen fan har beukerskoalle. Foar har beide lêste berneboeken, Bartele Bûse (1988) en De Kilekanen (1994) hat Laura Lava de tekeningen makke.
Yn gearwurking mei ûnderskate musisy en
Berber van der Geest yn 1975, it jier dat har earste dichtbondel útkaam. (foto Paul Janssen/argyf flmd)
teaterminsken hat Berber van der Geest frijwat lietteksten en toanielwurk makke. In foarbyld dêrfan is it programma Sjoch, sjoch oars rekkest der by troch (1971), dat op de wurklist fan Roel Slofstra en Jeltsje Das stie en dêr't Jan Slofstra de muzyk foar skreau. Op ferskillende lp's fan Roel Slofstra, Irolt, Jarje en Joop Veenstra waarden har teksten útfierd.
Oer it algemien hawwe de resinsinten it wurk fan Berber van der Geest frij posityf ûntfongen. Yn de kritiken wurde gauris deselde
| |
| |
sterke en minder sterke punten fan it oeuvre neamd.
Iere kritiken binne dy fan Tineke Steenmeijer en Tiny Mulder op it dichterlik debút Der binne fan dy dingen mei poëzy út de perioade 1967 oant 1974. Steenmeijer koe it dichtwurk al út de skouboarch en skriuwt dat de fersen ek sûnder beljochting, muzyk en dramatyske ekspressy ta har rjocht komme. Se is rekke troch de poëtyske krêft fan de fersen yn de aparte bylden, it muzikale ritme en it plastyske wurdgebrûk. Se neamt it tige froulike fersen, dy't yn it foarste plak dichterlik binne. Neffens Tiny Mulder is dit poëzy om fan te hâlden, want kwa kwaliteit kin Berber van der Geest har mjitte mei Rixt.
Krityske lûden binne der ek. Se komme, sa't it liket, foaral fan manlike resinsinten. Ko Pop seit foar de rono-mikrofoan dat de fersen hiel tagonklik, mar soms te retoarysk en neatsizzend binne. Tsjêbbe Hettinga giet yn op de ûnmacht fan de dichteresse, want se set neffens him net altiten goed op papier wat se útdrukke wol. Willem Abma makket opmerkingen oer de wolris wat nonsjalante foarm. Henk Dragstra fynt it yn syn Trotwaer-besprek fan Dei en wei nedich om yn te gean op de uterlike ferskining fan Berber van der Geest yn pleats fan op de dichtbondel. Sybe Krol neamt as grutste minpunt fan Ik bin gien... it feit dat werklikheid net ferbylde wurdt, mar allinne beskreaun en bekommentariearre.
Jelma Knol giet yn har essay oer Fryske dichteressen Ut syn aerd wei froulik (1993) wiidweidich yn op de resepsje fan it wurk fan Berber van der Geest en jout dêr kommentaar by. Foar Knol bliuwt de kearn fan har gedichten oerein, want se hawwe in fin mear as in bears troch de filosofyske ynslach, it stribjen nei abstraksje, de plastisiteit fan de bylden en de wurdkar. Hja stelt de nijsgjirrige fraach oft wy hjir te krijen hawwe mei spesifyk froulike poëzy.
Berber van der Geest har berneboeken krije - oars as har wurk foar folwoeksenen - sûnder útsûndering positive besprekken. Nêst de kreaze fersoarging wurdt it delsetten fan in wrâld fol ferbylding, dream en yllúzje, dy't achter de waarnimbere realiteit ferskûle sit, prizige. Knap wurdt it ritmysk taalgebrûk fûn lykas ek de hjoeddeistige beskriuwing fan fleurige mar ek fertrietlike saken yn in bernelibben.
Foar har beide lêste berneboeken is Berber van der Geest ûnderskieden mei de Simke Kloostermanpriis foar berneliteratuer (Bartele Bûse yn 1989 en De Kilekanen yn 1995). Dêrnjonken hat hja in Rely Jorritsma-priis, twa Provinsjale Toanielprizen en in Premio Europea di Litteratura Giovanile (in Italiaanske ûnderskieding foar berneboekeskriuwers) ûntfongen.
| |
Fiksaasje fan it ferline
Foar folwoeksenen hat Berber van der Geest fjouwer dichtbondels útjûn, dy't meiinoar in konsistint gehiel foarmje. Deselde ûnderwerpen komme hieltiten werom en de foarm is altiten los. Sintraal tema troch de tiden hinne is hieltyd wer de spanning tusken ienheid en tebrutsenheid. Ienheid wie der yn de bernetiid yn it âlde doarp. Yn it fers ‘doarp’ (En ik bin gien..., 32) is it ‘ik’ in fanselssprekkendheid:
hjir rinne de oeren trochinoar hinne
mei de bellen yn d'earen en de jas los oan
de hûzen slommerje as ligusterhagen
en achter de finsters it folk
kypjend oer de brul - wa 's dat?
| |
| |
De bernetiid, it âlde doarp slút as in skûlliif om it dichterlik ‘ik’ hinne. It fers ‘berte’ (En ik bin gien..., 6) ferwiist nei de paradyslike tastân yn ‘it hôf fol geniet’, it hôf fan Eden. As yn in fers sa'n byld brûkt wurdt, witte jo dat der in ferdriuwing út it paradys op hannen is en der fertriet, eangst en pine yn it minskelibben komt. Praat is dêrom fan in ‘hertstochtlik gûlen’.
en yn har skurte boartsje wy
net wittend dat fan bûtenôf
't is it ljocht dat wankt
wie 't net dat wy op slach
Nei de ferdriuwing út it paradys ferskynt der nêst it fanselssprekkende ‘ik’ in twadde ‘ik’. De minske wurdt him fan himsels bewust. Dat hat positive en negative kanten. Yn in literatuerpsychologyske ynterpretaasje soe men prate fan de ûntwikkeling fan in Über Ich nêst it Ich. Berber van der Geest neamt dit Über Ich yn Der binne fan dy dingen (44) har ‘twadde ik’. Yn it koarte ferhaal ‘Der is mear yn 'e himel en op ierde’ ( Frjemd alderfrjemdst, 10) wrakselet it ‘ik’ mei in ‘twadde ik’, krekt as it Ich altiten út wêze sil mei it Über Ich: ‘Ast foar dom fersliten wurdt by it libben, is dêr dyn twadde ik dy't dy oanfollet. Yn dit twadde
Berber van der Geest yn aksje by it fyftjinjierrich bestean fan Operaesje Fers yn 1983 (foto lc/argyf flmd)
ik wurdt alles korrigearre.’ Yn it fers ‘tún fan jeugd’ ( En ik bin gien, 7) wurdt dit proses fan bewustwurding foarmjûn.
te boartsjen yn it tún fan dyn jeugd
de gerzen raaiemaaie ûnder dyn fuotten
| |
| |
It twadde ‘ik’ is berne. Tenei heart it dichterlik ‘ik’ by de grutte-minske-wrâld en ferstiet hja allinne noch de taal fan folwoeksenen. Se moat skipperje tusken Über Ich - de noarmen, it gewisse - en it Unter Ich - har eigen egoïstyske driftlibben, dêr't se earder ‘gewoan ikke’ wie (En ik bin gien..., 14):
ik
myn opperhûd dûnset springsonates
myn ûnderhûd in danse-macabre
en tusken opper-ûnderhûd sit ik
'k moat ienris dochs de útwei fine
Yn de fersen oer leafde, stêd en dea krijt it twadde ‘ik’ stâl. Dy twadde ‘ik’ hat leaf, mar rekket dy leafde kwyt. De leafde liket idyllysk, mar kin yn dit oeuvre nearne oan de ferwachtingen foldwaan. ‘Wat is leafde?’ freget Berber van der Geest har ôf yn Deidreamerijkes. ‘De piniging fan it elkoar nea folslein moetsjen?’ is it tryste antwurd. Yn it ‘foarby’ (Der binne fan dy dingen, 42/43) dichtet hja:
doe kaem in dei hwerop in hou foel
dou skilderst my in loftkastiel
It folwoeksen ‘ik’ is soms tige ûnwennich nei it doarp fan har bernejierren, mar wit dat dy tiid nea wer weromkomt yn ‘wanwennigens’ (En ik bin gien..., 28):
âlde bekenden op it tsjerkhôf lein
myn bernejierren binne wei
De iennichste manier om dit probleem op te lossen en wat ferlern is fêst te hâlden is it skriuwen. De dichteresse realisearret har hiel goed de betreklikens dêrfan. Dat gefoel beskriuwt hja yn it titelfers ‘der binne fan dy dingen’, dat troch Alex Riemersma wiidweidich ynterpretearre is (Trotwaer 1976-6). It tema fan de (ûn)macht fan it wurd, fan de pinne, komt yn dit wurk gauris werom.
fier op in ôfstân biwege se
en by eltse stap hwat tichterby
It perspektyf fan it bern jout de mooglikheid om oare werklikheden waar te nimmen, oare talen te ferstean: ‘Bern sitte hiel ticht by it hiele, it folsleine’, seit Berber van der Geest (Frysk en Frij, augustus 1991) en yn Deidreamerijkes seit hja it sa: ‘Libbenslang sil ik swier
| |
| |
Berber van der Geest nei it útrikken fan de spjelde fan de Berneboekesjuery foar Bartele Bûse (1993). Op de foargrûn ek Wobbe Zwart en Tamara Schoppert, dy't yn De lytse seemearmin spilen. (foto fd/argyf flmd)
wêze fan it bern dat ik yn my draach.’ Foar de wrâld fan ferbylding hoecht men net fier te reizgjen: ‘Dy wrâld leit yn dyn tún. Op in fjouwerkante meter sjochst fan alles krûpen en bewegen.’ ( Friesland Post, oktober 1995) Yn Dei en wei dichtet hja:
bern
en 'k hâldt it op myn hichte
| |
Berneboeken
Fan 1985 ôf publisearret Berber van der Geest berneboeken. Earder eksperimintearre se mei fersen en ferhalen foar bern yn De Strikel.
Wichtichste skaaimerk fan har berneboeken liket my dat hja op realistysk wize de wrâld sketst fan hjoeddeiske bern. De taal dy't de bern prate, wat se ûndernimme en hoe't se mei har âlden omgeane, is natuerlik en fan alle dagen. Dat bernelibben is likemin as it ‘echte’ libben altyd idyllysk of harmonieus. Bysûnder is dat de bern meinommen wurde troch de wrâld fan dream en fantasy, dêr't allinne bern (en inkelde ‘bernlike’ folwoekse- | |
| |
nen) tagong ta hawwe. Bern leare sa de oare, ûnbekende en hast mystike kant fan foarwerpen kennen.
De hânskrobbers (1985) wenje yn de Hânskrobbersstrjitte. Der wenje sa'n fyftjin bern dy't alderhande aventoeren belibje. Der komt in nije jonge yn de strjitte te wenjen, ien is oan it beltsjelûken, in beuker is te fier fan hûs rûn.
It âlde kammenet (1983) kin sjoen wurde as in foarstúdzje foar Bartele Bûse (1988). Yn beide boeken foarmet in objet trouvé de oanlieding foar in ferhaal. Bartele Bûse giet oer in jonkje fan hast acht jier. Syn heit en mem neame him Bartele Bûse, om't er altyd mei de hannen yn 'e broeksbûse rint en dêr wat yn bewarret. De roman is basearre op in jonkje fan de Sint Thomasskoalle, dat alle dagen de klasse ynkaam mei de meidieling: ‘Ik heb iets héél, héél bijzonders gevonden.’ Dat wie dan in stien, in skulp, in fearke, in bistke. Yn it boek wurdt it ferhaal ferteld fan dy foarwerpen. Der is yn it ferhaal in keunstskilder en foar him hat Berber van der Geest har eigen pake Jaring Walta model stien. It boek is bedoeld foar bern fan groep 2 fan de basisskoalle ôf.
De Kilekanen (1994) giet oer it tige moedige famke Kinke. Se giet yn neare nacht nei de Aldwyfke-pôle ta om har biologyboek op te heljen. ‘Pas op foar de kilekanen, famke!’ ropt Ponne har achternei. ‘Dy besteane net,’ ropt Kinke, mar se krijt gjin gelyk. Yn it ljocht fan de bûslampoe steane tsien swarte mantsjes. Se gripe Kinke en besykje har bang te meitsjen. Troch in trúk komt se frij.
| |
De fantasy
Sûnt Berber van der Geest berneboeke-auteur is, skriuwt se net mear foar folwoeksenen. Yn in fraachpetear mei Jelma Knol yn Ut syn aerd wei froulik seit hja dêroer: ‘It poëtyske gefoel is der noch altiten. Mar ik bin wolris bang dat ik my begjin te herheljen. By guon gedichten tink ik soms: “Ha ik dit net earder en better ûnder wurden brocht?” Dus dan is it ferstannich om even ôfstân te nimmen fan it dichtwurk. Der lizze noch in stikmannich koarte tinzen. Miskien dat dy nochris publisearre wurde. Ja, ik hoopje al werris te dichtsjen. Mar de lêste jierren bin ik fansels benammen mei myn berneboeken dwaande.’
Berber van der Geest har niget oan it skriuwen fan berneboeken soe ferklearre wurde kinne út it feit dat it perspektyf fan in bern har de mooglikheid jout om even yn har bernejierren te ferkearen, de taal fan bern te ferstean, mei harsels yn harmony te libjen. De fantasy dy't yn de poëzy foar folwoeksenen hast hielendal ûntbrekt, is yn de berneboeken in sterke komponint. Opfallend is dat yn it proaza foar folwoeksenen fantasy wol in wichtige rol spilet. Yn Frjemd alderfrjemdst, acht miniferhalen (1976), binne guon sels bizar te neamen. En dat is ek it gefal yn har nijere koarte ferhalen yn de simmer- en winterbondels útjûn by de Friese Pers (1997 en 2000). De berneliteratuer is dus in fuortsetting fan it proaza foar folwoeksenen en minder fan de poëzy.
It liket my net wierskynlik dat Berber van der Geest nochris wer in fersebondel útbringe sil foar folwoeksen lêzers. Hja hat har yn har proaza en yn har berneliteratuer fierder ûntwikkele. It meitsjen fan folwoeksenen-poëzy soe in tebekfal yn har ûntjouwing as skriuwster betsjutte.
| |
Das ewig Weibliche
Is de poëzy fan Berber van der Geest spesifyk froulik? Dat is ien fan de fragen, dêr't Jelma Knol har essay Ut syn aerd wei froulik mei ôfslút. Yn dat ferbân binne netwurkaspekten tige fan belang, sa docht út it sifermateriaal bliken. Froulju brûke faak oare poadia as
| |
| |
manlju, se korrespondearje mei kollega's en sitte yn lês- en skriuwclubs. Se leverje folle minder tydskriftkebydragen en hawwe minder faak in sit yn tydskriftredaksjes as manlju. Se sitte likemin yn sjuery's en winne net faak in literêre priis.
Froulike auteurs steane faak net yn hânboeken. Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof wije yn har Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (1972) wol in alinea oan Berber van der Geest, mar freegje hat ta beslút al ôf oft ‘har lettere wurk’ - Dei en wei, Ik bin gien en Deidreamerijkes - as poëzy oanmurken wurde mei (149). ‘Wiere poëzy’ foldocht blykber oan easken dy't foar elk dúdlik binne. Dat dizze hânboekskriuwers har net bewust lykje te wêzen fan har eigen noarmen en dêrtroch beskate foarmen fan poëzy bûtenslute is opmerklik, mar komt dus faker foar.
Net allinne wat de netwurkaspekten oangiet, ek oare skaaimerken fan dit oeuvre soene jo foarsjen kinne fan it predikaat ‘froulik’. Wat ‘froulike’ of ‘manlike’ literatuer is, is fansels net foar elkenien itselde. In yngong ta it definiearjen dêrfan is resepsje-ûndersyk. Ien elemint dat kritiken op wurk fan froulju faak weromkomt - ek yn dy op de boeken fan Berber van der Geest - is dat literêr wurk fan in frou per definysje realistyske keunst wêze soe. Erica van Boven skriuwt dêroer yn har dissertaasje Een hoofdstuk apart. ‘Vrouwenromans’ in de literaire kritiek 1898-1930 (1992) en Maaike Meijer yn De lust tot lezen (1988).
Erica van Boven ferklearret dy typearring út it foaroardiel wei dat realisme it bêste past by it aard fan froulju: har passiviteit en har ûnfermogen om oarspronklik te wêzen soene harren derta driuwe om de deistige werklikheid te kopiearjen. De ûnderwerpen dêr't froulju faak oer skriuwe - húslikheid, leafde, emoasjes - bringe kritisy net yn ferbân mei har wize fan libjen, mar mei ‘das ewig Weibliche’, dat der ek ferantwurdlik foar is dat se har rjochtsje op de ynhâld en net op de foarm fan poëzy (259). Dizze ideologysk-psychologyske omskriuwing fan ‘froulikheid’ is fan tapassing op in grut part fan de krityk op it wurk fan Berber van der Geest.
Boekepublikaasjes fan Berber van der Geest
Der binne fan dy dingen..... Bosch & Keuning, Baarn 1975, 2e printinge 1980.
Frjemd alderfrjemdst. Moanneblêd De Strikel, tajefte 1 (1976).
Dei en wei. De Tille, Ljouwert 1978.
En ik bin gien... Bosch & Keuning/De Tille, Baarn/Ljouwert 1982.
Deidreamerijkes. Bosch & Keuning, Baarn 1982.
It âld kammenet. Bosch & Keuning/De Tille, Baarn/Ljouwert 1983.
De hânskrobbers. Bosch & Keuning/De Tille, Baarn/Ljouwert 1985.
Bartele Bûse. A.J. Osinga Uitgeverij, Drachten/Ljouwert 1988, 2e printinge 1990.
Bartele Broekzak. Friese Pers Boekerij, Drachten/Ljouwert 1991 (oersetting fan de skriuwster).
De Kilekanen. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 1994, 2e printinge 1994.
It oeuvre fan Berber van der Geest foar folwoeksenen kin men út de resepsje wei, kwa ynhâld en foarm typearje as seksespesifyk en ‘froulik’. Alhoewol't guon fersen en ferhalen my oansprekke, is it nei myn smaak te algemien minsklik om ècht nijsgjirrich te wêzen. Har boeken foar jonge bern binne dat perfoarst wol. Ut de romte - de ‘keamer foar harsels’ à la Virginia Woolf - dy't hja dêrmei kreëarre hat, klinkt nammentlik in ‘froulike’ stim dy't werkenber en typysk genôch is om in eigen lûd te foarmjen.
|
|