Trotwaer. Jaargang 34(2002)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 278] [p. 278] Marije Roorda Bertedei Op har jierdei struide de wyn konfetty oer sarken en sânpaden. Wy rûnen beammen foarby fersierd mei slingertûken. Wolken songen en de loft klapte yn 'e hannen doe't wy de feestferljochting seagen yn spotlights fan de hjerst. Wy kroaden grûn, planten winterfêst guod foar har duorsume dea. Wy wosken har byltenis mei sachte sjippe. Skom glied lâns ieren fan stien. Undertusken frege se hoe't it thús wie, prate sy en stiene wy by al har fragen stil. [pagina 279] [p. 279] wjerfarre ûnbehindere rûn ik fêst op dyn ûndjipte gjin weet hie 'k fan it fiemen yn ús farwetter wy betonnen ús breklikheid mei ljochtbeakens body-painten ús geheimen yn djiptelinen learden elkoar de miswizings fan eigen koers Vorige Volgende