Trotwaer. Jaargang 34
(2002)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 267]
| |
Medea
| |
[pagina 268]
| |
't Wie in prachtige tiid fan ús foarfaars alear
doe't bedroch in begryp wie dêr't nimmen fan wist;
elk bleau ticht by syn kust, ûndernaam fierder neat,
en waard âld op 't stik lân dat syn heit sines wie,
mei in bytsje al ryk, en men koe gjin besit
as wat 't eigen stik grûn immen opsmiten hie.
't Wie goed regele sa mei dy opdielde wrâld,
mar 't Thessalyske skip makke alles ferbûn;
syn befel liet it wiet rake klappenGa naar eind4. trochstean
en de see waard ynstee fan apart elemint
no in part fan ús eangst.
Foar syn euvele die waard dat skip swier bestraft
op syn nuodlike tocht fan gefaar nei gefaar,
doe't twa bergenGa naar eind5. hookstrooks, as in slûs fan it djip,
mei in geweldige gong tsjin inoarren oanklapt,
in lawaai makken skel as de tonger syn lûd
en de see tuskenyn sels de stjerren bespatte
en de wolken derby.
Doe ferblikke Tiphys, al hoe dryst as er wie,
alle leien dy't er hie liet er slûpe út syn hân,
sjonger Orpheus hold op en syn liere lei stil,
sels de Argo wie 't lûd fan syn stimmeGa naar eind6. doe kwyt.
Fierder ek noch dy kear by Sisylje syn kaap,
doe't dy frjemde jongfaamGa naar eind7., dûme hûnen om har liif,
al dy bekken fan har tagelyk iependie.
Wa rûn der doe gjin kâlde ril oer de lea,
doe't it byljen sa faak út ien meunster wei kaam?
Fierder ek noch dy kear op de Ausonyske see,
doe't ferrekt frouljusfolkGa naar eind8. mei har sjongsume stimm'
alle weagen kalmearre en doe't Orpheus mei 't lûd
fan syn sitermuzyk
de Sirene hast twong om mei hím mei te gean,
wylst se oars mei har sang sels de skippen fêsthold.
Wat hat einliks de priis west dy't dizze reis brocht?
Foarst it goudene flues,
twad Medea, in kweaGa naar eind9. grutter noch as de see,
sûnder mis in fertsjinst dy't by 't earste skip past.
| |
[pagina 269]
| |
Hjoed de deiGa naar eind10. is 't al sa dat de see 't oerjûn hat
en ús wetten ferneart:
dat romroftige skip, boud troch Pallas har hân
en fan keningen roeid, om dy Argo wurdt no
net mear socht foar sa'n reis -
ider boatsje dwaalt om oer it djip fan de see.
Elke grinsstien is fuort en guon stêden ha al
nije muorren opboud yn in hiel oar gebiet,
iepenlein waard de wrâld en liet neat op it plak
dêr't it eartiids west hie:
wa't út India komt drinkt de kâlde AraxesGa naar eind11.,
by de Elbe en de Ryn fine Perzen har stee -
der komt ienris in ieu mei 't ferrin fan de tiid
dan sil Oceanus wrâld syn boeiens losdwaan
en wurdt dúdlik hoe grut oft de ierdboaiem is,
dan bringt Tethys, syn frou, nije wrâlden oan 't ljocht
en leit ThuleGa naar eind12. net mear oan de uterste ein.
|
|