Trotwaer. Jaargang 34(2002)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 266] [p. 266] Tsjits Peanstra In memoriam Freark Dam Ien fan de san fan ‘fjouwer en tweintich’ dy't sangen songen yn de fryske taal, idealisten, striders, of domwei boarters mei gedachten en mei wurden? Gjin freonen, mar wier wol goede maten omdat elk dochs oan elk besibbe wie; it wrakseljen koe mei de rigels, as in meidij de ynspiraasje miste. Hjoed leit der oer it fjild in feale glâns, ien wiffe fûgel skeart de kym bijlâns. Vorige Volgende